2e Fryske Rie-jûn yn De Bres

"Wat moatte jim dochs mei dy Dútsers?"

Fryske gearwurking oer de grinzen hinne

Tongersdei 6 maart hâldt Stichting Fryske Rie jûns om 20.00 oere yn De Bres yn Ljouwert in temajûn. Ald-LC-sjoernalist Kerst Huisman behannelet it tema ‘Wat moatte jim dochs mei dy Dútsers', Fryske gearwurking oer de grinzen hinne. Ek al is de Twadde Wrâldkriich al mear as 50 jier foarby, dochs binne der noch guon, ek jongeren, dy't dy fraach stelle. Net as it om hannel giet en ek net by "Nederlân-Dútslan" (fuotbal), en Dútslân is Frankryk foarby as it giet om de populêrste fakansjebestimming fan Nederlanners, mar dochs ….

Fierders sil Jaap van der Bij fertelle oer de Fryslânreis fan de ‘Campinghoppers', in caravan-/camperreis om de oare Fryslannen wat better kennen te learen ûnder begelieding fan Hindrik ten Hoeve mei syn frou.

De hiele jûn is der rom gelegenheid foar it stellen fan fragen en de tagong is fergees.

Elk is wolkom op dizze 2e Fryske Rie-jûn op tongersdei 6 maart 2008 om 20.00 oere yn De Bres oan de Schoolstraat 4  yn Ljouwert (achter De Harmonie).

De Fryske Rie is in stichting dy't nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân yn Dútslân. De Rie beskikt oer in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ‘e regel  jierren yn ‘t foar fêststeld. Sa hat de Fryske Rie tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten: it Ynterfrysk Kongres, dat sûnt 1925 plakfynt en sûnt de fyftiger jierren ien kear yn 'e trije jier holden wurdt, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen. It Friesen-droapen (foarhinne de 'Sternfahrt der Friesen') op Hilgelân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris yn de trije jier. Dat barren fan Noard-, East- en Westerlauwerske Friezen is op Hilgelân en wurdt holden foar in breed publyk, út de trije Fryslannen. De reguliere moetings fan de beropsgroepen dy't yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, ôfwikseljend yn de trije Fryslannen.