Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

2025

Stifting Fryske Rie winsket elkenien in feilige jierwiksel, in goed 2025 mei in soad (ynter-)Fryske kontakten! Dat kin û.o. 23-25 maaie op Hilgelân. It programma komt deroan!
Mear lêze...

Emearitus pastoar Jan Romkes van der Wal ferstoarn

Freed 6 desimber 2024 is ús wurdearre âld-bestjoerslid Jan Romkes van der Wal yn 'e âldens fan 77 jier ferstoarn. Jan wie sûnt 1980 pastoar yn Boalsert (en oare plakken) en wenne de lêste jierren yn Frjentsjer en Wytmarsum. Hy is bekend wurden as betinker fan it Jabikspaad. Foar de Fryske Rie wie er kontaktpersoan en mei-organisator fan Ynterfryske tsjerketsjinsten by moetings, kongressen en de trijejierlikse Hilgelânreizen. Fierders organisearre er út namme fan de Fryske Rie in tige slagge reis nei de Friezetsjerke yn Rome.Freed 13 desimber sil der in útfeartmis wêze yn 'e Franciscusbasilyk yn Boalsert (Grote Dijlakker 8), en oanslutend in begraffenis op it RK hôf yn Balk. Wy winskje syn famylje en freonen in soad sterkte ta.
Mear lêze...

Hilgelân 2025

Programma folget op koarte termyn!
Mear lêze...