Kongres 2009

 

Utnoeging Ynterfrysk kongres yn ‘Ostfriesland’.

Ek nocht oan Frysk, Fryslân en Ynterfryske Kontakten? Gean dan ek ris mei nei it Ynterfrysk Kongres. Elkenien is fan herten wolkom op it 24e kongres fan de Ynterfryske Rie. It trijejierlikse kongres wurdt diz’ kear holden yn Lier (Leer), yn it Dútske East-Fryslân. In prachtige âlde stêd, dêr’t noch in soad Nederlânske ynfloeden te merkbiten binne. It tema fan it kongres is It Tij Keart (‘Gezeitenwechsel’). It programma jout rom gelegenheid om mei oare Friezen yn kontakt te kommen.

It programma sjocht der sa út:

Sneon 13 juny ‘09
10.00               Rathaus: Festsaal, Rathausstr. 1 26789 Leer. (Trein: Bahnhof leer; auto: A31, daliks nei de Emstunnel ôfslach 11, Leer-West, dan rjochting Innenstadt)
Iepenjen en wolkom troch de presidint fan de Ynterfryske Rie, Dieter Baumann.
Begroeting troch de boargemaster fan de stêd Lier (Leer), Wolfgang Kellner.

10.15-10.45    Ynlieding* troch Prof. Dr. K.-E. Behre fan it Nds. Inst. für Hist. Küstenforschung yn Wilhelmshaven. Behre praat oer de ûntjouwing fan de súdlike Noardsee en de kolonisearring fan it lân sûnt de lêste iistiid.

skoft

11.15-11.45    Ynlieding* troch Prof. Dr. Hans von Storch, direkteur fan it GKSS Institut für Küstenforschung yn Geesthacht, oer: Klimaatferoaring, seespegel en stoarmfloeden yn’e Noardsee: wat stiet ús te wachtsjen?

skoft

12.15-12.45  Ynlieding* troch Hanz Dieter Niemeyer, meiwurker fan it Nds. Landesbetrieb für Wasserwirtschaft, Küsten- und Naturschutz (NLWKN), Forschungsstelle Küste, Norderney.
Underwerp: alternativen foar dykoanlis: wat binne dat en hoe brûkber binne dy?

12.45-14.30   Skoft en middeismiel oan board fan skip “Hafenmusik” (leit tsjin it Rathaus oer)

14.30              – Presintaasje fan de nije president fan de Ynterfryske Rie
– Begroeting troch Hermann Dinkla MdL, Presidint fan de Nedersaksyske Landtag
– Begroeting troch Helmut Collmann, Presidint fan de Ostfriesische Landschaft

15.00-17.00    Poadium- en plenêrdiskusje ûnder lieding fan Chefredakteur fan de General-Anzeiger, Felix Weiper. Elkenien wurdt útnoege om mei te praten oer it tema fan it kongres.

17.30                Slútwurden

oant 19.00     Gjin sintraal programma, nei eigen ynsjoch yn te foljen.

19.00               Jûnsprogramma oan board fan it “Emstraumschiff” MS Warsteiner Admiraal mei iten en muzyk. Offeart om 19.30 oere foar de tocht oer de Iems rjochting Dollart. De boat leit fuort by it Rathaus.

23.00               (likernôch) Weromkomst yn de haven fan Lier

*Saapke Miedema beskikt oer in koarte gearfetting yn it Ingelsk of Frysk: freegje har!

Snein 14 juny ‚09
Moarns kar-út in trijetal programma-ûnderdielen:
-besite oan de Upstalsboom yn Auerk (Aurich), op eigen gelegenheid
10.00             -besite oan ien fan de tsjerketsjinsten yn Lier (Leer), op eigen gelegenheid: bgl. ev. luth. Kirche: Lutherkirche, of ev.-ref. Kirche, Reformierte Kirchgang 19.
11.00              -stedskuier troch de Altstad fan Lier (Leer) en besite oan it Haus Samson ûnder lieding fan Gerhard Cordes, foarsitter seksje East fan de Ynterfryske Rie.

13.00                (likernôch):  ôfreizgjen.

Programmawizigings foarbehâlden.

Nei oanlieding fan it kongres wurdt in spesiale likernôch 10 sm trochsnee grutte brûnzen medalje yn beheinde oplage te keap oanbean.
Yn de hal (Vorraum) fan it stedhûs  is in tentoanstelling oer it tradysjonele Nijjiers wakfiskjen.

Opjaan foar it kongres by Saapke Miedema, saapke_miedema@planet.nl, p.a. Troelstrapark 3, 8918 MA  LJOUWERT of fia tel. 06 16 608 348.
De priis fan it kongresprogramma is € 35,- de man/frou. Dat is foar it kongres en it jûnsprogramma (middeismiel, boat mei buffet en muzyk). It is eksklusyf  slieperij. Sûnder it jûnsprogram op de boat kostet it € 10,-.
Skoalbern en studinten kinne 50% koarting krije op de kongrespriis fia de Fryske Rie: ynformearje nei de mooglikheden by Saapke Miedema.
Nei jo/dyn opjefte wurdt in befêstiging en in rekken stjoerd. Opjefte is definityf nei it beteljen fan de rekken, dan is de organisaasje wis fan jo/dyn dielname!

Oernachting op eigen gelegenheid te boeken by de Tourist-Information fan de stêd Lier (Leer) (00 49 491 91 96 96, e-mail: touristik@Leer.de). As jo wolle kinne jo freegje nei de meiwurk(st)er  dy’t Nederlânsk praat. Kar-út oernachting yn de jeugdherberch** of tal fan hotels. It hiele programma en it fertrek fan de boat spilet him op rinôfstân fan inoar yn it sintrum fan Lier (Leer) ôf, sjoch it programma.

 

**         der binne foar dit kongres in tal sliepplakken reservearre by de jeugdherberch (Jugendherberge Leer yn it sintrum. Dêr kinne jo by it boeken oan referearje. Tel. 00 49 491 21 26 of stjoer in mail nei Leer@jugendherberge.de. Priis oant 26 jier € 16,20/nacht, 27 jier en âlder € 19,20 (priis oernachting ynkl. moarnsbrochje en lekkens. Ienpersoanskeamer + € 10,00 p.p.p.n en twapersoanskeamer + € 5,00 p.p.p.n. Alle keamers mei dûs/wc.


Teedrinke yn East-Fryslân, mei rjemme, klûntsjes en koekjes…
Der is yn de Brunnenstr. 33 in teemuseum, mar dat is sneons om 16 oere al ticht…


 

 

 

 

 

 

 

 

 

De Bres jûn

 

Utnoeging

De Fryske Rie noeget elkenien foar it bywenjen fan de 3e Fryske Rie-jûn op

moandei  16 maart 2009
de jûns om 20.00 oere
yn Debatcentrum De Bres oan de Schoolstraat 4 yn Ljouwert.

Sprekker:

dhr Rikus Jager,  sûnt 2002 lid fan de Twadde Keamer foar it CDA en wenjend yn Appingedam.

Boarne LC/Foto Reyer Boxem

Tema: “Vlakbij maar toch ver weg”

Dit tema is typearjend foar Noard-Nederlân en Noardwest Dútslân. Yn it ferline nau ferbûn, yn ‘e takomst in (wichtige) ynterregionale Europeeske sône, mar hjoed de dei byinoar lâns libjend.
Bestjoerders en ynwenners fan de kuststreek Noard-Hollân oant Súdwest Denemarken moatte harren foardiel dwaan mei de âlde tekst: “Eendracht maakt macht, tweedracht breekt kracht”. Want de bewenners fan dy regio ha in soad mienskipliks: lânskip, kultuer, ekonomy, deselde taalynfloeden en de aard fan ‘e befolking: rêstich, nofter, hurd wurkjend en net safolle seure.

Nei de ynlieding fan Jager is der rom gelegenheid foar diskusje en it stellen fan fragen.

De tagong is fergees.