Hilgelân 2007

Ferslach Friesendroapen Hilgelân 2007

In foech hûndert Westerlauwerske Friezen reizgen freed 1 juny ôf nei Hilgelân foar it trijejierlikse Friesendroapen op Hilgelân dat oant en mei snein 3 juny ’07 plakfine soe. It wie al wer it 16e kulturele treffen tusken ús, it saneamde Westerlauwerske, Fryslân, en ynwenners fan it Dútske Noard- en East-Fryslân. Fansels krigen de oare op it eilân oanwêzigen ek genôch fan de programma-ûnderdielen mei. Yn dy programma-ûnderdielen spiele Westerlauwersk Fryslân net swak by. Sa wie sjonger/songwriter Eddy Dykstra mei foar twa optredens, in grutte delegaasje fan de Ljouwerter Skotsploech yn hiel syn hear en fear én profesjoneel toanielspylster Klaasje Postma mei in bewurking fan har suksesfolle produksje Rolling Home.

De programma-ûnderdielen wiene fergees tagonklik en eltsenien wie oeral wolkom, benammen op de freedtejûn de Helgolanners sels, lykas de tafallich op it eilân oanwêzige oare toeristen. Sneon oerdeis kinne de eilanners faak net oan it programma dielnimme, om’t se dan beset binne mei harren wurk.

Klaasje Postma mei stipe fan har man Freark Smink foar ljocht en lûd hie freedtejûns de seal yn de Nordseehalle mûskestil. In oere lang hie se in ôfwikseljend optreden, foar in grut part yn ‘t Frysk,  ôfwiksele mei spul en spraak. Net elk koe alles meikrije, mar oanwêzigen wiene sa wie sa bot ûnder de yndruk fan Klaasje Postma’s profesjonalisme. Nei it skoft hong elk oan de lippen fan sjonger Eddy Dykstra. Dykstra die syn boadskip yn it Frysk, Dútsk en Ingelsk en hy hie de seal hielendal plat.

De workshops op sneonoerdei wiene allegearre in sukses, lykwols wikseljend kwa belangstelling. Fanwege it moaie waar kamen der net in soad ôf op de toanielwurkwinkel fan Klaasje Postma, mar dyjingen dy’t oanwêzich wiene hiene in skoandere middei op ‘e nij mei tekst, no foar it grutste part yn it Dútsk, sketskes, muzyk en filmbylden. De folksdûnswurkwinkel op it plein foar de Turnhalle loek in soad belangstelling fan jong en âld. De dûns dy’t de Ljouwerter Skotsploech oanwêzigen learde, wie hiel aardich foar dyjingen dy’t ‘m útfierden, mar ek hiel prachtich foar it publyk om te sjen. De sportwurkwinkel loek in soad dielnimmers, benammen in soad jongerein, mar elk koe meidwaan. De groepen bestrieden inoar yn it Eastfryske Gipseln, it Noardryske kloatsjitten en toulûken, de Westerlauwerske wurkwinkel fersoarge troch de jongerein fan it Frysk Yntersjonaal Kontakt, it FYK. Alles waard op film fêstlein troch dyjinge dy’t sa gelokkich wiene dat se plak krije koene yn de wurkwinkel Media.

Jûns wie in ferdivedearjend jûnsprogramma yn de Nordseehalle. Lykwols op it fjild foarôfgeand troch in demonstraasje fan de learde dûnsen troch de ferskate folksdûnsgroepen. De ‘Trachtengruppe’ fan Hilgelân liet op it toaniel fan de Nordseehalle in demonstraasje sjen fan de âlde en besteande kostúms. In nijsgjirrige learsume show dêr’t Hilgelanner jong en âld, man en frou, syn part yn hie. By de priisútrikking fan de sportwurkwinkel koene de Hilgelanners de earste priis ophelje (team Westerlauwersk Fryslân I waard tredde), it troch de wurkwinkel Film en Media makke filmke makke yndruk om’t de ynslach diz’ kear komysk wie, Eddy Dykstra hie wer in suksesfol optreden en der waard omraak dûnse by troch DJ Detlef draaide muzyk. De seal wie suver te lyts foar alle belangstelling.

Sneintemoarns in tsjerketsjinst mei in liturgy en skriftlêzings yn wol seis of sân talen. Hiel bysûnder dit jier wie it tradisjonele Hilgelanner dopen mei meiwurking fan kloften skoalbern. Sy brochten yn dracht mei harren eigen doopbeker seewetter yn ‘e tsjerke, wêrmei’t de lytse poppe doopt waard en de poppe krige doe ek syn eigen doopbeker.

Yn optocht, de folksdûnsgroepen allegearre yn de eigen klaaiïng, giet it nei it plein foar it Gemeentehûs foar in fleurich optreden, dêr’t ek in soad toeristen op ôfkamen.

Doe wie it al wer tiid om mei boat en bus nei hûs ta te gean. De sfear yn de groep wie tige by tige, want elk hie him/har skoan fermakke. Mar ris sjen op hokker programma-ûnderdielen Westerlauwersk Fryslân him oer trije jier wer profilearje kin!

Ljouwert, augustus 2007

Saapke Miedema, sekretaris/ponghâlder

Foto fan de saneamde “Hummerbuden” op Hilgelân.


 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Leave a Reply