Programma boeremoeting 2008

Programma boeremoeting Noard-Fryslân 6 – 9 febrewaris 2008

Woansdei 6 febrewaris

17.00 oere      Ûntfangst, wolkom troch immen fan de distriktsried (Landrat) of Kreispräsident fan de krite Noard-Fryslân en yn  ‘e kunde komme mei de gastgesinnen.
                      Lokaasje: Grünes Zentrum, Bredstedt.

Tongersdei 7 febrewaris

8.30 oere        Mei it Strucklahnungshörn skip nei it eilân Pellworm: toer oer it eilân, besjen fan de tsjerke op it eilân, de fjoertoer en in Biogasynstallaasje.

17.30              Weromreis.

Freed 8 febrewaris

9.00 oere        Skipfeartmuseum  Husum en stedskuier.

                      Middeis op eigen gelegenheid of besite oan Fa. Gutbier/Husum, dêr't natuerlike kleurstoffen ferwurke wurde.

19.30              Slotjûn mei jûnsmiel en muzyk/dûns.
                       Lokaasje: Roten Haubarg.

Sneon 9 febrewaris

9.00 oere        Ofskied.
                      Lokaasje: Grünes Zentrum, Bredstedt.

Boeremoeting febrewaris 2008

 

Dielnimmers socht foar  48e boeremoeting/Bauerntreffen  Ynterfryske Rie, 6-9 febrewaris 2008

Fan woansdei 6 oant sneon 9 febrewaris '08 organisearret in wurkgroep út namme fan de Friesenrat Sektion Nord in útwikseling tusken boeren út it Dútske Noard- en Eastfryslân en boeren út ‘ús' saneamde Westerlauwersk Fryslân. De moeting wurdt diz' kear yn it Dútske Bredstedt, Noard-Fryslân, hâlden.

De Ynterfryske Rie beskikt oer in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ‘e regel  jierren yn ‘t foar fêststeld. De boeren binne de iennichste beropsgroep dy't alle jierren in moeting organisearje. De oare groepen, sa as bestjoerders, froulju en jongerein, komme yn ‘e regel ienris yn de twa jier byinoar, ôfwiksele yn ien fan de trije Fryslannen. Sadwaande sil de boeremoeting yn 2008 al foar de 48e kear hâlden wurde.

De wurkgroep út namme fan de Friesenrat Sektion Nord e.V. hat in nijsgjirrich programma gearstald. Sa is der in besite fêststeld oan in biogasynstallaasje op it eilân Pellworm en wurdt firma Gutbier yn Husum besocht. Dêr wurde kleurstoffen út ‘e natuer tapast yn û.o. farve.

Wa't nijsgjirrich wurden is, ek wol ris boeren út it Dútske Noard- en East-Fryslân moetsje wol en ûnderfinings mei harren útwikselje wol en dielnimme wol oan de boeremoeting kin kontakt opnimme mei de organisaasje (tel. 0517-412492 of tel. 0515-331404). It krekte programma is te finen op dizze hiemside, ûnder Kommendewei. Graach opjaan foar 14 jannewaris 2008.

De dielnimmers wurde by gastgesinnen ûnderbrocht.