Lei it ûnder de krystbeam?

Yn it Provinsjehûs yn Ljouwert krige Kommissaris fan ‘e Keninginne John Jorritsma moandei 15 desimber it earste eksimplaar fan it boek De Fryslannen út hannen fan dr.mr. Roel Kaastra, foarsitter fan de Fryske Rie.
It boek De Fryslannen jout in oersjoch fan Fryske skiednis, taal en kultuer yn Fryslân en Ostfriesland en Noardfryslân yn Dútslân. It hat fjouwer haadstikken, dy’t skreaun binne troch Piet Hemminga (Wester-lauwersk Fryslân), Hajo van Lengen (East-Fryslân) en Thomas Steensen (in ynliedend haadstik en in haadstik oer Noard-Fryslân).

It boek is rynsk yllustrearre en is ornearre foar it ‘grutte publyk’. Fansels komt ús ‘eigen’ Fryslân oan bar, mar men komt ek op in noflike wize yn ’e kunde mei ‘de oare Friezen’, harren lân, taal en kultuer en mei ús mienskiplike skiednis.

It grutste part fan it boek is oerset troch Sytze T. Hiemstra, dy’t ek de einredaksje hân hat. In lytser part troch frou Gosta Jellema. As ekstra is in nije geografyske kaart tafoege, makke troch Kerst Huisman.
It boek is in oersetting fan Die Frieslande, dat yn 2006 yn it Dútsk útjûn is troch de Interfriesische Rat/Ynterfryske Rie yn ’e mande mei it Nordfriisk Instituut, en beslacht sa’n 130 siden.

Jorritsma neamde it boek ‘zeer interessant’, ‘een standaardwerk’, ‘ik zou het iedereen willen aanbevelen’, en “leg het allemaal onder de kerstboom!

De Fryslannen wurdt útjûn troch de Afûk yn ‘e mande mei de Fryske Rie en is te keap yn de Fryske boekhannels foar € 17,50.

Leave a Reply