Kongres 2009

 

 

 

Ynterfrysk Kongres 2009, in ferslach
In lytse hûndert minsken wiene op 13 juny oanwêzich op it 24e Ynterfrysk Kongres dat dizze kear in Leer, Ostfriesland, organisearre waard ûnder lieding fan de hear Dieter Baumann, foar it lêst optredend as presidint fan de Ynterfryske Rie.
Nei de iepening fan de presidint en in wurd fan wolkom troch de boargemaster fan de stêd Lier (Leer) de hear Wolfgang Kellner, waarden de trije ynlieders yntrodusearre.

De earste sprekker, Prof. Dr. K.-E. Behre fan it Norddeutsches Institut für Historische Küstenforschung yn Wilhelmshaven, prate út histoarysk eachpunt oer de ûntjouwing fan de súdlike Noardsee sûnt de lêste iistiid. Professor Behre joech útlis oer hoe’t de Dútske kust him ûntwikkele hie en wat foar faktoaren dêr in rol by spilen. Hij makke, stipe troch moai en byldzjend kaart- en fotomateriaal, dúdlik dat de minske der, bewust of ûnbewust, in grutte rol yn spile hie. De ûntwikkeling fan it fuortgean fan de befolking út ûnderrinnende gebieten, it dêrnei festigjen op ferhegings, terpen, en letter it oanlizzen fan dykjes en letter diken, is soms bij ferrassing noch werom te finen bij opgravings dy’t dien wurde foar bygelyks is oanlizzen fan diken en wenwiken. Der is noch altyd in skat oan wittenskiplik histoarysk materiaal te finen.

De twadde ynlieding waard fersoarge troch Prof. Dr. Hans von Storch, direkteur fan it GKSS, Institut für Küstenforschung yn Geesthacht. Syn tema wie: Klimaatferoaring, seespegel en stoarmfloeden: wat is ús foarútsjoch? Professor Von Storch hat ûndersyk dien nei it regionale stoarmklimaat. Hij makke dúdlik, dat syn ynstitút gjin foarsizzings die, mar inkeld de wittenskiplik ûnderboude ferskillende senario’s dy’t mooglik binne, oanjout. Hoefolle as de seespegel werklik rize sil, is net te foarsizzen. Syn ynstitút makket allinnich dúdlik dat as dat safolle sintimeter is, dan hat dat dizze gefolgen. Hij helle út nei de bestjoerders en parse, dy’t de der útkommen feiten faak ferdraaie sa’t it har it bêste útkomt, wêrnei’t ferfolgens mei in beskuldigjende finger nei de wittenskippers wiisd waard. Neffens him wie der noch genôch tiid om earst goed nei te tinken wat de bêste oplossing is foar it beskermjen fan in oprinnende wetterspegel. Der is gjin reden foar panykaksjes, dy’t de polityk soms fan doel is út te fieren. Hy wiisde dêrby ek nei it Nederlânske regear en de plannen dy’t dêr op dit stuit ûntsteane. It hie bygelyks bliken dien, dat dêr wêr’t de iiskap fan Grienlân op ien kant teit, dy oan de oare kant wer oangroeit en like hurd grutter wurdt. Hij frege him ôf wêrom’t der wol praat wurdt oer it teien mar dat net ien wat seit oer it oangroeien.

De tredde ynlieder wie de hear Franz Dieter Niemeyer, meiwurker fan it Norddeutsch Landesbetrieb für Wasserwirtschaft, Küsten- und Naturschutz (NLWKN), Forschungsstelle Küste, Norderney. De hear Niemeyer wurket, lykas professor Von Storch, foar in ynstitút dat ek wol gearwurket mei TNO yn Nederlân en hij wie dêrtroch ek goed op de hichte fan de situaasje yn it Fryske gebiet. De hear Niemeyer hie as ûnderwerp: alternativen foar dykoanlis: wat binne dat en hoe brûkber binne dy? Je soenen de kustbeskerming fuortlitte kinne en je werom lûke nei hegere parten fan it lân, sa as dat hiel froeger ek barde. Mar dat soe al gau betsjutte dat der gjin plak wie foar alle minsken en harren ekonomy. In alternatyf is it heger meitsjen fan besteande diken, mei opoffering fan wat der krekt achter stiet, of it opheegjen fan de besteande bebouwing efter de dyk. Je kinne der ek foar soargje dat it wetter earder keard wurdt troch ekstra simmerdiken yn de see oan te lizzen. Op dit stuit is der net ien mooglikheid dy’t as it Aai fan Columbus sjoen wurdt en der sil dêrom noch hurd wurke wurde moatte oan it sykjen fan alternativen.

Yn de diskusje letter op de middei waard dúdlik, dat fertsjintwurdigers fan ferskillende politike ynstânsjes, bewenners fan leech lizzende gebieten en oare goed ynformearre oanwêzigen it noch net iens wurde koene oer wat der yn de kommende tiid barre moat troch de oprinnende wetterspegel en de ferwachte waarsferoarings yn de kommende tsientallen jierren, al wie men it wol iens dat der wat barre moat.

It skoft en middeismiel wie oan board fan it “Emstraumschiff” Ms Warsteiner Admiraal, dêr’t jûns ek in waarm en kâld búffet foar de dielnimmers klear stie. Beide kearen waard der in oare rûte ôflein troch de boat, wêrtroch’t sawol it iten, de kontakten en it útsjoch tige oangenaam wine.

Nei it skoft wie de oerdracht fan it foarsitterskip en it sekretariaat/ponghâlderskip fan de Ynterfryske Rie fan seksje East nei seksje West. Dr.mr. Roel Kaastra, dy’t de foarige deis yn de gearkomste fan de Rie keazen waard ta nije presidint, krige de taken oerdroegen fan Dieter Baumann. Saapke Miedema is de nije skriuwer/ponghâlder. Kaastra  betanke de hear Baumann foar syn ynset, ek wat dit kongres oanbelanget. It folgjende, 25e, kongres sil yn 2012 plakfine yn Fryslân en sil dan ek in ekstra feestlik tintsje krije. De hear Kaastra stelde as nije burohâldster Froukje de Jong-Krap foar. Sij sil foar trije jier de taken oernimme fan Sabine Gronewold, dêr’t ek ôfskie fan nommen waard.

Op snein stie der noch in stedskuier troch Lier op it program, dy’t sa’n tritich dielnimmers luts. Dy waarden troch in entûsjaste gids en in noch entûsjastere stêdskenner Cordes rûnlaat troch de prachtige âlde binnenstêd en hja koenen fan boppe op de toer fan it stedshûs genietsje fan in prachtich útsjoch oer de stêd. Dêrnei gong eltsenien tefreden wer op hûs oan.

KOMMENDE AKTIVITEITEN

Yn 2010 steane de folgjende aktiviteiten op steapel:
Fan 3 oant en mei 6 febrewaris wurdt de 50e Fryske Boeremoeting organisearre yn Westerlauwersk Fryslân.
Maaitiid 2010: Jonge Boeremoeting yn Noard Fryslân.
Fan 17 oant en mei 19 septimber is de útwiksel fan gemeentebestjoerders yn East Fryslân. Dit is in nije datum, y.f.m. de riedsferkiezingen by ús.
Fan 28 oant en mei 30 maaie is de Hilgelânfahrt (Helgoland), dêr’t elkenien wer fan herte foar útnoege wurdt.
Fan 15 oant en mei 18 septimber: Frouljusmoeting yn Warkum en omkriten.

De programma’s fine jo letter op dit webstek.
Froukje de Jong-Krap 

Leave a Reply