Fryskbusters

Dat, bisto ek sa’n gekke, kleverige geast mei ferburgen Fryske identiteit dy’t siket nei syn slimerige soartgenoaten? Meld dy dan foar 1 july oan foar de Ynterfryske útwiksel yn East-Fryslân!

Sjoch hjir foar ynljochtings.
Fierdere ynformaasje is ek te finen op Facebook fia de groep: Fryskbustters.
http://www.facebook.com/group.php?gid=108336455862841&v=wall

Wy hoopje dy fan 31 juli o/m 4 augustus te sjen!

Foto’s Hilgelân 2010

62  foto's steane op www.flickr.com, en noch 24 (oer it dûnsjen op snein) folgje nei de moanne juny (dy geane oer it fergees te uploaden maksimum fan 100 Mb!). Der steane ek noch 19 foto's út 2007 op.
IT GIET SA:
Gean nei www.flickr.com. <Search> rjochts op fryske rie. Klik op in foto, dan komt in grutte foto. Dêrnei rjochts klikke op Fryske Rie's photostream, dat jout 81 foto's (ynklusyf 19 fan 2007)
of
klik dêrnei yn de fjirde rigel fan boppe: Sets en dêrnei op de foto mei trije flagen. Dat jout de 62 foto's van 2010.

Downloade: links boppe eltse foto: klik op all sizes, en dan kin de foto yn in bepaalde grutte downloaden wurde nei jo komputer.

Printsje kinne allinnich dyjingen dy't oanmeld binne as flickr-gebrûker. Dat is fergees en anonym. Dan kinne foto's útprinte wurde, fanôf € 0,09 it stik. Sa is dat op dit fergese programma. It kin ek wol oars mar dan moat dyjinge dy't de foto's op it www set dêrfoar betelje, dat sadwaande.

PRINTSJE DIT STIKJE EFKES FOAR JO GEMAK! (Roel K.)