Boeremoeting 2011 yn NF

                        PROGRAMMA 51e Ynterfryske Boeremoeting yn Noardfryslân
9-12 febrewaris 2011

Woansdei, 9 febrewaris
17.00 oere        Oankomst en it taroppen fan it wolkom troch
dhr. Albert Pahl, Kreispräsident des Kreises Nordfriesland,
de nije direkteur fan de Lânbouskoalle Bredstedt en
dhr. Erk Hassold, foarsitter fan de Frasche Rädj / Friesenrat Sektion Nord.
Lokaasje: Grünes Zentrum, Theodor-Storm-Str. 2 yn 25821 Bredstedt.
Ferdieling oer de gastgesinnen.

Tongersdei,10 febrewaris
9.00 oere          Sammelje by it Friisk Hüs oan de Süderstr. 6 yn 25821 Bredstedt.
Mei-inoar mei de bus nei it Wikinger-Museum Haithabu by Schleswig: folgje de Haddebyer Chaussee (B76), 200 m foar (= oan de westkant fan) Gasthaus ODINs (op nûmer 13) is oan de súdkant fan de dyk in lytse wei mei de namme Am Haddebyer Noor (stiet net op Garmin, wol op TomTom?). Mear ynfo op taheakke folder. Rûnliedings yn twa groepen mei gidsen.

Middeisiten (foar eigen rekken) foar de dielnimmers yn it histoarysk Gasthaus ODINs, Haddebyer Chaussee 13 24866 Busdorf. Tel +49 (0)4621 85 05 00.

Mei de bus nei de Sankt Petri-Dom yn it âlde sintrum, Norderdomstr., Schleswig.
Dêr rûnlieding mei gids troch de âlde biskopstsjerke út de 12e ieu (mei û.o. weardefolle keunstskatten, sa as it Brüggemann alter).
Oanslutend op eigen gelegenheid de stêd noch wat besjen of earne wat drinke.

17.30 oere        Werom mei de bus nei Noardfryslân

Freed, 11 febrewaris
9.00 oere          Sammelje by it Friisk Hüs, Süderstr. 6 yn 25821 Bredstedt foar in mienskiplike bustocht nei it KZ-monumint Ladelund (by de Deenske grins). Hjirhinne binne mear as 100 manlju út Putten (Veluwe, 1944) brocht. Dêr saakkundige rûnlieding troch mefr. Karin Penno-Burmeister fan de St.-Petri tsjerklike gemeente. In goed artikel hjiroer fine jo troch te Googlejen op “aanslag oldenallersebrug” en dan it artikel yn Trouw fan 3 okt, 1994.

Fierder mei de bus nei Hof HAPe Milch GbR (Harald Freitag und Peter Carstensen) yn Südwesthörn, Südwesthörner Str. 5A (gem. Emmelsbüll-Horsbüll). In “Gesellschaft bürgerlichen Rechts” is in maatskip.
Rûnliedings op it bedriuw mei 420 melkkij (sa’n 300 ha), sinne-enerzjy.

12.30 oere          Werom mei de bus nei it Friisk Hüs.
Fierder in frije middei.

19.00 oere          Slotjûn, Drelsdoerper Krog, Dorfstr. 2, 25853 Drelsdorf
Mienskiplik jûnsmiel (Schnitzelbuffet, foar eigen rekken). Oanslutend platdútske sketskes, muzyk en dûns.

Sneon, 12 febrewaris
            Ofreizgjen.

Opjefte sa gau mooglik (fol = fol) bij dhr Sj. van der Schaar, Mullum, tel. 0517 412 492