Jonge boeremoeting / Utwiksel 2008 Dútsk Fryslân 2009

Utwiksel Dútslân 25 o/m 28 maart 2009

AOC Friesland yn Ljouwert en Landwirtschaftschule Bredstedt

Programma

Woansdei 25 maart

15.00               Untfangst PTC+ Oentsjerk (Sanjesreed 4)
Iepenjen en wolkom troch
Dr. mr. R.C. Kaastra, foarsitter fan Stichting Fryske Rie
en Henk Minkema, teamleider AOC Friesland
Rûnlieding studinten op ‘e praktykskoalle
Ferdieling oer de gastgesinnen

16.30               Ofreizgjen nei de gastgesinnen

Tongersdei 26 maart

08.30               Ofreizgjen bus by skoalle wei (AOC Friesland, Jansoniusstr. 2/Ljouwert)
Tink der om: Elk nimt hjoed in lunchpakketsje mei fan hûs

09.00               Besite oan fokbedriuw Mts. Reitsma-Kloosterman yn Broeksterwâld

11.30               Besite oan Gerbranda State yn Pitersbierrum (soarchbuorkerij, ikkerbou, soarchpleats, geiten en buorkerijwinkel)

Middeisskoft (lokaasje noch net bekend)

15.00               Besite oan bierbrouwerij ‘Us Heit’ yn Boalsert

18.00               Mienskiplik jûnsmiel. It iten wurdt sean troch it Friesland College. Lokaasje nei alle gedachten Ljouwert.

Oanslutend: op stap yn Ljouwert

Freed 27 maart

08.30               Ofreizgjen bus by skoalle wei

09.30               Besite oan Koepon Garnwerd (grutskalich molkfeebedriuw)

12.00               Middeisiten en rûnlieding molkfabriek FrieslandCampina yn Bedum

16.30               Mienskiplik jûnsmiel (mooglik bbq) mei gesellige jûn. Lokaasje noch net krekt bekend.

Sneon 28 maart

09.00               Moarnsbrochje by Omrop Fryslân, Zuiderkruisweg 2 yn Ljouwert.

Mei as der tiid is in rûnlieding.

Ofreizgjen nei hûs.
——————–
Kontaktpersoanen:
AOC Friesland:
wurkgroep jongerein: Sieberen Bakker, sieberenbakker@hotmail.com,
Angela van Eijden (06 10 46 19 92) en Gea Zandvliet, begelieding, koördinatoaren
Fryske Rie:
Saapke Miedema, kontaktpersoan jonge boeremoeting, 06 16 60 83 48

Boeremoeting 2009

   

Wurkgroep boeremoeting Westerlauwerks Fryslân, fan de Fryske Rie:
Sjoerd van der Schaar, foarsitter (s.vd.schaar@planet.nl, tel. 0517 412 492)
Daan de Hoop, Jan van der Weg en Doeke Wilman

Bêste minsken,
De boeremoeting, ien fan de tradisjonele aktiviteiten fan de Ynterfryske Rie, wurdt yn 2009 hâlden yn East-Fryslân. De organisaasje is sadwaande yn hannen fan Seksje East, de Freeske Raad/Friesenrat dy’t fêstige is yn Aurich. De organiaasje ûnder foarsitterskip fan Gerhard Cordes hat in nijsgjirrich programma gearstalle kinnen. Graach opjaan by Sjoerd van der Schaar foar 24 jannewaris oankommend, mar ‘fol is fol’!

(Foarriedich)
Programma 49e Ynterfryske Boeremoeting 4 – 7 febrewaris 2009
Woansdei 4 febrewaris 2009 17.00 oere Untfangst dielnimmers en gastgesinnen yn it Reiterzentrum (RTV), Am Reitsportzentrum 1 yn Großefehn-Timmel.
Iepenjen troch dhr Dieter Baumann, foarsitter fan ´e Ynterfryske Rie.
Tongersdei 5 febrewaris 2009 9.30 oere Besite oan de firma ENERCON* oan ´e Dornumer Strasse yn Aurich (op syn Nedersaksysk Auerk).
*ENERCON is in bedriuw spesjalisearre yn wynenerzjy. Neffens eigen sizzen binne se merklieder, benammen berikt troch ynnovaasje. It bedriuw it yn oprjochte yn 1984 troch Aloys Wobben. Se binne doe begun mei de produksje fan de earste E-15/16 wynturbine mei in fermogen fan 55 kW. Yn 1992 waard de 1e ENERCON E-40/500 kW ûntwikkele. Wynturbinefabrikant Enercon is de grutste wurkjouwer yn de omkriten, it is de op twa nei grutste produsint op de wrâld. Mear ynformaasje (û.o. ek yn it Ingelsk) is te finen op www.enercon.de.
12.30 oere middeisiten
14.00 oere Besite oan it Mausoleum yn Auerk. In Neoromaansk tsienhoekich gebou, sûnt 1880 rêstplak fan de adellike famylje Cirksena (mear ynfo op de bylage).
Oanslutend tee-/kofjedrinken
16.00 oere Stedskuier Auerk
Freed 6 febrewaris 2009 9.30 oere Besite oan Zentralmolkerij Rückert oan ´e Egelser Strasse yn Auerk
12.30 oere Middeisiten
14.00 oere It besjen fan in lânboubedriuw
20.00 oere Ofslútjûn
Sneon 7 febrewaris 2009 10.00 oere Ofreizgjen


BYLAGE
Auerk (Aurich/Auwerk) (stêd) (boarne: û.o. Wikipedia, de frije enseklopedy; de skiednis stiet ek beskreaun yn ús nije boek De Fryslannen, te keap by de Afûk en oare Fryske boekhannels, € 17,50)

Bestjoerlike yndieling: Dielsteat: Nedersaksen, Distrikt: Aurich
Opperflakte: 197,21 km2, Kenteken AUR, webstek
www.aurich.de

Aurich (Nedersaksysk: Auerk; Frysk: Auwerk) is in stêd yn ‘e Dútske dielsteat Nedersaksen yn East-Fryslân. De stêd is it haadplak fan it distrikt Aurich en telt 40.651 ynwenners. Sûnt 2004 is it Aurich tastien om twatalige plaknambuorden te brûken yn it Dútsk en Nedersaksysk.
Auwerk leit yn in kûlisselânskip dat de skaaimerken hat fan sannige geastgrûnen, foar in grut part oanmakke fean- en marsgrûnen en ‘e Noardsee. Troch de no frijwol lege feangebieten, dy’t brûkt binne foar it winnen fan turf, rint in grut tal kanalen, wêroan’t lytse feankoloniale doarpen lizze.
De gemeente bestiet ut 21 stedsdielen (eins doarpen). Alle doarpen ha in dielried, wêryn’t de belangen fan it oanbelangjende doarp/stedsdiel yn behertige wurde:
Brockzetel, Dietrichsfeld, Egels, Extum, Georgsfeld, Haxtum, Kirchdorf, Langefeld, Middels, Pfalzdorf, Plaggenburg, Popens, Rahe, Sandhorst, Schirum, Spekendorf, Tannenhausen, Walle, Wallinghausen, Wiesens, kearnstêd Aurich.

De Lambertikirche (âldste diel 14e ieu).
De toer is it werkenber punt fan ‘e stêd

 

 

De Cirksena’s in Oost-Friesland
De Cirksena’s waren oorspronkelijk een van de vele hoofdelingengeslachten in Oost-Friesland. Net als de Groninger Ommelanden en Westerlauwers Friesland kende Oost-Friesland in de Middeleeuwen geen effectieve landsheer. Het ontbreken van een landsheer in deze streken staat ook bekend als de Friese Vrijheid. Zonder enige vorm van centraal gezag vond bestuur alleen op lokaal niveau plaats. Daarbij hadden oorspronkelijk alle vrije boeren een aandeel in het bestuur, maar in de loop van de tijd wisten de rijkere geslachten een groter aandeel te verwerven. Geslachten die het in een heel dorp voor het zeggen wisten te krijgen, werden op den duur aangeduid als hoofdeling. Anders dan de traditionele feodale heer dankt de hoofdeling zijn positie dus niet aan een benoeming van hogerop, maar aan zijn eigen lokale machtsbasis.


It nije slot (1855): Landgericht fan Aurich

Voor sommige hoofdelingen hield de horizon niet op bij de grens van het dorp. Door huwelijk en machtsvertoon kon een grotere machtsbasis bereikt worden. Het eerste geslacht dat aanspraak leek te maken op alleenheerschappij in heel Oost-Friesland was het geslacht Tom Brok (gjin famylje yn Snits!). De aspiraties van Tom Brok liepen uiteindelijk stuk op het verzet van de hoofdeling Focko Ukena, die niet alleen bezittingen in Oost-Friesland had, maar ook kon beschikken over steun in de Ommelanden. Ukena op zijn beurt liep in Oost-Friesland vast op een verbond van hoofdelingen onder leiding van Edzard Cirksena. Cirksena werd vervolgens door de stad Hamburg het bestuur van de stad Emden gegeven, een stad die tot dan, 1439, feitelijk een Hamburgs protectoraat was. De familie Cirksena zou Emden tot 1595 beheersen.
Het oorspronkelijke geslacht Cirksena, afkomstig uit Berum was toen in de mannelijke linie al uitgestorven. Edzard was gehuwd met een dochter uit dat geslacht, ook de tweede echtgenote van zijn vader was een dochter uit het oorspronkelijke geslacht. Zowel Edzard als zijn halfbroer Ulrich namen de naam Cirksena aan. Na het kinderloze overlijden van Edzard erft Ulrich alle familiebezittingen, die hij door twee gunstige huwelijken nog weet uit te breiden. Ulrich wordt in 1464 door keizer Frederik III in de gravenstand verheven.
Het belangrijkste lid uit het huis Cirksena is Edzard de Grote (1462-1528). Tijdens zijn bewind had het graafschap zijn grootste omvang, Edzard wist zelfs tijdelijk de Ommelanden en de stad Groningen te beheersen, hij streeft naar heerschappij over heel Friesland, maar loopt stuk op de positie van eerst de hertog van Saksen en later de keizer zelf, die als heer van alle Nederlanden geen partij voor Edzard was.

In 1654 wordt de regerende Cirksena Enno Lodewijk door de keizer in de vorstenstand verheven. De laatste mannelijke nakomeling van Ulrich I, Karel Edzard, sterft in de nacht van 25 op 26 mei 1744. Het graafschap wordt vervolgens in bezit genomen door Frederik  de Grote.


It Mausoleum fan de Cirksena’s (1876!).

 

 

 

 

 

 

 

 

Lei it ûnder de krystbeam?

Yn it Provinsjehûs yn Ljouwert krige Kommissaris fan ‘e Keninginne John Jorritsma moandei 15 desimber it earste eksimplaar fan it boek De Fryslannen út hannen fan dr.mr. Roel Kaastra, foarsitter fan de Fryske Rie.
It boek De Fryslannen jout in oersjoch fan Fryske skiednis, taal en kultuer yn Fryslân en Ostfriesland en Noardfryslân yn Dútslân. It hat fjouwer haadstikken, dy’t skreaun binne troch Piet Hemminga (Wester-lauwersk Fryslân), Hajo van Lengen (East-Fryslân) en Thomas Steensen (in ynliedend haadstik en in haadstik oer Noard-Fryslân).

It boek is rynsk yllustrearre en is ornearre foar it ‘grutte publyk’. Fansels komt ús ‘eigen’ Fryslân oan bar, mar men komt ek op in noflike wize yn ’e kunde mei ‘de oare Friezen’, harren lân, taal en kultuer en mei ús mienskiplike skiednis.

It grutste part fan it boek is oerset troch Sytze T. Hiemstra, dy’t ek de einredaksje hân hat. In lytser part troch frou Gosta Jellema. As ekstra is in nije geografyske kaart tafoege, makke troch Kerst Huisman.
It boek is in oersetting fan Die Frieslande, dat yn 2006 yn it Dútsk útjûn is troch de Interfriesische Rat/Ynterfryske Rie yn ’e mande mei it Nordfriisk Instituut, en beslacht sa’n 130 siden.

Jorritsma neamde it boek ‘zeer interessant’, ‘een standaardwerk’, ‘ik zou het iedereen willen aanbevelen’, en “leg het allemaal onder de kerstboom!

De Fryslannen wurdt útjûn troch de Afûk yn ‘e mande mei de Fryske Rie en is te keap yn de Fryske boekhannels foar € 17,50.