Parseberjocht Fryske froulju treffe inoar yn 2008

 

PARSEBERJOCHT

 

Ljouwert, 21 maaie ‘08

 

Underwerp:                 Fryske froulju treffe inoar
dielnimsters socht foar frouljusmoeting 4-6 sept. ‘08

 

Yn septimber organisearret de Fryske Rie wer de twajierlikse Fryske frouljusmoeting. Us, saneamde Westerlauwerske, Fryske froulju binne diz’ kear tegearre mei de  Dútske Eastfryske Friezinnen te gast yn it Dútske Noard-Fryslân. Op it programma steane û.o. besiten oan de plakken Husum en Friedrichstadt. Fansels is der genôch romte foar it útwikseljen fan in breed ferskaat oan (Fryske) frouljussaken. De Fryske Rie bringt de dames fan 4 oant en mei 6 septimber ûnder by gastgesinnen. Oanmelding stiet frij foar elk, mar fol is fol.  Ynformaasje oer it krekte programma en oanmelding by Baukje Bosscha-Stapenséa, fia tel. 0566-650734 of e-post bosscha90@zonnet.nl

De Fryske Rie is in stifting, dy’t nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân. Dat oparbeidzjen hat op 11 septimber 1998 mei de oprjochting fan de Ynterfryske Rie e.V. in nije grûnslach krigen.

De Yntefryske Rie beskikt oer in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ‘e regel  jierren yn ‘t foar fêststeld. Sa hat de Fryske Rie tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:
v It Ynterfrysk Kongres, dat sûnt 1925 plakfynt en sûnt de fyftiger jierren ien kear yn ‘e trije jier holden wurdt, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen.

v It Friesen-droapen (foarhinne de ‘Sternfahrt der Friesen’) op Hilgolân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris de trije jier. Dit barren fan Noard-, East- en Westerlauwerske Friezen op Helgolân is en wurdt yn 2010 wer holden foar in breed publyk, út de trije Fryslannen.

v De reguliere moetingen fan de beropsgroepen dy’t yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, ôfwikseljend yn de trije Fryslannen. Begjin 2008 wie der in boeremoeting en in moeting tusken agrariërs in Noard-Fryslân. Yn maaie wie dêr ek de bestjoerdersmoeting.

Noat foar de redaksje:
Neiere ynformaasje by Stichting Fryske Rie, Saapke Miedema, sekretaris/ponghâlder, tel. 0616608348 of by de foarsitster fan ‘e wurkgroep frouljusmoeting, frou Baukje Bosscha-Stapenséa, tel. 0566-650734

Leave a Reply