Friesen-droapen Hilgelân
Jo binne/do bist fan herten wolkom om mei te gean nei dit trijejierlikse Friesen-droapen op Hilgelân. Belangstelling? Oanmelde by de Fryske Rie oant op syn lêst 14 maart 2019, fia e-mailadres saapke_miedema@hotmail.com. De kosten fariearje fan € 90 oant € 300 à € 350 de man. Dat is foar bus, boat, de measte programmaûnderdielen en…
Ynterfrysk kongres 2018: lêzings, wurkwinkels, muzyk en in tsjerketsjinst
It Ynterfrysk kongres (‘Friesenkongress’) behannelet op ferskate wizen it tema ‘Fryske kultuer hjoed-de-dei’/ Pytsje de Graaf nije foarsitter Yn it ôfrûne wykein (fan 1 o/m 3 juny 2018) waard yn Auerk (‘Aurich’, East-Fryslân/Ostfriesland) it Ynterfrysk kongres 2018 holden. Fertsjintwurdigers út de trije Fryslannen (Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein, East-Fryslân yn Nedersaksen, Westerlauwersk Fryslân yn Nederlân) hawwe it…
Fytstocht fan Noard-Fryslân nei Ljouwert
In lytse foto-ympresje fan de fytstocht fan Noard-Fryslân nei Ljouwert fan 18 oant 21 maaie 2018. Impressionen der Rad-Erlebnistour
Nije Facebook side!
Fan hjoed ôf hat de Fryske Rie syn eigen Facebookside, dêr’t berjochten op útwiksele kinne wurde oer de trije Fryslannen. Dy side kinne jo fine troch op op dizze link te klikken.
Bestjoerdersmoeting 2017
Einlings is it dan safier, de útstelde bestjoerdersmoeting dy’t fan 11-13 maaie 2017 plakfine sil. [Is op 4 maaie ôfsein.] Hjirby fine jo de útnûging en it foarriedich programma:Bestjoerdersmoeting 2017 Jo kinne jo opjaan by de skriuwer fan de Fryske Rie, Anton van der Ploeg ( fryskerie@gmail.com) Nei opjefte ûntfange jo it definitive programma + de…
Jierstikken 2016
De ‘Jierstikken’ fan de Fryske Rie 2016 steane hjir: Jierstikken 2016 einferzje 8-3. Klik earst efkes op “Jierstikken 2016”.
Reis nei Noard-Fryslân
De reis is in bytsje feroare. De tiid is itselde: fan 22 o/m 27 maaie 2017. It programma is yn de Persoanlike útnoeging reis Noard-Fryslân te finen. De lêste dei fan Opjefte is fersetten nei 28 febrewaris 2016. 😀 (Klik earst efkes hjirûnder op Trochlêze)
Sis Tsiis! Aksje foar goed Frysk op skoalle
Tongersdei 22 desimber 2016 – It Saailân fol mei minsken al fier foar it begjin fan de demonstraasje. It bestjoer fan de Fryske Rie wie der fansels ek by. Der komme mear Sis Tsiis-aksjes. Komme jo dan ek? De foto is makke foar www.itnijs.frl. Sjoch dêr foar berjochten en sykje op “Goed 300 minsken” en…
Jierstikken Fryske Rie 2015
Klik foar de jierstikken-fryske-rie-2015 .