Ferslach Bestjoerdersmoeting 2008 Noard Fryslân

 

Ferslach Ynterfryske bestjoerdersmoeting fan 15-18 maaie 2008 yn Leck (NF)

Om de twa jier organisearret de Fryske Rie in moeting fan gemeentlike en regionale bestjoerders út de trije Fryslannen mei it doel ris byinoar yn de keuken te sjen en fan gedachten te wikselen. Fjouwer jier lyn wie de moeting yn de East Fryske grinsgemeenten om Ihlow hinne,  twa jier lyn yn Littenseradiel en Grou – Ljouwert en dit jier yn Noard Fryslân. Utfalplak wie de Nordseeakademie yn Leck. De totale groep wie lykas wenst sa’n 30 minsken. Hjirfan kamen 12 út Westerlauwers Fryslân. Dit wienen: J. Buenk,  A. Terpstra-Vellinga, S. Van der Velde, B. Van der Heide (riedsleden Ferwerderadiel). F. Siegersma (riedslid Menameradiel). L. Bijleveld (riedslid Kollumerlân). R. Hiemstra (riedslid Wymbritseradiel). P. Vellinga ( âld riedslid ) en T. Vellinga-Zeemans. J. Hiemstra (riedslid Frjentsjeradiel). D. Willemsma ( riedslid Littenseradiel en foarsitter út namme Fryske Rie en VFG). J. Dijkstra (provinsje Fryslân en Fryske Rie).

It ûnderwerp dit jier wie “de nijste feroaringen yn gemeentepolityk en gemeentelike struktuer yn it grinsgebiet Südtondern”.

Tongersdei 15 maaie
Wichtichste part fan moetings lykas dizze binne de ûnderlinge kontakten. Hjir wie fan it begjin ôf oan alle tiid foar. Sawol foar ús groep ûnderinoar as mei de dielnimmers fan Aurich en omkriten, Sealterlân en in tal gemeenten yn Noard Fryslân. Fierders stie dizze dei yn it teken fan reizigjen en ûntfangst.

Freed 16 maaie
De dei begûn mei in besite oan it Noldemuseum yn Seebüll. Yn de bus derhinne in goede útlis fan de ynpolderingen fan de Koogen, it âlde halligenlân mei de âlde doarpen dy’t yn de Koogen kamen te lizzen en it grûngebrûk hjoed de dei. Opfallend is hoe de wynenerzjy brûkt wurdt mei in grut tal wynmûnen en ek de bio-enerzjy mei de ferbou fan in soad koalsied. It museum wie in goede kar. Emil Nolde hat altyd in soad omtinken hân foar de wearde fan it agrarysk lânskip yn it Dútsk-Deense grinsgebiet en skildere dat op in expressionistyske wize, sa’t dat ek te sjen is by oare skilders fan it waad-kustgebiet lykas de skilders fan De Ploeg.

Dan waarden wy ûntfongen yn it nije gemeentekantoar fan de regio Südtondern yn Niebüll troch it troch de oansletten gemeenten keazen haad Hauke Christiansen en de beneamde direkteur Otto Wilke. Ut de ynliedingen die bliken dat de 30 gemeenten yn dizze regio by de werstrukturearring van 2006 harren keazen rieden en boargemasters hâlden hawwe. En ek  harren foech, jildmiddels en fermogens. Mar alle 30 gemeenten besteegje de amtlike tarieding, útfiering en kontrôle út oan dit mienskiplike gemeentekantoar. Dit bestrykt in gebiet fan totaal 40.000 ynwenners mei 30 oansletten gemeenten, dy’t harren âlde grinzen hâlden hawwe. Harren ynwennertal rint fan 28 oant ca. 6000. De klam waard lein op it feit dat dit amtlike kantoar strikt ûnder de 30 gemeenterieden en boargemasters stiet en harren opdrachten tariedt en útfiert. Hjirta kieze dizze dielnimmers in fertsjintwurdigjende ried en in haad fan it gemeentekantoar, de “Amtsvorsteher”. Foar de deistige saken wurdt fierders mei eltse gemeente apart kontakt hâlden. Dit systeem liedt ta praktyske koarte linen en it meidwaan troch de ynwenner oan gemeentesaken, faak ek troch in soad frijwillige ynset foar de gemeenten. Oan de oare kant ta foldwaande amtlike fakkennis by de grutte mienskiplike tsjinst. Dizze tsjinst hat no noch 160 fte’s, mar men wol  noch 10 werom yn tal. Omdat de gemeenten neist útkearing fan hegere organen ek sels belestingen heffe kinne, bygelyks op de ynkomsten fan bedriuwen lykas wynmûnen en sels it foech oer dizze jildmiddels hawwe, kinne dizze lytse gemeenten mei goed behear, frijwillige ynset en lege amtlike kosten in soad foar de ynwenners út de wei sette. Dertroch binne der ek minsken te finen foar de faak net betelle boargemasters en riedsleden. As in gruttere skaal nedich is lykas by Leader jilden dan wurdt mei mear regiokantoaren gearwurke. Ek wurdt yn GmbH ferbân wurke, lykas by toerisme ûntwikkeling, dêr’t alle 30 gemeenten foar 5 jier oan dielnimme.

Yn de Kreis Nordfriesland te Husum, mei 160.000 ynwenners, is dizze struktuer rûnom ynfierd, mei in minimum ynwennertal foar in regio mei in eigen gemeentekantoar fan 8000. Wol moat betocht wurde dat de kreis ek taken docht, dy’t by ús ta de gemeente hearre. It gemeentekantoar wol dy lykwols wêr mooglik oernimme, lykas it bou tafersjoch.

Oanwêzich by dizze ûntfangst en ek de jûns wie dhr. Sörensen, SPD lid fan it Kreisbestjoer yn Husum en lid fan it dielsteat parlemint yn Kiel.

De folgjende ûntfangst wie by de VR bank. De lijnen binne ek hjir koart. Hauke Christiansen wie net allinne haad fan de regio Südtondern, boargemaster fan gemeente Risum-Lindholm mar hie ek lang by dizze koöperative bank de “oankeap” foar de leden regele. Want dit wie noch in regionale lânboubank fan it âlde soart, mei in bank en in oankeap poat, foar 14.000 leden. En Petra Hansen, dy’t dit programma mei Christiansen organisearre, hie hjir ek wurke.  Ek hjir wer lykas by de gemeenten in lokale praktyske oanpak mei as foarbyld de bou fan wynmûnen. Der wurdt nei stribbe dat by de oanlis fan in nij park alle eigners en bewenners yn de omkriten dielnimme en de VR bank foar it jild soarget. Ek ta in heech persintaazje fan de ynvestearring per dielnimmer as dit nedich is en elk meidwaan kin (en moat?). Omdat soarge is foar in fêste stroompriis oer in lange termyn is, is wynenerzjy foar sawol de bank as dielnimmers in sukses wurden, sa lei direkteur Sievers ús út.

Werom yn de  Nordseeakademie de jûns in lêzing fan Th. Boysen, foarsitter feriening Noardfrysk Institút en amtner minderheden yn Berlyn. De diskúsje waard laat troch I. Nommensen fan de Fryske Rie yn Noard Fryslân. Boysen joech in oersjoch troch de tiid hinne fan de politike striid foar de Fryske saak, te begjinnen mei de striid foar belestingfrijdom yn de midsieuwen. Hij lei de klam op in bettere politike fertsjintwurdiging dan de Fryske belangen yn it hjoeddeiske Noard Fryslân. Nommen wiisde op it belang fan in positive hâlding mei “Einigkeit in Vielfalt” en fan mear ienheid fan de ferskate Fryske groepen.

Sneon 17 maaie
Earst in reiske mei de boat nei de hallig Gröde. In eilantsje in lyts oere farren mei de boat, mei in pear yn it fjouwerkant boude huzen foar 12 ynwenners. En in tige smûke tsjerke. Dizze wie yn 1789 foar de achtste kear opnij boud, mei âlde banken, balken ensfh. fan earder fuortspielde gebouwen. In ferhaal fan striid tsjin de wetterfloed, mar ek belutsen wêze en betrouwen hawwe. Wa’t dizze hallig sjoen hat, falt dêrnei better de hallig op dy’t troch yndiking yn de polder, de Koog, kommen is te lizzen.

Middeis nei Denemarken. Nei Tondern. Hjir waarden wy troch de gemeentesikretaris, tagelyk direkteur amtlike tsjinst, en riedsleden fan sawol de Dútske partij yn Denemarken as de Deense partij yn Sleeswijk- Holstein ynformearre oer de Deenske fariant fan gemeentelike weryndieling. Dizze is mear fergelykber mei de oanpak yn Nederlân, mei it ferskil dat de gemeenten yn Denemarken mear foech hawwe as by ús en de rol fan provinsjes tige beheind wurden is. De gemeenten krije 80% fan it totale Deenske oerheidsbudzjet. Alle sosjale útjeften, soarch foar bern, foar alle skoallen oant 17 jier, foar rêst- en ferpleechhúzen, foar de wurkleazen en soarch foar wurk, milieu, flechtelingen mar ek de wetterlieding leit by de gemeenten. Dit frege neffens it idee fan de Denen om grutte sterke gemeenten, mei genôch krêft om ek saken lykas soarch foar jongerein oan te kinnen. Reden foar grutte gemeenten is ek de krapte oan personiel. Dizze gemeente wie krekt ûntstien út seis âlde en hie no ek 40.000 ynwenners. Oars as yn Noard Fryslân mar fergelykber mei ús wie hjir noch ien gemeenterie mei 31 leden en in keazen boargemaster. Ek de toan fan de ynlieding en wize fan oanpak troch de gemeenten hie in soad wei fan dy by de Nederlânske gemeente.

De beide riedsleden fan de Dútse en Deense partij fielden har oan beide kanten fan de grins goed fertsjintwurdige. Mar dit kaam ek troch wetlike bepalingen dy’t it foar spesifyk dizze partijen makliker makket harren yn de rieden keazen te krijen en harren te hanthavenjen.

Snein 18 maaie
Nei’t der sneontejûn tiid wie om te sjongen waard sneins fia de ponten oer de Elbe weromriden nei Ljouwert. In tige slagge reis. Troch de goede organisaasje yn Noard Fryslân, de treflike wurden fan Douwe Willemsma, ek op rym dy’t hjir oan taheakke binne, en troch de ynhâld fan it programma. We hawwe net allinne Noard Fryslân yn koarte tiid kennen leard mar foaral ek in goed kontrast sjoen tusken oan de iene kant de lytse bestjoerlike gemeente mei stipe fan it grutte amtlike kantoar en oan de oare kant de grutte gemeente mei ien bestjoer en eigen tsjinst lykas wy dat ek hawwe of faaks krije sille.

Omdat de gemeentelike fariant fan Noard Fryslân hiel oars is as wat wy kenne, mar ek omdat der it soad oerienkomsten binne yn kennis,  krêft en ynset yn doarpen soe dit model better en yn folle breder ferbân besjoen wurde moatte en dan ynbrocht wurde moatte yn de weryndielingspetearen yn Fryslân.

Jetze Dijkstra

Leave a Reply