Bestjoerdersmoeting 2017

Einlings is it dan safier, de útstelde bestjoerdersmoeting dy’t fan 11-13 maaie 2017 plakfine sil. Is op 4 maaie cancelled.

Hjirby fine jo de útnûging en it foarriedich programma:Bestjoerdersmoeting 2017
Jo kinne jo opjaan by de skriuwer fan de Fryske Rie, Anton van der Ploeg ( fryskerie@gmail.com)
Nei opjefte ûntfange jo it definitive programma + de nota.
Wy kinne mei eigen ferfier, mar sille safolle mooglik gebrûk meitsje fan it meielkoar riden.
Wy hoopje op in goede opkomst.
Foar fierdere fragen kinne jo terjochte by:
Pytsje de Graaf,
Wethâlder gemeente Dongeradeel
(0519) 298 707
p.degraaf@dongeradeel.nl

Sis Tsiis! Aksje foar goed Frysk op skoalle

Tongersdei 22 desimber 2016 – It Saailân fol mei minsken al fier foar it begjin fan de demonstraasje. It bestjoer fan de Fryske Rie wie der fansels ek by. Der komme mear Sis Tsiis-aksjes. Komme jo dan ek? De foto is makke foar www.itnijs.frl. Sjoch dêr foar berjochten en sykje op “Goed 300 minsken” en foar oare berjochten oer de tige slagge aksje sykje op “Sukses foar sis tsiis!” Altyd nijs op itnijs!

sis-tsiis-22-des-2016

Frouljusmoeting 2016

Frouljusmoeting   21 o/m 24 septimber  2016

 Woansdei : 16.00 – 16.30   Menaam: Ynrin fan gasten en gastfroulju en in wurd fan wolkom.

Tongersdei: 9.00  Sammelpunt: gemeentehûs Menaam, Dyksterbuorren 16

Oer de Aldebiltdyk nei Aldebiltsyl; hjir in frisse noas helje. Oer Holwert en Wierum nei Peazens/Moddergat; kofje drinke yn de âlde garnalenfabryk, fiskershúskes en it fiskersmonumint besjen. Fansels sjogge wy ek efkes oer de dyk.

12.45   Fryske kofjetafel yn de Posthoorn yn Dokkum, Diepswal 21.

14.00   Besite oan it museum Dokkum: it Admiraliteitshûs, Diepswal 27. Wij kinne in kar meitsje tusken in steds-kuier of mei in pream fan it wetter ôf de stêd te besjen. Wa’t  klear is kin de stêd efkes yn.

17.00   Bij de auto’s op it parkearplak wêze. Yn de auto nei de Bonifatius boarne (kapel ?) oan de Bronlaan yn Dokkum. Dan mei de gastfrou werom nei hûs.

Freed: 10.00  Parkearje ûnder de Oldehove yn de parkeargaraazje Oldehove en sammelje ûnder de grutte muorre-beskildering fan Marijke Meu oan it begjin fan de Grutte Tsjerkestrjitte/Heer Ivostrjitte, op de sydmuorre fan De Brasserie

Nei in bakje kofje  gean wij om 11 oere nei it Keramykmuseum “It Prinsessenhof”. Nei ôfrin kinne wij meielkoar in broadsje ite (eigen rekken). De rest fan de middei frij .

19.00 Gesellige jûn mei stampotbuffet yn it doarpshûs ”Op Healwei” yn Skingen, Slappeterpsterdyk 13.

Sneon: 9.30 Doarpshûs yn Skingen

Mei elkoar noch in bakje kofje drinke en ôfskied nimme.

Kosten:

Om en de bij 85 euro p.p. + drankjes feestjûn (eigen rekken).  Wa’t sin hat om mei us mei te gean kin har( of him) opjaan by:

Jeltsje van der Mei, tel. 0518 451520 of jeltsje.menaaamapesturtsjegmail.com

Wêr wenje de East-Friezen?

Wêr wenje de East-Friezen?

Fjouwer bestjoersleden fan ús Fryske Rie hawwe op 9 april 2016 nei de lêzing west fan dr. Hajo van Lengen yn Auwerk (East-Fryslân). It ûnderwerp wie in besprek fan syn rapport (“Gutachten”) oer it fêstigingsgebiet fan de Friezen yn East-Fryslân. De eftergrûn fan de opdracht om dat rapport te meitsjen is de winsk fan East-Fryslân om as partisipant belutsen te wurden by de Beratender Ausschuss beim Innenministerium für Fragen der friesischen Volksgruppe (Riejaande kommisje by it ministearje fan ynlânske saken fan de BRD foar fragen fan it Fryske folk). It wie in nijsgjirrige lêzing. De lûdsynstallaazje hie lykwols as risseltaat dat de fjouwer harren ôffregen oft hja al oan in gehoarapparaat ta wienen. Mar lokkigernôch is it rapport ek yn boekfoarm ferskynd[1] en waard it ek noch fergees omparten.

Lêzing dr. Hajo van Lengen yn it Forum fan it Ostfriesische Landschaft, Auwerk. Arno Ulrichs en Anton van der Ploeg

Petear oer it rapport

tusken de foarsitter fan seksje East fan de Ynterfryske Rie,

Arno Ulrichs,

en de sekretaris fan seksje West,

Anton van der Ploeg. (foto S. Th. Hiemstra)

 

[1] Hajo van Lengen (2014), Zwischen Ems und Weser. Die östlichen Siedlungsgebiete der Friesen. Bräist/Bredstedt, Verlag Nordfriisk Instituut, Nr. 232, ISBN 978-3-88007-391-3, 32 Pp.

Lêzing dr. Hajo van Lengen

Dr. Hajo van Lengen , âld-direkteur fan de Ostfriesische Landschaft, hâldt op sneon 9 april 2016 in lêzing oer it eardere fêstigingsgebiet fan de East-Friezen. Dy giet oer it ûndersyk dat er dien hat yn opdracht fan it BRD-ministearje foar Ynlânske saken. Dat hat te krijen mei it oant dan net opnommen wêzen fan de East-Friezen as erkende minderheid yn de Beratender Ausschuss für Fragen  der Friesischen Volksgruppe. De Sealterlanners, Noard-Friezen en Hilgelanners sitte dêr wol fan it begjin ôf yn. Van Lengen hat syn ûnderfinings ek te boek steld yn in nijsgjirrige publikaasje dy ’t yn 2014 ferskynd is ûnder nr. 232 by Verlag Nordfriisk Instituut yn Bräist/Bredstedt, ISBN 978-3-88007-391-3: Zwischen Ems und Weser. Die östlichen Siedlungsgebiete der Friezen.