Ferslach frouljusmoeting

Fan 9 oant 11 septimber 2020 wie de twajierlijkse frouljusmoeting. Sektion Nord hie in moai programma gearstald, dat is ek werom te finen op dit webstek. It is in nuver jier fanwege it koroanafirus en sadwaande koene der gjin froulju út Westerlauwersk Fryslân nei Noard- Fryslân ôfreizgje. Ut namme fan Sektion Ost koene der noch al in pear froulju dielnimme.

Foto’s: 2 foto’s fan de ûntfangst op 9 september, kreas op 1,5 meter ôfstân.

Frau Telse Nommensen hat ús nei it treffen in koarte reaksje takomme litten.

„It Treffen is gâns goed ferrûn. We ha jimme út Westerlauwersk Fryslân bot mist. Mar we rjochtsje ús hope oer twa jier op de folgende frouljusmoeting. Hjirby in pear foto’s, ien fan de Hamburger Hallig, dêr waard ek ferteld dat de Noardfriezen in soad fan de Westerlauwerske
Friezen by de bau fan ‘e diken leard hawwe. En in foto fan Helen Christiansen. Helen hat ferteld oer har ferbliuw yn Westerlauwersk Fryslân, in tal jierren lyn. Se hat doe by twa organisaasjes in healjier staazje rûn, nl. by in pjutteboartersplak en op de muzykredaksje fan Omrop Fryslân. Se hat dat jier aardich it Frysk leard!
Sa sjogge jimme, wy hawwe oan jim tocht en sa wiene jimme ek wat by ús.
Groetnis oan alle froulju dy’t wy kenne. Bliuw sûn!”