Boeremoeting febrewaris 2008

  Dielnimmers socht foar  48e boeremoeting/Bauerntreffen  Ynterfryske Rie, 6-9 febrewaris 2008 Fan woansdei 6 oant sneon 9 febrewaris '08 organisearret in wurkgroep út namme fan de Friesenrat Sektion Nord in útwikseling tusken boeren út it Dútske Noard- en Eastfryslân en boeren út ‘ús' saneamde Westerlauwersk Fryslân. De moeting wurdt diz' kear yn it Dútske Bredstedt,…

Ynformaasje Hilgelân

Ynformaasjejûn Hilgelân 2007
Tryater en Eddy Dykstra nei 16e Friesen-Droapen

Op freed 26 jannewaris hâldt Stichting Fryske Rie jûns om 20.00 oere yn De Bres yn Ljouwert in ynformaasjejûn oer it Friesen-Droapen 2007 op Hilgelân. Ald-LC-sjoernalist Kerst Huisman en histoarikus Jetze Dijkstra fertelle oer it Noardsee-eilân en syn skiednis. Sa sil Huisman mei oan ‘e hân fan dia’s fertelle oer de tiid foar 1890, fan de prehistoarje ôf, en Dijkstra sprekke oer de tiid nei 1890, doe't it eilân Dútsk waard.