Simmerkamp jongerein

Jonge minsken tusken de 16 en 25 jier út West-, East- en Noard-Fryslân wurde útnoege om mei op simmerkamp te gean: in wike lang (fan 3 oant 9 augustus) op it East-Fryske eilân Spiekeroog!

Yn in gesellige wike mei sinne, strân en see, wolle wy mei minsken út de trije Fryslannen ús mienskiplike Fryske identiteit ûntdekke. It kamp wurdt organisearre troch it Friesisches Forum yn East-Fryslân. De lieding is yn hannen fan Markus Grafenburg (Aurich/Stuttgart) en Marlene Christiansen. De wichtichste fiertaal op it kamp is it Ingelsk.

Doel is dat de 25 jonge dielnimmers út de ferskillende Fryslannen mei inoar yn 'e kunde komme en mear oer elkoars kultuer te witten komme. Aktiviteiten as waadrinnen, film en fansels sport sille dan ek net ûntbrekke yn dizze wike.

Moetsje jonge minsken út West-, East en Noard-Fryslân!

Untdek it prachtige eilân Spiekeroog! It wurdt machtich moai!

De kosten (eksklusyf reis) binne € 110. De reis nei Spiekeroog ta komt dêr dan noch by. By Stichting Fryske Rie kin € 25 euro p.p. as dielnimmersbydrage oanfrege wurde, mar op is op!

Sjoch de flyer foar mear ynformaasje: rubryk Kommendewei.

Leave a Reply