Nijjierssûpke

 

Nijjiersûpke Fryske Rie en Ried fan de Fryske Beweging

 

It Nijjiersûpke fan de Fryske Rie en de RfdFB is op 10 jannewaris 2008 yn it gebou fan Bogerman oan de Himdyk yn Snits middei fan 16.00 – 18.00.

It programma sjocht der sa út:

– Iepenjen troch de foarsitter fan de RfdFB

– Saapke Miedema fan de Fryske Rie fertelt wat oer de aktiviteiten fan de Rie

– Demonstraasje fan in Fryske les mei help fan telelearen

– Der wurde dit jier twa Fearen yn ‘e Broek stutsen

– Der is in muzikaal yntermezzo fersoarge troch Bogerman

– De ûntfangers fan de Fear krije it wurd.

 

Fansels is der tiid om elkoar in lokkich nijjier ta te winskjen ûnder it genot fan in hapke en in drankje.

Wy binne te gast by de Feriening foar it Kristlik Fuortset Underwiis yn de Súdwesthoeke.

Paadwizer:
Ut de rjochting Boalsert A7 /parallel oan de Harste:
op it krúspunt fan A7 mei de rûnwei (=N354) rjochtút rjochting Sintrum;

  • op rotonde by sikehûs rjochtút;
  • by de stopljochten wer rjochtút;
  • earste ôfslach rjochtsôf (Himdyk);
  • fuort wer rochtsôf it hiem fan de skoalle op.

 

 

Leave a Reply