Ljouwert KH 2018

Op it 25ste Grutfrysk Kongres yn Harns is op ferskate manieren stipe jûn oan it stribjen yn 2018 Ljouwert (Fryslân) ta Kulturele haadstêd fan Europa keazen te krijen. De Ynterfryske Rie wurket dêr graach oan mei. It ferrin is yn bygeand stikje koart en dúdlik oanjûn, bêst genôch!

Rob du Jardin

Op it Grut Frysk Kongres, 1-3 juny yn Harns, sil Rob du Jardin de jûns tegearre mei Grytsje Kingma de muzyk fersoarchje. Rob du Jardin is kandidaat foar de wildcard fan de finale fan LIET. STIM NO DALIKS OP ROB DU JARDIN; www.liet.nl, foar 28 maart.

Jimmeroan Fryslân

Kursussen Fryskeigene

Oan de waadsee yn Butjadingen (East-Fryslân, D.) wurde dit jier kusussen jûn. It giet dêrby om de Fryske kultuer yn ferbân mei it libjen oan de kusten fan Noard- en Waadsee en om de ynfloed fan dat spesiale myljeu op de minsken dy't dêr libben en hjoed-de-dei noch altyd wenje. De kursussen binne yn de wykeinen of in hiele wike en wurde jûn troch it Umweltsation Iffens. De brûkte taal is Dútsk. (Men praat dêr gjin Frysk mear mar fielt him wol Fries!)

Grut Frysk Kongres

It 25ste kongres is fan 1 oant 3 juny yn Harns.

Dizze kongressen binne sûnt 1925 om de 3 jier yn ien fan de trije Fryslannen.
De ynformaasje stiet hjir. Lêste feroaring:

De gearkomste fan de Ynterfryske Rie op freed om 15 oere (krekt), dy't iepene wurdt troch boargemaster R. Sluiter, is net yn it stedhûs mar yn it Hannemahuis, Voorstraat 56. Dêr wurde earst de flagen hyst en dêrnei gean wy nei de seal, mei alle dielnimmers. Foar de net-dielnimmers oan de (besletten) gearkomste is der nei de iepening in rûnlieding yn it nijsggjirrige museum. Oant sjen!

Opjefte: sjoch hjirûnder by Trochlêze of sjoch it Haadmenu links ûnder.
Fierdere kommunikaasje giet dan mei de e-post of de telefoan.
Wol graach daliks it oanbelangjende bedrach betelje.

Njonken de provinsje Fryslân, de Boersma-Adema Stichting en de Douwe Kalma Stifting hat ek P.W. Janssen's Friesche Stichting in finansjele stipe jûn! Tige tank!

De oanmelding is sletten!