Romereis 2013

De Romereis wie fan 24 septimber oant 3 oktober 2013.  In fotoferslach stiet hjir. Dy reis is ornearre foar alle Friezen dy’t benijd binne hoe’t yn de midsieuwen tûzenen Friezen út wat wy tsjintwurdich de trije Fryslannen neame, rinnend of mei in hynder of stikjes mei in skip in reis nei Rome makken. Sjoch lofts: Kommendewei

Yn Rome is noch de Friezentsjerke, dy’t inkelde jierren ferlyn mei troch stipe fan ús provinsje restaurearre is. Trije nachten yn Rome… Saakkundige gidsen… Us reis giet komfortabel mei in bus en yn hotels, mar wol by plakken, kastielen, kleasters en diken del dy’t eartiids ek oandien waarden. It tige yntensive ferkear tusken Noard- en Súd Europa hat in grutte ynfloed hân op ús Fryslannen, en dêr is noch hieltyd in protte fan werom te finen yn ús taal en kultuer. Mar fansels ek boukundige ynfloeden binne oerbleaun.

Under lieding fan Jan Romkes van der Wal sil it heve. De reis is sûnder reklame dêrfoar te meitsjen al in skoft folboekt (30 dielnimmers).

It foarriedige programma stiet hjir.