Útnoeging kongres

Útnoeging Ynterfrysk kongres fan 4 – 7 juny op Söl (Sylt) / Noard-Fryslân – Gur Frinj kum iin!

Lef Frinjer, bêste freonen!

De Ynterfryske Rie is in feriening fan de trije Fryslannen of in casu fan de trije seksjes fan de Rie yn West-, East- en Noard-Fryslân. De leden binne de leden fan de Fryske Rieden en it foarsitterskip wikselt elke trije jier. Seksje Noard hat it foarsitterskip oant begjin juny, seksje East nimt it dan oer. Dêrmei eindigje trije jier mei in tal ynterfryske gearkomsten sa as boeren-, frouljus- en bestjoerdersmoetings, in reis nei Hilgelân, gearkomsten fan it deistich bestjoer, miene gearkomsten fan alle leden en in protte ideeën.

Wy wolle besjen wat wy berikt hawwe en wêr’t wy hinne wolle. Wy stelle alle Friezen yn ‘e gelegenheid yn de prachtige natoer op it Noardseeeilân Söl trije dagen meiinoar te laitsjen, te diskutearjen en dingen te dwaan dy’t it bêste oanjouwe dat wy byinoar hearre. Elkenien is wolkom! Op syn Söltersk : “Gur Frinj kum iin!”

Mei hertlike groetnis,

Ilse Johanna Christiansen
Forwüset / Vorsitzende / foarsitter
Frasche Rädj / Friesenrat Sektion Nord

 (Net-autorisearre oersetting yn it Frysk, RCK)
P.S. It (Dútsktalige) struibiljet mei it programma en de gegevens steane hjir. Hy is ek op te freegjen op it ûndersteande adres.

Frasche Rädj
Friesenrat Sektion Nord e.V.

Vorsitz im Interfriesischen Rat 2012-2015
Friisk Hüs
Süderstraße 6
D – 25821 Bräist / Bredstedt, NF
T 04671 / 602 41 50
T 04671 / 602 41 51
E sektion-nord@interfriesischerrat.de
w www.friesenrat.de
w www.interfriesischerrat.de

Oanmelding foar dit 26ste kongres, sûnt 1925, en betelling (IBAN: DE462 175 000 000 1550 5134) moat ek op boppesteand adres, oant 8 maaie.

Hoewol ’t Söl (Dútsk: Sylt) in eilân is kinne jo rinnend, mei de trein of mei de eigen auto mei de autotrein fan Naibel (Dútsk: Niebüll) dêrhinne. Dat kostet mei de auto retoer € 90, passazjiers fergees (www.syltshuttle.de). Jo kinne ek mei de auto ride nei Havneby op it Deenske eilân (!) Rømø en dan mei de boat nei List op Söl (Sylt). Dat kostet retoer € 79 ekskl. oant 20% koarting by online-boeking (www.syltfaehre.de, passazjiers fergees). En yn 40 minuten fleane jo fan Bremen nei Sylt (€ 189 inkelde reis, www.flughaven-sylt.de).

It kongres wurdt holden yn Klappholttal besuden List (yn it Noarden fan it 30 km lange eilân), mei ûnderdielen yn ûnder oaren Weesterlön (Dútsk: Westerland) en Kairem (Dútsk: Keitum). Heal-oers-bustsjinsten op it eilân: www.svg-busreisen.de. Foar neiere ynljochtings (past reizgjen mei de bus yn it programma?) sjoch hjirboppe (Friesenrat Sektion Nord).