Weryndielingsproblematyk

Doarpsbestjoeren

 

By de gearkomste mei Dútske bestjoerders yn it ramt fan de Fryske Rie-moeting op 13 oktober 2006 yn it gemeentehûs fan Littenseradiel kaam it ûnderwerp ‘doarpsbestjoeren' op it aljemint. Dat fanwegens de struktuer fan de ´Sammtgemeinde´ yn Noard-Fryslân en de weryndielingsplannen yn Fryslân. De fraach wie oft der yn Fryslân ek doarpsbestjoeren wiene en wat harren foech wie. Wy sette dat yn in histoarysk ramt.

 

1. Doarpsbestjoeren yn de gritenijtiid (oant 1851)

M.P. van Buijtenen seit oer de doarpsbestjoeren oant 1851 yn syn ‘De grietenij Idaarderadeel' (Dokkum, 1947): ‘Reeds uit deze overeenkomst is te zien dat grietenij en dorp als gelijkwaardige partners optreden' (s. 81). It giet dan om oerienkomsten yn Haskerlân. Van Buijtenen makket mei in stikmannich foarbylden, ek fan oare gritenijen, oannimlik dat de doarpsfolmachten, dy't troch de grûneigeners keazen binne, selsstannich oerienkomsten slute, jild liene en jild ynbarre kinne. De doarpsfolmachten litte de wegen, brêgen en fearten ûnderhâlde en ûnderhâlde ek de earmen.

 

Ynkomsten komme út in belesting op persoanen (de ‘hoofdelijke omslag'), op de merken en fan ferhierings. Dêr wurdt in aparte boekhâlding fan byholden en de doarpsfolmachten komme gear yn de doarpen yn in eigen of yn in ôfhierde romte. De administraasje fan de earmen stiet op himsels. Dêr binne aparte folmachten foar. De grytman bestjoert de gritenij tegearre mei de doarpsfolmachten.

 

Der kin dus sein wurde dat der oant 1851 neist de gritenijbestjoeren ek doarpsbestjoeren bestien hawwe mei eigen foech en administraasje.

 

2. Doarpsbestjoeren yn de gemeentetiid (nei 1851)

A.A.F. van Panhuijs seit oer de tiid nei 1851 yn syn ‘De landgemeente in Friesland' (Groningen, 1857): ‘Dorpen of Afdelingen kennen een eigen huishouding, maar geen op zich zelf staande lichamen. Ten opzichte van derden treedt de gemeente op' (s. 115). De basis dêrfoar is de Gemeentewet 1851, kêst 217: ‘In gemeenten wier afdeelingen of dorpen een afzonderlijk vermogen, afzonderlijk inkomsten of lasten hebben, kan dit onderscheid blijven bestaan' […]. De provinsje moat ‘het verband' tusken de gemeentlike en doarpshúshâlding regelje. Dat soks dien is, docht bliken út in beslút fan Deputearre Steaten (DS) fan 31 oktober 1854. Beskiedend foar it subsydzje fan de gemeente foar de doarpen is de ‘maatstaf van bevolking en behoefte'.

 

Van Panhuijs jout yn syn boek in oersjoch fan de ynkomsten en útjeften fan de doarpsadministraasjes. Dat is ek te finen yn it neamde DS-beslút fan 1854. Ynkomsten komme fan belestings op bygelyks hûnen en toanielfoarstellings, fan skoaljild, fan in ‘hoofdelijke omslag' (op persoanen), fan in subsydzje út de gemeentekas en út eigendommen lykas lân. Utjeften geane nei it ûnderhâlden fan gebouwen lykas skoallen, fearten en wegen, nei it ûnderhâlden fan de earmen, nei de kosten fan de skoalmaster en nei grûnlêsten en rinten.

 

Der binne net langer apart keazen folmachten foar de doarpen en der is net langer sprake fan in eigen doarpsadministraasje en fan aparte gearkomsteromten. Wol hâldt de gemeente in aparte administraasje by fan elts fan de doarpen èn fan de gemeente sels. Sa binne der eigen registers fan ynkomsten en útjeften, begruttings en rekkens fan de doarpen te finen yn gemeente-argiven. Wol beneamt de gemeenteried noch de ‘folmachten' foar de earmesoarch yn de gruttere doarpen. Dat wurdt no it ‘Burgerlijk Armbestuur' neamd. De tsjerke soarget foar de eigen earmen en fansels binne der in soad ferbannen tusken de beide ynstellings fan earmesoarch.

 

It Bilt hie in eigen struktuer. Dat komt fanwegens de spesifike eigendomsferhâlding fan de grûn. Oant 1863 wiene grûneigeners fan it âldste part fan ‘Het Bildt' ek oanspraaklik foar earmesoarch en oare folmachttaken.

 

Yn 1868 hiene neffens opjefte fan Van Panhuijs fan de 356 doarpen 324 in eigen finansjele administraasje. Nearne wie ‘het verband', dus de regeling fan de gemeente op it stik fan taken en jildmiddels foar de doarpen, gelyk. Dat hie te krijen mei it neamde útgongspunt ‘bevolking en behoefte'. Faaks ek mei de jildmiddels dy't de doarpen yn 1851 sels hiene.

 

Alhiel ferskillend wiene de ‘verband'-ôfspraken oer it ûnderwiis. Yn de measte gemeenten kamen de kosten alhiel of foar in part foar rekken fan de doarpen. Soms betellen de doarpen it traktemint fan de skoalmaster, lykas yn ‘Baarderadeel', en de gemeente de rest fan de kosten, lykas it skoalûnderhâld. Krekt oarsom kaam ek foar. De gemeente ‘Hennaarderadeel' betelle sels alle kosten foar it ûnderwiis.

 

Kêst 217 fan de Gemeentewet 1851 joech de doarpen it rjocht op eigen jildmiddels, binnen it bestjoerlik foech fan de gemeente. Dat brocht in diskusje op gong oft de gemeenten de ferplichting holden om alle jierren fêste útkearings te dwaan oan de doarpen. Dêr kaam ek de fraach by nei foaren oft de doarpen, lykas yn de gritenijtiid, njonken de gemeente stiene of derûnder.

 

Dat lêste wie nei 1851 it gefal. Nei 1900 is der gjin sprake mear fan it takennen fan eigen jildmiddels troch gemeenten oan doarpen en it administrearjen dêrfan.

 

3. De regeling fan de ‘Sammtgemeinde'

Van Panhuijs neamt de regeling fan it ‘Koninkrijk Hannover' fan 25 april 1859. Dy regeling trunet lytse gemeenten oan om harren foar de bestjoerlike saken te ferienigjen ta gruttere ‘Sammtgemeinde'. De lytse gemeente hâldt de útfierende taken en komt op foar de eigen belangen. De jildmiddels en fermogens wurde net ferplichte byinoar brocht. Der komt allinnich in nij fermogen foar de mienskiplike taken fan de ‘Sammtgemeinde'.

 

4. Konklúzje

Hjirboppe binne trije mooglikheden besjoen om yn gemeentelân in gruttere skaal te kombinearjen mei de needsaaklike direkte bân mei de doarpen en harren ynwenners. Foar in Fryske en mooglik Frysk-Grinzer oplossing, mei in eigen kêst yn de Gemeentewet (!), soe de (1) ‘Sammtgemeinde' ris wat fierder ûndersocht wurde moatte. De gritenijkonstruksje (2) liket fier fan de hjoeddeiske realiteit ôf te stean. De kêst 217-konstruksje út de Gemeentewet (3) kin faaks yn it hjoeddeiske wetlik ramt tapast wurde. Doarpen mei doarpsrieden krije dan in eigen begruttingspost. It foech bliuwt bij de gemeente. Dat soe ek fierder besjoen wurde moatte.    

       

Mei tank oan A. Tuinhout, gemeente Boarnsterhim, en D. Zwart, gemeente It Bilt.

 

Desimber 2006,

Jetze Dijkstra, Dielnimmer Sti. Fryske Rie 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Hilgel├ón – Hillige Lunn – Helgoland

Helgoland –  Hillige Lunn

Li Spreek!     It Frysk!
Sen deät bloot Würder wat wi gau ferdjit?  Binne it inkeld wurden, dy’t wy gau ferjitte?
Wear wi mooin ni mear wet ho deät hat hit?   Dêr’t wy ien dei letter, neat mear wat fan witte?
Es deät en Stek fan ii ooin Lewwen?  Kin men dêrfan hâlde, mei it hert en mei fjoer
Wat es dollung dearfan no blewwen?  Wêr is dy leafde keard, wat is dêr noch fan oer?
Wi smit ‘et wech as en ool Stek Papiir!   Wy fersmite it Frysk, as wie it âld papier!   
Wi teenk ni fiider-Wi lewwe blooat hiir. Wy libje hjir mar wat, wy tinke net safier!
 

 Oersetting: Joop Oostra

 

 

 

Helgoland: symboal fan romantyk, frede en moetingsplak

 ´Helgoland ist heute ein Leuchtfeuer des Friedens, der Versöhnung und der Freiheit im Weltmeer´. Bondskanselier Ludwig Erhard yn 1965.‘Gemeinsam ist uns das Volkstum, gemeinsam der Kampf gegen die Naturgewald der Nordsee, gemeinsam voor allem das Bewusstsein unserer Frieheit von den Niederlanden bis nach Dänemark’.Ut it Friesische Manifest fan 1955 (yn Aurich lêzen troch prof. dr. Jelle Brouwer). 

 As moetingsplak  fan Ingelsen en Dútsers in symboal fan frede. Mar ek moetingsplak fan Friezen, healwei de Fryske seelannen yn Noard- en West-Fryslân.

 Helgoland: de tiid yn Dútslân nei 1890, it âlde Helgoland

 Yn 1890 troch de Ingelsen ferruile mei Dútslân foar Zanzibar en in part fan Tanzania. Helgoland hâldt hjirby, oant hjoed de dei,  har âlde rjocht sels tol te heffen. It bliuwt de grutste ynkomsteboarne. It wie fierders in eilân fan fiskers en sterk opkommend  badtoerisme (1900: 15.000). Yn 1908 begjint de oanlis fan de marinehaven. Oant 1918 ta wurde froulju en bern stadichwei fuortstjoerd; mannen bliuwe as dwangarbeiders. Nei 1918 in goede tiid mei it toerisme. Nei 1933 oanlis nije sterke marinehaven, foar U-boaten. Hiel Helgoland is yn april 1945 platgoaid troch de RAF. Oefenterrein foar de Ingelsen oant 1952; alle Helgolanners wurde evakuearre nei de fêste wâl. It eilân wurdt yn 1952 wer Dúts en de ynwenners meie weromkomme. Nei de opbou wer in goede tiid troch it toerisme.    

 Helgoland, de Fryske kant

 Foar dit lytste Frysk taalgebiet, ferbûn mei de Fryske talen fan Amrum, Sylt en Föhr, binne in stavering opsteld en wurdlisten. Der binne skreaune teksten. De sprektaal hat de twa evakuaasjes oarlibbe. Literêre teksten binne opkommen yn en nei de twadde evakuaasje. Ferneamde strider foar de âlde rjochten fan Helgoland en syn taal is August Kuchlenz (stoar yn 1961). Bekend skriuwer fan en oer Helgoland is James Krüss.

 Helgoland, om fierder te lêzen

* Tresoar: trefwurd systematyske katalogus 11-399 jout 474 treffers, ek oer oare Noardfryske eilannen.

* H. van Lengen: Die Friesische Freiheit des Mittelalters, Aurich 2003. (Jout nij kompleet oersjoch.)

* Th. Steensen: Das grosse Nordfriesland-Buch, 2000. (Tresoar nr. E 8346 yn iepen kolleksje.)

* H.P. Rickmers: Helgoland 100 jahre Deutsch, 1990. (Tresoar nr. F 2064.)

* J. Krüss: Historie von der schönen Insel Helgoland, 1999. (Tresoar nr. C 39762.)

* De Tsjerne, 1952 nr. 4, bydrage Krüss.

* De Stim fan Fryslân, 1961 7 april oer Kuchlenz.

* De Pompeblêdden 2000, nr. 71, oer taal en eilân.

(alle tiidskriften by Tresoar yn de iepen kolleksje).

Foar de Fryske Rie                  26.01. 2007              Jetze Dijkstra