Hilgelân 2022

Der binne alwer sawat trije jier om. It tradisjonele trijejierlikse Friesendroapen sit der wer oan te kommen, en wol fan freed 20 oant en mei snein 22 maaie 2022.

De sintrale organisaasje is diz’ kear yn hannen fan Seksje Noard (Noard-Fryslân/Dútslân). Oer it programma is noch neat bekend, wy ferwachtsje dat oer in wike as wat te krijen. De Fryske Rie hopet al wer ien of mear programmaûnderdielen te fersoargjen. Fansels fersoargje wy as Seksje West (de Fryske Rie) wol wer bus en boat.

Wa’t belangstelling hat om mei te gean, freegje wy sels ûnderdak te regeljen. Fia dizze link kin online de Helgoland-brosjuere besjoen wurde, op de lêste siden binne in hiel soad apparteminten en hotels te finen. Wachtsje net te lang mei boeken, want wat tichterby it komt,
wat dreger it faak is.
Fia Seksje Noard, krije wy ek wer in tal sliepplakken yn de jeugdherberch. Wa’t belangstelling hat foar plak yn de jeugdherberch kin my maile, dan hâld ik de list by en pas nei 1 maart 2022 kin ik yn oerlis mei Seksje Noard oer dy sliepplakken.

Elk regelet syn eigen reis- en annulearringsfersekering! Tink goed om de betingsten dy’t der jilde fanwege it koroanafirus.
Wa’t fragen hat, kin my altyd maile sekretariaatfryskerie@gmail.com 

Brochures bestellen – Helgoland

Wy ha der wer nocht oan en hoopje jo/dy ek wer te sjen!
Groetnis,
Fryske Rie

Leave a Reply