Bestjoer

Namme en
wenplak:
Út of foar
de of it:
Spesjale funksje: Byld:
Frou Pytsje
de Graaf
Ternaard
Foarsitter fan 19 septimber 2017 ôf

Foarsitter Ynterfryske Rie juny 2018-juny 2021

Frou Saapke
Miedema
Ljouwert
Sekretaris fan septimber 2018 ôf
sekretariaatfryskerie@gmail.com
Lolke Tj.
Folkertsma
Dokkum
Ponghâlder
IBAN Fryske Rie:
NL51 RABO 0103.744.711
Fiskaal: ANBI en ANBI-cultuur
(“Stichting Fryske Rie te Ljouwert”)
RSIN 815751266
KvK 41001747
Sytze T.
Hiemstra
Drachten
Underwiis Lid
Sit yn Ried foar de Fryske Beweging.
Underwiissaken
Ridzerd
Hooijenga
Burgum
Frysk tsjerklik
fermidden
(Fryske Rie fan
Tsjrken)
Dielnimmer
Moetings mei religieuze aspekten
Kerst
Huisman
Ljouwert
Media Spesjale mediaprojekten
Teun de Jong
Sint-Anne
Organisearre
lânbou
Lid
Boeremoetings
Moetings Jonge agrariërs
Rob Jonkman
Sigerswâld
Feriening fan Fryske Gemeenten Lid
Bestjoerdersmoeting
Frou Jeltsje
van der Mei
Menaam
Fryske frouljus-organisaasjes Lid
Frouljusmoetings
Han Nijdam Fryske Akademy Lid
Wittenskiplike kontakten
Frou Gelkje
Schotanus
Snits
Bedriuwslibben Lid
Kontakten mei it bedriuwslibben

Boeremoeting 2015

Opjefte foar de 55 ste boeremoeting, fan 4-7 febrewaris 2015 yn East-Fryslân (D.) De moeting hat west.

Klik foar it programma: Boeremoeting 2015 – programma .

Wurkgroep boeremoeting

Mullum, 18 desimber 2014

 L.S.
In jier is samar wer foarby. Fan woansdei 3 oant sneon 7 febrewaris 2015 kinne wy wer nei de 55e ynterfryske boeremoeting. Dizze kear fuort oer de grins yn East-Fryslân. Gerhard Cordes hat ek no wer in hiel moai programma gearstald.

Sa ’t jim yn de bylage sjen kinne, steane der wer in tal besites oan musea op it aljemint. Der is in lêzing oer de teesearemoanje yn East-Fryslân en in besite oan in “stienhûs”. Ek de rûnlieding yn in stoeterij fan Fryske hynders liket tige nijsgjirrich te wêzen. Dêrneist is het tige aardich dat wy ynwijd wurde yn de folkssport nûmer 1 fan de Eastfriezen, it “boßeln”. Dat is in fariant fan it kloatsjitten, dat by ús yn Nederlân yn it eastlike diel fan it lân populêr is.

De slotjûn jout wer mooglikheden om in praatsje mei âlde bekenden te meitsjen, as jo dy yn de rin fan de foarôfgeande dagen teminsten al net moete hawwe. De fuotten kinne hjir dan fansels ek wer efkes fan de flier.

De kosten fan dielname wurde rûsd op 80 Euro. Dêrfoar hawwe jo dan, neist it boppeneamde, ek noch twa kear waarm iten en in bôlemiel.

Wy binne fan doel om wer mei eigen auto’s te riden en de reiskosten ûnder inoar te ferpatsjen. It is dizze kear net sa fier fuort, want alle eveneminten binne yn Leer, of tichter by de grins. Foar de organisaasje fan it ferfier en it ferbliuw yn East-Fryslân moat der sicht wêze op it tal dielnimmers.

Dêrom freegje wy jim, as jim meigean wolle, ús uterlik 10 jannewaris berjocht te dwaan as jo meigeane en mei hoe folle minsken.

 It opjaan kin by:

Sjoerd van der Schaar, Julianaleane 15, NL 8872 yn Mullum, telefoan 0517 412492, e-post s.vd.schaarapesturtsjeplanet.nl , of by:

Jan van der Weg, Mr. Boeleswei 2, 9173 GB yn Hegebeintum, telefoan 0518 412369, e-post wegvd000apesturtsjeplanet.nl

Dêrnei sille wy dan in opsetsje meitsje fan de minsken dy’t ride sille en wa ’t dan mei wa meiride kin. Jim sille dêr dan fansels op ‘e tiid berjocht fan krije.

Mei freonlike groetnis,

Sjoerd van der Schaar (foarsitter wurkgroep boeremoeting Fryske Rie)