Ferrifeljend …

Ferrifeljend …

De LC fan 15 juny 2009, side 11, is derby troch.

1. De krante skriuwt: “De groep van Auwerk gooit een derde vlag in de strijd …” Der is lykwols gjin striid, de echte striid moat noch komme, sjoch hokker mail oft de groep ús tastjoerd hat:
“Achte Fryske Rie,
Hertlik lokwinske mei de beloofde Ynterfryske Flagge.
De doelstelling wie eartiids op Helgolân om (yn de takomst) te kommen ta in erkende offisjele polityke flagge foar alle Friezen.
De earste tûkelteam is naam binne de Ynterfryske Rie. No op nei de provinsjale steaten foar in demokratyske goedkar.
Wy binne yn spannende ôfwachting fan de fierdere stappen.
mei freonlike groenisse,”

2. Der is en wie kontakt tusken de Fryske Rie en de Groep fan Auwerk. Dat hja wisten dat wy mei de Redbadflage dwaande wiene en dat wy dy ynbrocht hawwe as ien fan de trije ûntwerpen dêr’t de ledegearkomste fan de Ynterfryske Rie in kar út meitsje moast. Us foarlêste ûntwerp hie 7 fan de oarspronklike peinjes (it lêste untwerp hie 9 peinjes, nlt. foar de 7 Fryske Seelannen en foar de 2 parten fan Noard-Fryslân). Dat ûntwerp hat it net helle. It gong der fansels om dat de 3 Fryslannen mei-inoar ien flage kieze soene dêr’t elk it mei lykfine koe. Dat sadwaande is de flage mei de sirkel op Europablau keazen. De ynformaasje oer de liuweflage stie yn it parseberjocht dat de LC tastjoerd is. It is spitich dat de flage yn de LC foar it grutste part plagiaat is, jo kinne mei de krante derby sels oardielje:

Foarlêst ûntwerp troch de Fryske Rie. Dat ûntwerp is op fersyk fan de Fryske Rie tekene troch de Fryske Rie foar Heraldyk.

 

 

De ôfbylding yn de LC  is dus krekt deselde flage, allinnich de peinjes binne yn de LC wite pompebledsjes wurden! De liuweflage is dus wis wol op ‘e tiid, hiel betiid, yn byld kommen. It probleem wie lykwols dat net genôch leden fan de Ynterfryske Rie dy flage keazen hawwe. En, nochris, it gong derom dat wy it mei-inoar iens waarden.

In protte flagen binne heraldysk net ferantwurde. Dat is op himsels spitich, mar sjoen it grutte tal flagen kin it net altyd, en trouwens, it giet om wêr’t de flage foar stiet, wat der troch symbolisearre wurdt.

3. West-Fryslân (Noard-Hollân) docht yndied net mei oan ús (sirkel)flage, hja hawwe dêr in fariant op de liuweflage oannommen. Alle Fryske regio’s yn Dútslân binne yn de Ynterfryske Rie fertsjintwurdige, dus ek it Lân Wûrsten.

4. Arno Rademachter is plakferfangend lid fan de seksje East fan de Ynterfryske Rie. Hy wie oanwêzich by de feestlike presintaasje en hat him net utere, nei ôfrin ek net. En fansels kin men in bepaalde miening hawwe oer in flage.
De koppen yn de LC fan de lêste dagen (“Nog een vlag in strijd …”; “Lezers mengen zich in vlaggenstrijd“) jouwe de wierheid net oan, der is hjir “yn ‘e provinsje” teminsten neat fan striid te fernimmen. Der binne op ‘t heden wol oare saken om jin drok oer te meitsjen. De krante besiket syn lêzers yn aksje te krijen mei ûnsoarchfuldige sjoernalistyk. Efkes in telefoantsje hie op syn plak west.

De tiid moat, sa as altyd, leare hoe’t de akseptaasje fan de nije flage is. Us eigen pompeblêdeflage mei de skeane banen, hat der ek desennialang oer dien ear’t dy fêststeld waard. Dy flage bliuwt fansels bestean en soe folle mear brûkt wurde moatte. Lit ús dêr oan wurkje en gjin spul krije oer dizze oerkoepeljende flage!

Sân oer ‘t spul (net oer de flage).

Leave a Reply