Bestjoer YFR

Op 13 juny 2009 hat de miene gearkomste fan de Ynterfryske Rie yn Lear (Leer, East-Fryslân) foar de kommende trije jier it deistich bestjoer ynstallearre. De kearn dêrfan bestiet út:

Dr. mr. Roel Kaastra, Ald Beets, foarsitter
Saapke Miedema, Ljouwert, sekretaris/ponghâlder
Erk Hassold, Bredstedt (N-F), plakferfangend foarsitter

Mailadres: ynterfryskerieapesturtsjegmail.com

Nijs oer de Ynterfryske Rie is ek te finen op www.interfriesischerrat.de, yn ferskillende talen.

Mienskiplike Fryske Flage

De mienskiplike Fryske flage
(Fêststeld troch de ledegearkomste fan de Ynterfryske Rie op 25 april 2009 yn Buchholz in der Nordheide (D.))
(taheakke parseberjocht)
Freed 13 juny 2009 is middeis yn it ramt fan it 24ste Ynterfrysk Kongres de nije mienskiplike flage fan de 3 Fryslannen foar it earst hyst oan it stedhûs fan Leer (Leer, East-Fryslân). De moderne flage is ta stân kommen troch de Ynterfryske Rie, sjoch hjirûnder.

Foarôf. De groep fan Auwerk hat twa jier yn’e war west  om te kommen ta in mienskiplike Fryske folksflage. Yn septimber 2006 waard dy oanbean en op persoanlike titel ûntfongen troch Roel Kaastra, de foarsitter fan de Fryske Rie. It is in flage yn de Skandinavyske tradysje, dus mei in (wyt mei blau) krús der yn (yn it giel), en mei 4 pompeblêden. De groep fan Auwerk hat de flage yn 2007 by it Friesendroapen op Hilgelân oanbean oan de Ynterfryske Rie. Dy hat fanwege bepaalde beswieren de flage net akseptearre kind, mar dit barren hat wol de oanlieding west om dochs te kommen ta in mienskiplike Fryske flage. De groep fan Auwerk hat hjir dus wer treflik wurk dien, as inisjator.  It deistich bestjoer fan de Ynterfryske Rie hat doe opdracht jûn oan trije saakkundigen, út elke seksje ien, om mei foarstellen te kommen foar in mienskiplike flage.Nei mear as 50 ferskillende modellen, ek oanlevere troch oaren, bleaune trije alternativen oer:
1.
In histoaryske flage mei twa oansjende liuwen en 9 silveren peinjes
2. 
In tradysjonele indo-europeeske flage mei trije balken
3. In moderne flage.
Op 25 april 2009 hat de ledegearkomste fan de Ynterfryske Rie mei grutte mearderheid de moderne flage keazen as mienskiplike Fryske flage. De histoaryske flage is ûnderwilens yn grutte halen oernommen troch West-Fryslân en troch de boargemaster fan Hoorn oanbean oan it Westfries Genootschap op 8 septimber 2008! Fan belang is dat de nije Ynterfryske flage net yn it plak komt fan de trije flagen fan ús Fryslân, East Fryslân en Noard Fryslân en de flagen fan de oare Fryske gebieten sa as Sealterlân, Lân Wûrsten, Hilgelân ensfh.

It oarspronklike ûntwerp fan de keazen flage is fan de Noardfryske Charly Rickmers, út Olersem op Feer. Yn mienskiplik oerlis is dêr noch wat oan feroare.

 

De mienskiplike Fryske flage hat de neifolgjende betsjutting.
It is in sirkel, gearstald út de trije flagen fan de Fryslannen op Europablauwe eftergrûn.

A. De eftergrûn is it blau fan de Europaflage. De Friezen binne oertsjûge Europeanen, wat hja al ta útering brochten yn it Frysk Manifest dat op 28 augustus 1955 by it sechste Frysk kongres yn Auwerk fêstlein waard. De Friezen wiene by de earsten dy’t de Europeeske gedachte foarm jûn ha, doe’t hja yn 1955 festleine: “De tiid ferget greater forbannen. De trije Fryslannen sizze fan herten ja op alle stribjen, dat ta de ienheit fan Jeropa liede kin.” Dizze Europeeske ynset fan de Friezen wurdt ta utering brocht troch de dominante eftergrûnkleur “Europablau” yn de flage.

B. De besteande flagen fan de trije Fryslannen (Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân) binne neffens geografyske lizzing oanjûn yn in sirkel, dus de pompeblêden linksûnder, East-Fryslan rjochts ûnder en Noard-Fryslân boppe. De sirkel symbolisearret alle Friezen, dy’t meiinoar ferbûn binne. De sirkel stiet foar ienheid, sûnder ein. De trije sektoaren mei de trije flagen reitsje elkoar en jouwe bliken fan it gefoel fan ienheid nettsjinsteande de besteande opdieling-yn-trijen fan de Friezen. De ferskillen tusken de trije sektoaren steane foar it ferskaat fan de Friezen yn ienheid en ienriedigens.

C. De ûnderdielen fan de trije sektoaren binne:

Noard: goud – read – blau
Goud as de himel, read as de sinne en blau as de see

East: swart – read – blau
Swart fan de Cirksena’s,
read fan Tom Broke en
blau foar it Harlingerland
(Sjoch it boek De Fryslannen foar mear ynformaasje!)

West: wyt mei sân reade pompeblêden en blau
it
wyt, it blau en de pompeblêden binne fan de Fryske flage. De pompeblêden binne symboalen fan Fryske flagen út de iere midsieuwen. It tal “sân” hat te krijen mei de sân Fryske Seelannen. 

D. Technyske omskriuwing
Formaat hichte:breedte = 2:3.
De ôfstân fan de sirkel nei de boppe- en ûnderkant fan de flage is 10% fan de flagehichte. De ôfstân fan de sirkel nei de sydkanten fan de flage is 23,333% fan de breedte fan de flage. De diameter fan de sirkel is 80% fan de flagehichte. De wite ring is 2% fan de flagehichte tsjok. De tsjokte fan de kleurde bôgen is 12,666% (76/6 %) fan de flagehichte.
Dus by de lytse flage fan 100 x 150 cm binne de ôfstannen fan boppe nei ûnder: 10 (blau) – 2 (wyt) -12,666 – 12,666 – 25,332 (blau) – 12,66 -12,66 – 2 (wyt) – 10 (blau) cm.
De 7 pompeblêden (4 bûten + 3 binnen) sitte mei de holle kant yn in hoeke fan ûngefear 40º nei rjochts omheech keard, krekt as yn de pompeblêdflage fan de provinsje Fryslân.
De pompeblêdesektor sit links ûnder yn de sirkel (= links ûnder tsjin de stôk oan. De stôk sit yn in ôfbylding fan in flage altyd links. De pompeblêden sitte dus altyd mei de holle kant nei boppe, ek as men de achterkant fan de flage besjocht) en de giele bôge sit boppe.
Kleuren:blau as fan de Europeeske flage: Pantone reflex blue EC; RGB 0/51/153 komt hjir it bêste mei oerien)giel: RAL 1021 (koalsiedgiel)read: RAL 3020 (ferkearsread)swart: RAL 9005 (gitswart)wyt: RAL 9010 (helder wyt).

It Copyright © berêst by de Ynterfryske Rie. Dat jildt foar de produksje fan flagen en stikkers. De flage mei frij fan rjochten printe wurde en elektroanysk fermannichfâldige, mei taheakjen fan ”© Ynterfryske Rie”.

 

De mienskiplike Fryske flage is beskikber yn de formaten 100 x 150 en 150 x 225 cm. De kosten binne € 25 foar de lytse en €70 foar de grutte, plus kosten. Te bestellen en ynfo by ynterfryskerieapesturtsjegmailpuntcom 

 

Ferrifeljend …

Ferrifeljend …

De LC fan 15 juny 2009, side 11, is derby troch.

1. De krante skriuwt: “De groep van Auwerk gooit een derde vlag in de strijd …” Der is lykwols gjin striid, de echte striid moat noch komme, sjoch hokker mail oft de groep ús tastjoerd hat:
“Achte Fryske Rie,
Hertlik lokwinske mei de beloofde Ynterfryske Flagge.
De doelstelling wie eartiids op Helgolân om (yn de takomst) te kommen ta in erkende offisjele polityke flagge foar alle Friezen.
De earste tûkelteam is naam binne de Ynterfryske Rie. No op nei de provinsjale steaten foar in demokratyske goedkar.
Wy binne yn spannende ôfwachting fan de fierdere stappen.
mei freonlike groenisse,”

2. Der is en wie kontakt tusken de Fryske Rie en de Groep fan Auwerk. Dat hja wisten dat wy mei de Redbadflage dwaande wiene en dat wy dy ynbrocht hawwe as ien fan de trije ûntwerpen dêr’t de ledegearkomste fan de Ynterfryske Rie in kar út meitsje moast. Us foarlêste ûntwerp hie 7 fan de oarspronklike peinjes (it lêste untwerp hie 9 peinjes, nlt. foar de 7 Fryske Seelannen en foar de 2 parten fan Noard-Fryslân). Dat ûntwerp hat it net helle. It gong der fansels om dat de 3 Fryslannen mei-inoar ien flage kieze soene dêr’t elk it mei lykfine koe. Dat sadwaande is de flage mei de sirkel op Europablau keazen. De ynformaasje oer de liuweflage stie yn it parseberjocht dat de LC tastjoerd is. It is spitich dat de flage yn de LC foar it grutste part plagiaat is, jo kinne mei de krante derby sels oardielje:

Foarlêst ûntwerp troch de Fryske Rie. Dat ûntwerp is op fersyk fan de Fryske Rie tekene troch de Fryske Rie foar Heraldyk.

 

 

De ôfbylding yn de LC  is dus krekt deselde flage, allinnich de peinjes binne yn de LC wite pompebledsjes wurden! De liuweflage is dus wis wol op ‘e tiid, hiel betiid, yn byld kommen. It probleem wie lykwols dat net genôch leden fan de Ynterfryske Rie dy flage keazen hawwe. En, nochris, it gong derom dat wy it mei-inoar iens waarden.

In protte flagen binne heraldysk net ferantwurde. Dat is op himsels spitich, mar sjoen it grutte tal flagen kin it net altyd, en trouwens, it giet om wêr’t de flage foar stiet, wat der troch symbolisearre wurdt.

3. West-Fryslân (Noard-Hollân) docht yndied net mei oan ús (sirkel)flage, hja hawwe dêr in fariant op de liuweflage oannommen. Alle Fryske regio’s yn Dútslân binne yn de Ynterfryske Rie fertsjintwurdige, dus ek it Lân Wûrsten.

4. Arno Rademachter is plakferfangend lid fan de seksje East fan de Ynterfryske Rie. Hy wie oanwêzich by de feestlike presintaasje en hat him net utere, nei ôfrin ek net. En fansels kin men in bepaalde miening hawwe oer in flage.
De koppen yn de LC fan de lêste dagen (“Nog een vlag in strijd …”; “Lezers mengen zich in vlaggenstrijd“) jouwe de wierheid net oan, der is hjir “yn ‘e provinsje” teminsten neat fan striid te fernimmen. Der binne op ’t heden wol oare saken om jin drok oer te meitsjen. De krante besiket syn lêzers yn aksje te krijen mei ûnsoarchfuldige sjoernalistyk. Efkes in telefoantsje hie op syn plak west.

De tiid moat, sa as altyd, leare hoe’t de akseptaasje fan de nije flage is. Us eigen pompeblêdeflage mei de skeane banen, hat der ek desennialang oer dien ear’t dy fêststeld waard. Dy flage bliuwt fansels bestean en soe folle mear brûkt wurde moatte. Lit ús dêr oan wurkje en gjin spul krije oer dizze oerkoepeljende flage!

Sân oer ‘t spul (net oer de flage).