Boeremoeting 2010

 

 

Bêste minsken,

It docht ús deugd en it is ús in eare jo hjirmei út te noegjen foar de 50e boeremoeting.

Yn 1959 wienen Carsten Boysen foar Noard-Fryslân, Tobias Goemann foar East-Fryslân en Marten Minnema foar Westerlauwersk-Fryslân de grûnlizzers foar de jierlikse boeremoetings. De kontakten oer de (steats-)grinzen hinne binne wichtich en ek posityf yn de moderne Europeeske ûntwikkelingen.
De kontakten tusken de Fryslannen hawwe troch de jierren hinne ek hieltiten tige wichtich west foar it oerwinnen fan de âlde tsjinstellings yn Europa en binne sa ek posityf wurdearre troch it regear fan sawol Nederlân as de Dútske Bûnsrepublyk.
By it gasthearskip wikselje de trije Fryslannen inoar hieltyd ôf. Yn 2008 foar de 48e kear yn Noard-Fryslân, yn 2009 foar de 49e kear yn East-Fryslân. Dat betsjut dat foar de 50e boeremoeting yn 2010 de provinsje Fryslân wer oan bar is.
Reden foar in ekstra feestlike moeting.


PROGRAMMA

Woansdei 3 febrewaris
17.00 oere       Oankomst yn Restaurant-Ytkafee De Molen, Vrouwbuurtstermolen 2  yn
Froubuorren/Vrouwenparochie (tel. (0)518-403 333)

                       Iepenjen/wolkom        Sjoerd van der Schaar, foarsitter wurkgroep
boeremoeting

Spesjaal wolkom/       dr.mr. Roel Kaastra, foarsitter Ynterfryske
sprekker                    Rie/
 en foarsitter fan de Fryske Rie

Ferdieling oer de gastgesinnen.

                       De jûns nei eigen ynsjoch te besteegjen

Tongersdei 4 febrewaris
11.30 oere (tink der om: 11.20 oere oanwêzich)
                      
Provinsje Fryslân oan de Snekertrekwei 1 yn Ljouwert/Leeuwarden (tel.
(0)58-2925 925)
Untfangst troch mefrou Jannewietske de Vries, deputearre foar û.o. kultuer,
taal, keunst en letteren fan de Provinsje Fryslân.
                       Under foarbehâld: oerlangjen fan it 1e  eksimplaar fan it jubileummagazine
ynkl. DVD.
                       Lunsj, oanbean troch de Provinsje Fryslân

14.00 oere        Besite oan it ‘De Wiidpleats’ Koaidyk 8a,  te Earnewâld:
                       Yn “De Wiidpleats” komme natuer en boer byinoar. It gebou jout ûnderdak
oan it besikerssintrum, it lânboumuseum, eksposysjes, it
Wiidpleatsteater” en kongressintrum en restaurant “De Buitenplaats”
(iepene 2 april 2009 troch mefrou mr.drs. Jannewietske de Vries,
deputearre fan de Provincie Fryslân.
                       Oanslutend dêr in hapke en in drankje.

D
e jûns nei eigen ynsjoch te besteegjen.

Freed 5 febrewaris
9.30 oere          Besite oan Kwekerij A.C. Hartman B.V, Juckemaleane 10 yn
Seisbierrum/Sexbierum (0517-593100).
A.C. Hartman Sexbierum BV is in modern glêsgrientebedriuw dat al
jierrenlang gearwurket mei de grutte supermerkketen Albert Heijn. Mei
dy keten wurde strategyen útwurke foar assortimint, produktfernijing,
ferpakkings ensfh.

12.00 oere        Lunsj yn doarpshûs De Spil oan de Hopmansweg 7 yn
Mullum/Midlum.

??.00 oere        op dit stuit noch net bekend

19.30 oere        Waarm en kâld buffet yn De Spil, Hopmansweg 7 yn Mullum/Midlum.
Oanslutend in gesellich byinoar wêzen mei ynlieding, muzyk en in
hapke en in drankje.

Sneon 6 febrewaris
Ofreizgjen op eigen gelegenheid.

Rjochtbedrach ± € 70,=/p.p.
Kontant te beteljen by oankomst op woansdei 3 febrewaris yn Froubuorren.
Opjaan foar 1 febrewaris 2010 by
Sjoerd van der Schaar,
Julianaleane 15,
8872 NL  MULLUM
 tel. (0)517 41 24 92
of mei e-post by
saapke_miedemaapesturtsjeplanet.nl

 

Wy sjogge út nei jimme kommen! 

Mei freonlike groetnis,
Stichting Fryske Rie

Wurkgroep boeremoeting
Sjoerd van der Schaar, foarsitter
Daan de Hoop
Jan van der Weg
Doeke Wilman

 

Leave a Reply