Wat docht de Fryske Rie?

De Fryske Rie is in stifting, dy’t nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân yn Dútslân. Dat oparbeidzjen hat op 11 septimber 1998 mei de oprjochting fan de Ynterfryske Rie e.V. in nije grûnslach krigen. De Ynterfryske Rie beskikt oer in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ‘e regel jierren yn ‘t foar fêststeld. Sa hat de Fryske Rie tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:

• It Ynterfrysk Kongres, dat sûnt 1925 plakfynt en sûnt de fyftiger jierren ien kear yn ‘e trije jier holden wurdt, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen. Yn septimber 2003 wie it kongres ‘Gastfrij Fryslân’ yn Ljouwert en yn maaie 2006 wie it kongres ‘Iepen Doarren’ yn Leck (Noard-Fryslân).

• It Friesen-droapen (foarhinne de ‘Sternfahrt der Friesen’) op Helgolân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris de trije jier. Dit barren fan Noard-, East- en Westerlauwerske Friezen op Helgolân is en wurdt holden foar in breed publyk út de trije Fryslannen.

• De reguliere moetingen fan de beropsgroepen dy’t yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, ôfwikseljend yn de trije Fryslannen. Yn septimber ’06 hat der in frouljusmoeting west yn East-Fryslân, yn 2008 sil dat yn Noard-Fryslân wêze. Yn Westerlauwersk Fryslân waard yn oktober ’06 in bestjoerdersmoeting organisearre (yn 2008 yn Noard-Fryslân), elts jier yn febrewaris  is der in boeremoeting (yn 2010 foar de 50ste kear!) en der binne ek plannen ta it hâlden fan in moeting foar jonge agrariërs, foar pastores en foar wurkjenden yn it pjutteboarterswurk en ûnderbou basisûnderwiis.

De Stichting Fryske Rie is sûnt 1 jannewaris 2008 in saneamde ANBI, in “Algemeen Nut Beogende Instelling”, basearre op artikel 6.33 Wet Inkomstenbelasting 2001. Dat betsjut dat jo in jefte  oan ús stifting yn prinsipe ôflûke kinne fan de ynkomstenbelesting. Sjoch www.belastingdienst.nl. In legaat is ek mûglik, mar dat moat fia in notaris.

Us bankrekkennûmer is NL51 RABO  01037 44 711, op namme fan Fryske Rie te Ljouwert.