Ynformaasje Hilgelân

It 16e Friesen-Droapen wurdt fan 1 oant en mei 3 juny ’07 organisearre troch de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân tusken de Dútske Noard- en Eastfriezen en ús saneamde Westerlauwerske Friezen.  It Friesen-Droapen, foarhinne de Sternfahrt der Friesen, is in 3-jierliks kultureel festival foar de Friezen út de hiele wrâld, mar benammen út de trije earderneamde Fryske regio’s.

Op ûnderskate plakken op it reade rotseilân binne optredens fan artysten út de trije Fryske gebieten. Ut ús Fryslân geane sjonger Eddy Dykstra mei, lykas de Ljouwerter Skotsploech en Tryater (ûnder foarbehâld), mei it stik ‘Fries yn boarger’, spile troch Aly Bruinsma en Tamara Schoppert. By goed waar wurde ek typysk Fryske sport- en spulaktiviteiten organisearre.
Fierders hat elk genôch gelegenheid om noflik wat om te strunen. Yn ‘e regel kinne ek boattochtsjes om Helgolân makke wurde, it oanbuorjende eilantsje Düne kin besocht wurde, men kin him deljaan yn ien fan ‘e Helgolanner kroechjes en folle net genôch. Boppedat is der in ferwaarme swimbad en binne der in oantal musea op it belestingfrije eilân.

It Friesen-Droapen wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting.

Elk is wolkom op de Helgolân-ynformaasjejûn op freed 26 jannewaris ’07 om 20.00 oere yn De Bres oan de Schoolstraat 4  yn Ljouwert (achter De Harmonie). De tagong is fergees. Mear ynformaasje oer dielnamekosten en ferfier fan it Friesen-Droapen yn juny ’07 komt meidertiid op fryskerie.frl.
Ynljochtings: fia it kontakt formulier.

Leave a Reply