Parseberjocht Fryske froulju treffe inoar yn 2008

 

PARSEBERJOCHT

 

Ljouwert, 21 maaie ‘08

 

Underwerp:                 Fryske froulju treffe inoar
dielnimsters socht foar frouljusmoeting 4-6 sept. ‘08

 

Yn septimber organisearret de Fryske Rie wer de twajierlikse Fryske frouljusmoeting. Us, saneamde Westerlauwerske, Fryske froulju binne diz’ kear tegearre mei de  Dútske Eastfryske Friezinnen te gast yn it Dútske Noard-Fryslân. Op it programma steane û.o. besiten oan de plakken Husum en Friedrichstadt. Fansels is der genôch romte foar it útwikseljen fan in breed ferskaat oan (Fryske) frouljussaken. De Fryske Rie bringt de dames fan 4 oant en mei 6 septimber ûnder by gastgesinnen. Oanmelding stiet frij foar elk, mar fol is fol.  Ynformaasje oer it krekte programma en oanmelding by Baukje Bosscha-Stapenséa, fia tel. 0566-650734 of e-post bosscha90@zonnet.nl

De Fryske Rie is in stifting, dy’t nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân. Dat oparbeidzjen hat op 11 septimber 1998 mei de oprjochting fan de Ynterfryske Rie e.V. in nije grûnslach krigen.

De Yntefryske Rie beskikt oer in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ‘e regel  jierren yn ‘t foar fêststeld. Sa hat de Fryske Rie tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:
v It Ynterfrysk Kongres, dat sûnt 1925 plakfynt en sûnt de fyftiger jierren ien kear yn ‘e trije jier holden wurdt, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen.

v It Friesen-droapen (foarhinne de ‘Sternfahrt der Friesen’) op Hilgolân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris de trije jier. Dit barren fan Noard-, East- en Westerlauwerske Friezen op Helgolân is en wurdt yn 2010 wer holden foar in breed publyk, út de trije Fryslannen.

v De reguliere moetingen fan de beropsgroepen dy’t yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, ôfwikseljend yn de trije Fryslannen. Begjin 2008 wie der in boeremoeting en in moeting tusken agrariërs in Noard-Fryslân. Yn maaie wie dêr ek de bestjoerdersmoeting.

Noat foar de redaksje:
Neiere ynformaasje by Stichting Fryske Rie, Saapke Miedema, sekretaris/ponghâlder, tel. 0616608348 of by de foarsitster fan ‘e wurkgroep frouljusmoeting, frou Baukje Bosscha-Stapenséa, tel. 0566-650734

Frouljusmoeting Noard-Fryslân 2008

 

Programma frouljusmoeting Noard-Fryslân
4 – 6 septimber 2008

Tongersdei 4 septimber
15.00 oere        ûntfangst mei kofje en gebak, wolkom fan de gasten troch
dhr. Dieter Harrsen, út namme fan de distriktsried (Landrat) fan de krite Noard-Fryslân en
boargemaster Johannes Volquardsen, Reuβenköge
Lokaasje:          Lânbouskoalle BREDSTEDT

Folge troch in rûnlieding troch it nije kantoar fan it bestjoer fan ‘’Mittleres Nordfriesland”, de eardere húshâldskoalle. Tema:  fan earder nei no.

Dêrnei nei de gastgesinnen.

Freed 5 septimber
10.00 oere        Rûnlieding troch Husum. Sammelje yn de bûtenhaven (adres: Kleikuhle).
It tema fan ‘e rûnlieding is “Auf Theodor Storms Spuren Husum erleben”.
Theodor Storm (Husum, 14 septimber 1817Hademarschen, 4 july 1888) wie in Dútske skriuwer út it realisme. Hy skreau 58 novellen en in oantal bekende gedichten.

Underweis besjen fan it Stormhûs, de burcht ‘De Tine’.

12.30                Mienskiplik middeisiten yn it kafee fan ‘e burcht.

14.00                Farre troch de grêften fan Friedrichstadt
Friedrichstadt (Deensk: Frederiksstad; Frysk: Fräärstää; Nederlânsk: Frederikstad aan de Eider) is in gemeente yn ‘e Dútske dielsteat  Sleeswijk-Holstein (distrikt Noard-Fryslân, ± 2500 ynwenners).Friedrichstadt is ûntstien yn ‘e 17e ieu, yn 1621, troch hertog Frederik III fan Sleeswijk-Holstein-Gottorp. Syn idee wie dat it plak in rol spylje koe yn ‘e hannel tusken Spanje en syn koloanyen oan ‘e iene kant en Ruslân. Dêrby wie syn idee dat sa’n projekt de measte kâns hawwe soe as er kânsen biede soe oan Nederlanners dy’t yn har eigen lân twadde rangs burger wiene, mar wol thús wiene yn ‘e ynternasjonale hannel fan dy tiid.

Kofje mei wat derby yn Kafee Schröder

Oanslutend besite oan de Remonstrantetsjerke en de Synagoge.

19.00                Jûnsiten yn it Fährhaus Schlüttsiel mei oanslutend:
Regionale jûn:
–       Power-Point presintaasje ‘Noard-Fryslân ympresjes’
– Sketske troch ‘Jungen Lüüd’ út Löwenstedt
– Koar ‘Frasch scheew’ fan Niebüll.

Sneon 6 septimber
10.00    oere      Besite oan it Amsinck Haus, Sönke-Nissen-Koog. Rûnlieding.

Oerstek nei de Hamburger Hallig (eilantsje) mei taljochting troch boargemaster Johannes Volquardsen.

12.00                Noardfrysk middeismiel yn Halligkrog.

13.30                Frije middei.

Snein 7 septimber
Ofreizgjen (elk op eigen gelegenheid).

Opjefte yn oerlis (der binne noch maksimaal twa plakken frij) mei:
Fryske Rie, wurkgroep Frouljusmoeting:
Baukje Bosscha-Stapenséa,
Tel. 0566-650734

 

Gemeentepolityk en -struktuer yn it grinsgebiet Súdtondern (Noard-Fryslân)

De Ynterfryske bestjoerdersmoeting hat yn maaije 2008 yn Leck (Noard Fryslân) west. It nijsgjirrige ferslach fan drs. Jetze Dijkstra fan hoe't men dêr yn it Fryske grinsgebiet fan Dútslân en Denemarken omgiet mei gemeentlike (wer)yndieling stiet yn de rubryk Wat west hat, krekt as in dichterlike utering fan tank foar de moeting, makke troch drs. Douwe Willemsma.

Dichterlike bestjoerlike utering 2008

 

Nordsee Akademie Leck, 17-05-2008
(Interfriesisches Kommunalpolitikertreffen)

Liebe freunde von Ost und West, von Seelterlond und natürlich von Nordfriesland.
Die Vorstand van VFG (Vereinigung Friesische Gemeinde) hat mir ungefähr vor einem Jahr herr gefragt, ob ich die Stelle von Bürgermeister Bilker einfüllen wollte im Fryske Rie.
In 2006 hat unsere Gemeinde Littenseradiel das InterfriesischeKommunalpolitikertreffen in Westfriesland organisiert und Piet Vellinga, ein Mitglied unsere Organisation, nimmt jetzt in Begleitung seiner Frau an diesem Treffen teil.
Im Nahmen der West Friesen will ich gerne etwas sagen.

Am Donnerstag sind wir nach Nordfriesland gekommen.
Wir haben 25% Frauen mitgenommen
Wir wurden empfangen mit Zahlung, Tee und Kaffee
Und das Bett war organisiert in Akademie Nordsee
Ingwer Nommensen sah kleine Vereine als eine Oasen in der Wüste
und das Mare Frisicum als ein Meer dass er zurück haben müsste
dann konnte er verbinden zwischen West, Ost und Nord
und der Mehrwert der Minderheiten geht nie fort.
Globalisierung geht weiter, das Kleine hat wert
Sonnst fühlen die Friesen sich als ein Reiter ohne Pferd.

Gestern haben wir viele Eindrücke bekommen.
Einige habe ich hier übernommen.
Lech, eine Stadt, die 7000 Einwohner hat,
Risum-Lindholm mit einem bio-geheitzten Swimmbad.
Die letzte Gemeinde bekam aber viel Ehr,
alles geht dobbelt, ich erzähle mehr.
Risum und Lindholm, zwei mal ein Pastorat,
zwei mahl eine Feuerwehr, mehrere Schulen sind parat,
zwei Häuser kan man kaufen für eines bei uns
deshalb haben Hauke und Petra Geld für Punsch.
Eine Strasse hat man nach Sönke Nissen genannt
Und die Familie hat dass sofort mit Geld anerkannt.
Andersen bekam ein Haus, Nissen einen Koog
Und die Windmühlen sind überall ziemlich hoch.

Wovon leben die Leute hat jemand gefragt,
nicht vom Brot allein ist in der Bibel gesagt.
Hier können Gemeinden leben vom Wind
Deshalb dass man die Mühlen überall find't.

Wir sind von Koog zu Koog zu Koog gegangen,
Bauern sind mit Raps und Weizen statt Vieh angefangen.
Wir kamen das Paradies vorbei
aber die kleinste Gemeinde war mit zwei Personen in der Verwaltung übergenommen
Eva und Adam haben bei Otto Wilke eine neue Stelle bekommen.

Emil Nolde war Schleswiger Expressionist,
er wusste auch was eine schöne Landwirtschaft ist.
Er baute eine Wohnung in Richtung Bauhaus
Der Garten sah auch sehr schön aus.
Die Dame erzählte mit Begeisterung , deutlich und klar,
es fühlte sich an, als ob Nolde selbst dabei war.
Sein Altarstück ist durch Farben und Bild fabelhaft,
die Umgebung und Bilder strahlen mit grosser Kraft.

In VR-Bank waren wir wie ein Gast zu Haus,
Der Direktor legte mit Powerpoint alles gut aus.
Auch diese Bank verdient viel am Wind,
Schade dass wir keine Einwohner sind.
Mit wenig Geld kann man viel Geld bekommen
und die Dividende wird gerne durch Einwohner mitgenommen.

Thede Boysen erzählte von der Geschichte her,
wer ist eine Friese, wer weniger, wer mehr?
Maria Luise hat erzählt das hundert Halligen geendet sind in zehn.
Durch Klimaänderungen kann der Schade repariert werden, wir sollen sehen.
Vielleicht kommen die Hundert wieder zurück
und kann man spazieren von Stück zu Stück.

Leeghwater war ein Holländer, doch kam er hier her.
Aber wir als Friesen finden hier viel mehr:
die Sprache, die Atmosphäre, die Landschaft, die Politik,
wir trinken ein Pharisäer achter de Diek.
Wir troffen auch eine Frau mit „Klei an der Hacken",
und in Tondern wollten einige im Rathaus absacken,
weil eine Trauung hier sehr einfach stattfinden kann
und eine Frau findet nich überall so ein Friesen Mann.
Nordfriesen sind Evangelisch und Katholisch zugleich,
und Holländer bauten dazwischen keinen Deich.

In einer multi-kulturellen Welt
Haben wir die Friesische Identität wieder festgestellt.
Wichtig zu wissen wer man ist in einem Vereinten Europa
sonst verschwindet man in einer grauen Massa.

Ich haue ab
Worte sind nur Luft
Aber aus Luft wird Wind
Und Wind treibt Schiffe und Mühlen.

Ich hoffe dass der Wind uns auch ein bisschen getrieben hat. Viele Worte und Luft haben Petra und Hauke Christiansen produziert um dieses Programm für uns zu machen. Wir haben als Dank nicht eine Mühle mitgebracht aber eine Kirche, nein viele Kirche. In West Friesland ist ein Buch gemacht über romanische Kirche, nicht die von Nordfriesland aber die von Ost und West. Petra und Hauke vielen Dank. Vielleicht denkt euch an die Westfriesen wenn ihr dieses Buch tragt oder anseht.

Drs. Douwe Willemsma

 

Ferslach Bestjoerdersmoeting 2008 Noard Fryslân

 

Ferslach Ynterfryske bestjoerdersmoeting fan 15-18 maaie 2008 yn Leck (NF)

Om de twa jier organisearret de Fryske Rie in moeting fan gemeentlike en regionale bestjoerders út de trije Fryslannen mei it doel ris byinoar yn de keuken te sjen en fan gedachten te wikselen. Fjouwer jier lyn wie de moeting yn de East Fryske grinsgemeenten om Ihlow hinne,  twa jier lyn yn Littenseradiel en Grou – Ljouwert en dit jier yn Noard Fryslân. Utfalplak wie de Nordseeakademie yn Leck. De totale groep wie lykas wenst sa’n 30 minsken. Hjirfan kamen 12 út Westerlauwers Fryslân. Dit wienen: J. Buenk,  A. Terpstra-Vellinga, S. Van der Velde, B. Van der Heide (riedsleden Ferwerderadiel). F. Siegersma (riedslid Menameradiel). L. Bijleveld (riedslid Kollumerlân). R. Hiemstra (riedslid Wymbritseradiel). P. Vellinga ( âld riedslid ) en T. Vellinga-Zeemans. J. Hiemstra (riedslid Frjentsjeradiel). D. Willemsma ( riedslid Littenseradiel en foarsitter út namme Fryske Rie en VFG). J. Dijkstra (provinsje Fryslân en Fryske Rie).

It ûnderwerp dit jier wie “de nijste feroaringen yn gemeentepolityk en gemeentelike struktuer yn it grinsgebiet Südtondern”.

Tongersdei 15 maaie
Wichtichste part fan moetings lykas dizze binne de ûnderlinge kontakten. Hjir wie fan it begjin ôf oan alle tiid foar. Sawol foar ús groep ûnderinoar as mei de dielnimmers fan Aurich en omkriten, Sealterlân en in tal gemeenten yn Noard Fryslân. Fierders stie dizze dei yn it teken fan reizigjen en ûntfangst.

Freed 16 maaie
De dei begûn mei in besite oan it Noldemuseum yn Seebüll. Yn de bus derhinne in goede útlis fan de ynpolderingen fan de Koogen, it âlde halligenlân mei de âlde doarpen dy’t yn de Koogen kamen te lizzen en it grûngebrûk hjoed de dei. Opfallend is hoe de wynenerzjy brûkt wurdt mei in grut tal wynmûnen en ek de bio-enerzjy mei de ferbou fan in soad koalsied. It museum wie in goede kar. Emil Nolde hat altyd in soad omtinken hân foar de wearde fan it agrarysk lânskip yn it Dútsk-Deense grinsgebiet en skildere dat op in expressionistyske wize, sa’t dat ek te sjen is by oare skilders fan it waad-kustgebiet lykas de skilders fan De Ploeg.

Dan waarden wy ûntfongen yn it nije gemeentekantoar fan de regio Südtondern yn Niebüll troch it troch de oansletten gemeenten keazen haad Hauke Christiansen en de beneamde direkteur Otto Wilke. Ut de ynliedingen die bliken dat de 30 gemeenten yn dizze regio by de werstrukturearring van 2006 harren keazen rieden en boargemasters hâlden hawwe. En ek  harren foech, jildmiddels en fermogens. Mar alle 30 gemeenten besteegje de amtlike tarieding, útfiering en kontrôle út oan dit mienskiplike gemeentekantoar. Dit bestrykt in gebiet fan totaal 40.000 ynwenners mei 30 oansletten gemeenten, dy’t harren âlde grinzen hâlden hawwe. Harren ynwennertal rint fan 28 oant ca. 6000. De klam waard lein op it feit dat dit amtlike kantoar strikt ûnder de 30 gemeenterieden en boargemasters stiet en harren opdrachten tariedt en útfiert. Hjirta kieze dizze dielnimmers in fertsjintwurdigjende ried en in haad fan it gemeentekantoar, de “Amtsvorsteher”. Foar de deistige saken wurdt fierders mei eltse gemeente apart kontakt hâlden. Dit systeem liedt ta praktyske koarte linen en it meidwaan troch de ynwenner oan gemeentesaken, faak ek troch in soad frijwillige ynset foar de gemeenten. Oan de oare kant ta foldwaande amtlike fakkennis by de grutte mienskiplike tsjinst. Dizze tsjinst hat no noch 160 fte’s, mar men wol  noch 10 werom yn tal. Omdat de gemeenten neist útkearing fan hegere organen ek sels belestingen heffe kinne, bygelyks op de ynkomsten fan bedriuwen lykas wynmûnen en sels it foech oer dizze jildmiddels hawwe, kinne dizze lytse gemeenten mei goed behear, frijwillige ynset en lege amtlike kosten in soad foar de ynwenners út de wei sette. Dertroch binne der ek minsken te finen foar de faak net betelle boargemasters en riedsleden. As in gruttere skaal nedich is lykas by Leader jilden dan wurdt mei mear regiokantoaren gearwurke. Ek wurdt yn GmbH ferbân wurke, lykas by toerisme ûntwikkeling, dêr’t alle 30 gemeenten foar 5 jier oan dielnimme.

Yn de Kreis Nordfriesland te Husum, mei 160.000 ynwenners, is dizze struktuer rûnom ynfierd, mei in minimum ynwennertal foar in regio mei in eigen gemeentekantoar fan 8000. Wol moat betocht wurde dat de kreis ek taken docht, dy’t by ús ta de gemeente hearre. It gemeentekantoar wol dy lykwols wêr mooglik oernimme, lykas it bou tafersjoch.

Oanwêzich by dizze ûntfangst en ek de jûns wie dhr. Sörensen, SPD lid fan it Kreisbestjoer yn Husum en lid fan it dielsteat parlemint yn Kiel.

De folgjende ûntfangst wie by de VR bank. De lijnen binne ek hjir koart. Hauke Christiansen wie net allinne haad fan de regio Südtondern, boargemaster fan gemeente Risum-Lindholm mar hie ek lang by dizze koöperative bank de “oankeap” foar de leden regele. Want dit wie noch in regionale lânboubank fan it âlde soart, mei in bank en in oankeap poat, foar 14.000 leden. En Petra Hansen, dy’t dit programma mei Christiansen organisearre, hie hjir ek wurke.  Ek hjir wer lykas by de gemeenten in lokale praktyske oanpak mei as foarbyld de bou fan wynmûnen. Der wurdt nei stribbe dat by de oanlis fan in nij park alle eigners en bewenners yn de omkriten dielnimme en de VR bank foar it jild soarget. Ek ta in heech persintaazje fan de ynvestearring per dielnimmer as dit nedich is en elk meidwaan kin (en moat?). Omdat soarge is foar in fêste stroompriis oer in lange termyn is, is wynenerzjy foar sawol de bank as dielnimmers in sukses wurden, sa lei direkteur Sievers ús út.

Werom yn de  Nordseeakademie de jûns in lêzing fan Th. Boysen, foarsitter feriening Noardfrysk Institút en amtner minderheden yn Berlyn. De diskúsje waard laat troch I. Nommensen fan de Fryske Rie yn Noard Fryslân. Boysen joech in oersjoch troch de tiid hinne fan de politike striid foar de Fryske saak, te begjinnen mei de striid foar belestingfrijdom yn de midsieuwen. Hij lei de klam op in bettere politike fertsjintwurdiging dan de Fryske belangen yn it hjoeddeiske Noard Fryslân. Nommen wiisde op it belang fan in positive hâlding mei “Einigkeit in Vielfalt” en fan mear ienheid fan de ferskate Fryske groepen.

Sneon 17 maaie
Earst in reiske mei de boat nei de hallig Gröde. In eilantsje in lyts oere farren mei de boat, mei in pear yn it fjouwerkant boude huzen foar 12 ynwenners. En in tige smûke tsjerke. Dizze wie yn 1789 foar de achtste kear opnij boud, mei âlde banken, balken ensfh. fan earder fuortspielde gebouwen. In ferhaal fan striid tsjin de wetterfloed, mar ek belutsen wêze en betrouwen hawwe. Wa’t dizze hallig sjoen hat, falt dêrnei better de hallig op dy’t troch yndiking yn de polder, de Koog, kommen is te lizzen.

Middeis nei Denemarken. Nei Tondern. Hjir waarden wy troch de gemeentesikretaris, tagelyk direkteur amtlike tsjinst, en riedsleden fan sawol de Dútske partij yn Denemarken as de Deense partij yn Sleeswijk- Holstein ynformearre oer de Deenske fariant fan gemeentelike weryndieling. Dizze is mear fergelykber mei de oanpak yn Nederlân, mei it ferskil dat de gemeenten yn Denemarken mear foech hawwe as by ús en de rol fan provinsjes tige beheind wurden is. De gemeenten krije 80% fan it totale Deenske oerheidsbudzjet. Alle sosjale útjeften, soarch foar bern, foar alle skoallen oant 17 jier, foar rêst- en ferpleechhúzen, foar de wurkleazen en soarch foar wurk, milieu, flechtelingen mar ek de wetterlieding leit by de gemeenten. Dit frege neffens it idee fan de Denen om grutte sterke gemeenten, mei genôch krêft om ek saken lykas soarch foar jongerein oan te kinnen. Reden foar grutte gemeenten is ek de krapte oan personiel. Dizze gemeente wie krekt ûntstien út seis âlde en hie no ek 40.000 ynwenners. Oars as yn Noard Fryslân mar fergelykber mei ús wie hjir noch ien gemeenterie mei 31 leden en in keazen boargemaster. Ek de toan fan de ynlieding en wize fan oanpak troch de gemeenten hie in soad wei fan dy by de Nederlânske gemeente.

De beide riedsleden fan de Dútse en Deense partij fielden har oan beide kanten fan de grins goed fertsjintwurdige. Mar dit kaam ek troch wetlike bepalingen dy’t it foar spesifyk dizze partijen makliker makket harren yn de rieden keazen te krijen en harren te hanthavenjen.

Snein 18 maaie
Nei’t der sneontejûn tiid wie om te sjongen waard sneins fia de ponten oer de Elbe weromriden nei Ljouwert. In tige slagge reis. Troch de goede organisaasje yn Noard Fryslân, de treflike wurden fan Douwe Willemsma, ek op rym dy’t hjir oan taheakke binne, en troch de ynhâld fan it programma. We hawwe net allinne Noard Fryslân yn koarte tiid kennen leard mar foaral ek in goed kontrast sjoen tusken oan de iene kant de lytse bestjoerlike gemeente mei stipe fan it grutte amtlike kantoar en oan de oare kant de grutte gemeente mei ien bestjoer en eigen tsjinst lykas wy dat ek hawwe of faaks krije sille.

Omdat de gemeentelike fariant fan Noard Fryslân hiel oars is as wat wy kenne, mar ek omdat der it soad oerienkomsten binne yn kennis,  krêft en ynset yn doarpen soe dit model better en yn folle breder ferbân besjoen wurde moatte en dan ynbrocht wurde moatte yn de weryndielingspetearen yn Fryslân.

Jetze Dijkstra

Simmerkamp flyer

 

Young persons between 16 and 25 years old from West-, East- and North-Frisia are welcome to spend one week in a summer camp at the YMCA Hostel “Quellerdünen” on the East-Frisian island of Spiekeroog! We are looking forward to enjoying the sun, the beach and the sea, and together we want to discover our common Frisian identity. The camp is organized by the Friesisches Forum in East-Frisiaand will be lead by Markus Grafenburg and Marlene Christiansen. First language spoken in the camp will be English.We aim at bringing together about 25 young persons from all over Frisia to get to know and to appreciate each other.

Meet young people from West-, East- and North-Frisia!

Discover the beautiful island of Spiekeroog! It will be fun!

Feel free to bring your musical instruments and material to teach others the Frisian language with you.

Jonge minsken tusken de 16 en 25 jier út West-, East- en Noard-Fryslân wurde útnoege om mei op simmerkamp te gean: in wike lang yn it YMCA Hostel “Quellerdünen” op it East-Fryske eilân Spiekeroog! We sjogge út nei in gesellige wike mei sinne, strân en see, en mei ús allen wolle wy ús mienskiplike Fryske identiteit ûntdekke. It kamp wurd organisearre troch it Friesisches Forum yn East-Fryslân en de lieding sil wêze yn hannen fan Markus Grafenburg en Marlene Christiansen. De wichtigste fiertaal op it kamp is it Ingelsk.

Doel is dat de 25 jonge dielnimmers út de ferskillende Fryslannen mei inoar yn ‘e kunde komme en mear oer inoars kultuer te witten komme. Aktiviteiten as waadrinnen, film en fansels sport sille dan ek net ûntbrekke yn dizze wike.

Moetsje jonge minsken út West-, East en Noard-Fryslân!

Untdek it prachtige eilân Spiekeroog! It wurdt machtich moai!

Nim gerêst dyn eigen muzykynstrumint of  Frysk materiaal mei wêrmei’sto de oaren wat leare kinst oer dyn Fryske taal. Foar de rest binne goeie skuon, sport- en swimklean, sinnebrâncreme en in goed humeur ûnmisber!

Frisian Summer-Camp

Frysk Simmerkamp

Friesisches Sommercamp

Spiekeroog

03.-09.08.2008 

CVJM Freizeit- und Jugendbildungsstätte
Quellerdünen, Tranpad 18
26474 Spiekeroog/Ostfriesland
Tel. 04976/228 – Fax 04976/528
Veranstalter: Friesisches Forum e.V.

Eingeladen sind Jugendliche zwischen 16 und 25 Jahren aus den Frieslanden (West-, Ost- und Nordfriesland) (25 Teilnehmer), eine Woche auf der ostfriesischen Insel Spiekeroog im Freizeitheim „Quellerdünen” zu verbringen. Wir wollen nicht nur Sonne, Sand und Meer genießen, sondern uns auch gemeinsam mit unserer friesischen Identität auseinandersetzen. Im Mittelpunkt steht das gegenseitige Kennenlernen. Zusammen wollen wir Spiekeroog erkunden, auch eine Wattwanderung mit anschließender Arbeit im Nasslabor, um die Ökologie der Insel zu erforschen, steht auf dem Programm. Abends finden Vorträge und ein Filmabend statt. Auch der Sport soll nicht zu kurz kommen.

Das Sommercamp wird veranstaltet vom Friesischen Forum e.V. und wird geleitet von Marlene Christiansen und Markus Grafenburg.

Mitzubringen sind: Gute Laune, Badesachen, Sonnencreme, festes Schuhwerk, Sportsachen, Musikinstrumente, Lieder, Literatur und wer hat: Unterlagen, um anderen die eigene friesische Sprache, ostfriesisches Platt etc. beizubringen.

 

Markus Grafenburg was born in 1971 in Westerstede. He passed the Abitur at the Gymnasium Ulricianum in Aurich. After studying German and Protestant Theology in Tübingen and Jerusalem he works now as a teacher at the Evangelisches Mörike-Gymnasium in Stuttgart.
 


Marlene Christiansen was born in 1988 and is a board member of the North-Frisian youth organization “Rökefloose”. After finishing her A-levels she lived one year in Ljouwert/Fryslân and is now studying European Studies in Denmark.

 

 

 

Details of the journey there and back will be given in advance.

Costs (without journey) / kost (sûnder reis) /
Kosten (ohne Reise): 110,- Euro

Bank account:
Konto Nr. 2268300 bei der Raiffeisenbank Moormerland eG (BLZ 285 637 49), IBAN für Überweisungen aus dem Ausland:
DE 26 285637490002268300
Kontoinhaber: Friesisches Forum e.V.

 

For further information contact:
markusgrafenburg@gmx.net
( +49 711/4549125 or +49 179/4549125

Please send to: Markus Grafenburg, Michaelstr.9, D-70597 Stuttgart, Germany

“————————————————————

YES, I want to take part in the Frisian Summer-Camp at the YMCA Hostel “Quellerdünen” on the East-Frisian island of Spiekeroog from 03/08 – 09/08/2008.
I will transfer 110 Euro to the bank account mentioned above. I understand that swimming in the sea is always at my own risk. Drugs are strictly prohibited. Alcohol consumption has to be moderate. I understand that I have to accept the rules of the house.

 

Name: ____________________________________

 

Date of birth: ______________________________

 

Address: __________________________________

 

__________________________________________

 

Tel./ Mobile phone: __________________________

 

__________________________________________

 

E-Mail: ____________________________________

 

Date and Signature / Signature of a parent:

 

__________________________________________

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Simmerkamp jongerein

Jonge minsken tusken de 16 en 25 jier út West-, East- en Noard-Fryslân wurde útnoege om mei op simmerkamp te gean: in wike lang (fan 3 oant 9 augustus) op it East-Fryske eilân Spiekeroog!

Yn in gesellige wike mei sinne, strân en see, wolle wy mei minsken út de trije Fryslannen ús mienskiplike Fryske identiteit ûntdekke. It kamp wurdt organisearre troch it Friesisches Forum yn East-Fryslân. De lieding is yn hannen fan Markus Grafenburg (Aurich/Stuttgart) en Marlene Christiansen. De wichtichste fiertaal op it kamp is it Ingelsk.

Doel is dat de 25 jonge dielnimmers út de ferskillende Fryslannen mei inoar yn 'e kunde komme en mear oer elkoars kultuer te witten komme. Aktiviteiten as waadrinnen, film en fansels sport sille dan ek net ûntbrekke yn dizze wike.

Moetsje jonge minsken út West-, East en Noard-Fryslân!

Untdek it prachtige eilân Spiekeroog! It wurdt machtich moai!

De kosten (eksklusyf reis) binne € 110. De reis nei Spiekeroog ta komt dêr dan noch by. By Stichting Fryske Rie kin € 25 euro p.p. as dielnimmersbydrage oanfrege wurde, mar op is op!

Sjoch de flyer foar mear ynformaasje: rubryk Kommendewei.