Ynterfrysk kongres 2018: lêzings, wurkwinkels, muzyk en in tsjerketsjinst

It Ynterfrysk kongres (‘Friesenkongress’) behannelet op ferskate wizen it tema ‘Fryske
kultuer hjoed-de-dei’/ Pytsje de Graaf nije foarsitter

Yn it ôfrûne wykein (fan 1 o/m 3 juny 2018) waard yn Auerk (‘Aurich’, East-Fryslân/Ostfriesland) it Ynterfrysk kongres 2018 holden. Fertsjintwurdigers út de trije Fryslannen (Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, East-Fryslân yn Nedersaksen, Westerlauwersk Fryslân yn Nederlân) hawwe it tema fan de ‘Fryske kultuer hjoed-de-dei’ op ûnderskate wizen behannele yn it gebou fan de Ostfriesische Landschaft te Auerk.

It tema fan it kongres kaam op sneon 2 juny yngeand op it aljemint yn in rige lêzings dy’t op dat stee holden waarden troch heechleararen fan ’e universiteiten fan Göttingen, Hamboarch en Âldeboarch (Oldenburg). De konklúzjes út de foardrachten waarden lutsen troch dr. Niels Petersen fan ’e Universiteit fan Göttingen. Syn bydrage hie as titel ‘De syktocht nei in Fryske kultuer hjoed-de-dei yn it spanningsfjild fan regio, identiteit en kultueropfetting’. Alle lêzings binne gearfandele en wurde meikoarten troch de Ynterfryske Rie publisearre.

De leden fan ’e Ynterfryske Rie wiene tige op it skik mei de kwaliteit fan de lêzings. De bydragen jouwe de needsaaklike ympulzen foar fierdere debatten. Se sille in wichtige bydrage leverje foar it omsetten dêrfan yn konkrete projekten.

Fierders koene de dielnimmers fan it kongres dielnimme oan trije wurkwinkels mei ûnderwerpen op it mêd fan de Fryske kultuer. Ien wurkwinkel fûn plak yn it gemaal fan it ‘Entwässerungsverband Emden’ oan de Knock en hannele oer de feiligens fan de (see)diken, it heger wurden fan de seespegel en de ûntwettering. Yn it feanmuseum ‘Eiland’ yn Westgroßefehn waarden de dielnimmers yngeand ynformearre oer de skiednis fan it ûntginnen fan it (heech)fean en it yn kultuer bringen dêrfan. De tredde wurkwinkel by it kleaster Ihlow hannele oer de skiednis fan de kleasters en de Reformaasje yn East-Fryslân (Ostfriesland).

De jûns wie der yn it ‘foarum’ fan de Ostfriesische Landschaft in tige noflike en sfearfolle
muzikale jûn. De trije muzikanten Gerd Brandt, Jörg Fröse en Albertus
Akkermann hiene in optreden mei lieten en ferhalen út East-Fryslân. Njonken sels
komponearre stikjes lieten se ek lieten fan Jaques Brel, Hannes Flesner en oaren hearre.

Yn it ramt fan it kongres waard oan it begjin (1 juny) dêrfan ek de algemiene gearkomste fan de Ynterfryke Rie holden. Dêrby wiksele it foarsitterskip en gie oer fan de Seksje East nei de Seksje West. Westerlauwersk Fryslân is de kommende trije jier oan bar om de lieding te hawwen. Ta opfolchster fan Helmut Collman (Flachsmeer, Landkreis Leer) waard Pytsje de Graaf út de Nederlânske provinsje Fryslân beneamd. Der stiet no foar it earst in de frou oan de top fan de Ynterfryske Rie.

De sneins, 3 juny, waard it kongres mei in oansprekkende Platdútske tsjerketsjinst besletten yn de Steateseal (‘Ständesaal’) fan de Ostfriesische Landschaft, dy’t laat waard troch dominy (‘pastor’) Jürgen Hoogstraat fan Victorbur (Landkreis Aurich). Dat wie likegoed in treflik plak.

Arno Ulrichs, foarsitter
Leeger Weg 42, D-26632 Simonswolde
E-post: arno.ulrichs@ewetel.net; telefoan +49 (0) 4929-912916

Mei Pytsje de Graaf út de Nederlânske provinsje Fryslân stiet foar it earst in frou oan de top fan de Ynterfryske Rie

Wêr wenje de East-Friezen?

Wêr wenje de East-Friezen?

Fjouwer bestjoersleden fan ús Fryske Rie hawwe op 9 april 2016 nei de lêzing west fan dr. Hajo van Lengen yn Auwerk (East-Fryslân). It ûnderwerp wie in besprek fan syn rapport (“Gutachten”) oer it fêstigingsgebiet fan de Friezen yn East-Fryslân. De eftergrûn fan de opdracht om dat rapport te meitsjen is de winsk fan East-Fryslân om as partisipant belutsen te wurden by de Beratender Ausschuss beim Innenministerium für Fragen der friesischen Volksgruppe (Riejaande kommisje by it ministearje fan ynlânske saken fan de BRD foar fragen fan it Fryske folk). It wie in nijsgjirrige lêzing. De lûdsynstallaazje hie lykwols as risseltaat dat de fjouwer harren ôffregen oft hja al oan in gehoarapparaat ta wienen. Mar lokkigernôch is it rapport ek yn boekfoarm ferskynd[1] en waard it ek noch fergees omparten.

Lêzing dr. Hajo van Lengen yn it Forum fan it Ostfriesische Landschaft, Auwerk. Arno Ulrichs en Anton van der Ploeg

Petear oer it rapport

tusken de foarsitter fan seksje East fan de Ynterfryske Rie,

Arno Ulrichs,

en de sekretaris fan seksje West,

Anton van der Ploeg. (foto S. Th. Hiemstra)

 

[1] Hajo van Lengen (2014), Zwischen Ems und Weser. Die östlichen Siedlungsgebiete der Friesen. Bräist/Bredstedt, Verlag Nordfriisk Instituut, Nr. 232, ISBN 978-3-88007-391-3, 32 Pp.