Hilgelân 2022

Takom jier binne der alwer trije jier om, tiid foar op ‘e nij in Friesen-droapen op Hilgelân (Helgoland)!
In inisjatyf fan ‘e Ynterfryske Rie (Interfriesischer Rat), en binnen de Ynterfryske Rie wurdt de organisatoaryske karre diz’ kear lutsen troch Seksje Noard. Dêrom is troch harren it inisjatyf om moai op ‘e tiid kontakt te sykjen mei Gemeinde Helgoland alfêst nommen. 
Foar jim bûsboekjes: it 21ste Friesen-droapen op Hilgelân is yn 2022 fan 20 oant en mei 22 maaie. 
Neiere berjochten folgje yn ‘e hjerst fan dit jier. 

Leave a Reply