16e Friesen-droapen Hilgelân 2007
1, 2 en 3 juny
“Grün ist das Land, Rot ist die Kant,
Weiß ist der Sand!
Das sind die Farben von Helgoland!”
HILGELAN 2007 WURDT MEI MOOGLIK MAKKE TROCH HIELKEMA REIZEN, PROVINSJE FRYSLÂN EN DOUWE KALMA STIFTING.
Programma (wizigings foarbehâlden):
Freed 1 juny
(yn de nacht fan tongersdei op freed tusken 3:00 en 5:00 oere) ôfreizjgen Ljouwert nei Wilhelmshaven (krekte tiid wurdt noch neier bekendmakke). Lokaasje: Van Harinxmaplein Ljouwert (auto’s kinne dêr it hiele wykein fergees stean bliuwe). Wês op ‘e tiid, bus wachtet net.
De bus stoppet nei Ljouwert allinnich noch yn Grins (lokaasje en tiid noch neier te bepalen).
Boat: oanwêzich 09:30, farre 09:00, oankomst ± 12.00 oere.
Middeis op eigen gelegenheid (foar ideeën sjoch www.helgoland.de).
(15:00-17:00 oere Miene gearkomste Ynterfryske Rie yn Rathaus = besletten)
Tusken 18:00 en 19:30 oere waarm buffet yn jeugdherberch (allinnich foar dyjingen dy’t dêr sliepe). Dit wurdt mooglik in barbecue.
20:00 oere Nordseehalle: Toaniel Klaasje Postma, oanslutend:
21:00 oere Optreden Eddy Dykstra
Sneon 2 juny
Moarns: op eigen gelegenheid.
NB Moarnsbrochje jeugdherberch is tusken 08:00 en 9:30 oere
Lunsj: foar elk op eigen gelegenheid (foar ideeën sjoch www.helgoland.de)
13:00 oere Media-wurkwinkel set útein (lokaasje mooglik kelder fan skoalle)
14:00 oere Alle oare wurkwinkels begjinne op it lân fan de skoalle (graach foar heal maaie opjaan by Saapke Miedema, jildt ek foar Mediawurkwinkel).
Kar-út:
Ø Folksdûnsjen (net nedich yn kostúm te kommen!) – fan 14.30 oere ôf yn de turnhal fan de skoalle (Oberland). Skoft fan 16.00 oant 16.20 oere). Lieding: frou Ute Fahrenburg.
Ø Sport. Alle dielnimmers wurde yn 3 á 4 groepen ferdield. Elke groep docht om bar alle sporten út Noard-, East- en West-Fryslân.
Der is in wikselbokaal foar it winnende team. Jûns priisútrikking yn de Nordseehalle. Sportûnderdiel Westerlauwersk Fryslân (toulûken) wurdt fersoarge troch Hester Knol en Roel van Dijk fan it Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK).
Lieding: Gary Funck (en Michael Becker).
Ø Media/Film. Fan 13.00 of 14.00 oere ôf: it filmjen fan yndrukken fan it Friesentreffen, it eilân, de see ensfh. ensfh. Ynklusyf útlis kamera’s en filmtechniken. Fan 16.00 oere ôf: montaazje. Der binne 3 fideokamera’s oanwêzich. As der troch de dielnimmers sels kamera’s meinommen wurde, kinne der mear persoanen dielnimme oan dizze workshop. Lieding: Claas Riecken.
Ø Toaniel troch Klaasje Postma mei help fan Freark Smink. Yn de aula fan de skoalle. Klaasje fertelt en lit sjen mei help fan bylden en muzyk hoe’t har foarstelling Rolling Home ta stân kommen is. Gelegenheid ta it stellen fan fragen.
Tusken 18:00 en 19:30 oere
Waarm buffet yn jeugdherberch (allinnich foar dyjinge dy’t dêr sliepe of in bon fan de organisaasje hat).
19:30 oere Optreden troch leden fan de workshop Folksdûnsjen (foar de Nordseehalle)
20:00 oere Iepenjen Bûnte Jûn troch foarsitter Ynterfryske Rie, Dieter Baumann
Seremoanjemaster Ingwer Nommensen
Utrikken prizen sportworkshop
Optreden Helgoländer Folksdûnsgroep
Optreden Eddy Dykstra, ôfwiksele mei DJ Detlef Petersen.
(Hiele jûn parallel yn filmsealtsje filmkes 2004 en 2007 fan Hilgelân Mediaworkshop).
Snein 2 juny
10:00 oere Oekumenyske tsjerketsjinst troch de Hilgelânner Pastor, de Noardfries ds. Dahl en ds. Morman (Eastfrysk).
Oanslutend Optreden folksdûnsgroepen yn kostúms op Rathausplein
16:10 oere Farre
Jûns 23:00 á 24:00 oere werom yn Ljouwert.
Reisynformaasje (wizigings foarbehâlden):
Iten is altyd op eigen gelegenheid. Alle programma-ûnderdielen binne fakultatyf.
Kosten
Kosten
Bedrach de man/frou
studearjende jongerein: |
Bedrach de man/frou
oaren: |
|
Dielnimmerskosten | € 3,00 | € 5,00 |
Ferfier (bus én boat)* | € 30,00 | € 60,00 |
2 oernachtings yn jongereinherberch: | ||
mei moarsbrochje, 2x waarm iten en lunsjpakket op snein | € 47,00 | € 50,00 |
totaal: | € 80,00 | € 115,00 |
It is frij wis dat der gjin toeristebelesting betelle hoech te wurden, dat wurdt sponsore troch de gemeente Hilgelân.
Prizen jongereinherberch binne ekskl. lekkens en sloop. By foarkar sels meinimme. In sliepsek is y.f.m. de hygiène net tastien! Jo kinne ek op eigen gelegenheid nei it eilân en/of sels jo oernachting regelje. Jo betelje dan allinnich dielnimmerskosten oan de Fryske Rie. * Ferfiersprizen geane út fan busferfier nei en boatferfier fan Wilhelmshaven ôf (hinne en werom)
|
-
De organisaasje slút net in kollektive reisfersekering ôf. Wy advisearje jo as jo dat wolle sels in reisfersekering ôf te sluten.
-
Opjaan is opjaan. Jo krije berjocht foar wannear’t it oanbelangjende bedrach op de bankrekken fan de Fryske Rie stean moat. By ôfsizzen koarter as fjirtjin dagen yn’t foar
-
kin it jild net weromstoarten wurde. It is mooglik sels ynfallers te sykjen.
Jeugdherberch:
Haus der Jugend Helgoland
Postfach 580
27487 Helgoland
Tel. (0)4725 341
Faks (0)4725 74 67
E-post: Haus-der-Jugend-Helgoland@t-online.de
www.djh.de
www.jugendpflege-einrichtungen.de
Sels lekkens, sloop en handoeken meinimme!
Tink der om: sliepsek is net tastien y.f.m. de (Dútske) hygiène.
Fol pensjon betsjut dizze reis:
Freed 1 juny: waarm jûnsiten* jeugdherberch tusken 18:00 en 19:30 oere
Sneon 2 juny: moarnsbrochje* jeugdherberch tusken 08:00 en 9:30 oere
Sneon 2 juny: waarm jûnsiten* jeugdherberch tusken 18:00 en 19:30 oere
Snein 3 juny: moarnsbrochje* jeugdherberch tusken 08:00 en 9:30 oere.
Elk krijt in lunsjpakket mei foar de weromreis op 3 juny.
*alles yn buffetfoarm
Foar eigen rekken en net ynklusyf: lunsj sneon 2 juny, likegoed iten/drinken foar yn de bus.
Algemien:
- – Elk krijt yn de bus of op it eilân in plattegrûntsje fan it eilân wêrop’t de lokaasjes oanjûn binne;
- – Der binne 2 banken op it eilân, mei pinautomaat;
- – Spitigernôch is it swimbad yn ferbân mei renovaasje nét iepen;
- – It Aquarium en it Heimatmuseum binne dit wykein frij tagonklik;
- – Dit wykein hoege de Helgolânreizgers gjin toeristebelesting te beteljen;
- – Opjaan foar 1 maaije; fol = fol. Begjin april wiene der 75 opjeften.
HILLEGLÂN ’07 wurdt mei mooglik makke troch Hielkema Reizen, Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting.
Kontaktpersoan organisaasje:
Saapke Miedema,
sekretaris/ponghâlder Fryske Rie
Troelstrapark 3
8918 MA LJOUWERT
e-post: saapke_miedema apesturtsje planet.nl
bankrekkennûmer: Stichting Fryske Rie 677.913.605