Útnûging Ynterfryske frouljusmoeting
Ynterfryske frouljusmoeting 9 o/m 11 septimber 2020
yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein, Dsl.)
yn gearwurking mei de Ynterfryske Rie
Achte froulju,
De Ynterfryke Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard.
De leden binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje West (Westerlauwersk Fryslân) hat op it stuit it foarsitterskip oant 2021. Dêrnei nimt de Seksje Noard dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre. Oare moetings wurde jierliks of om de twa jier holden, lykas de frouljusmoeting. Dêrnjonken binne der ek noch oare gearkomsten foar beskate maatskiplike groepen en treffe de deistige bestjoeren en de oare bestjoersleden fan de trije seksjes inoar in kearmannich yn it jier.
Al hiel wat jierren wurkje de trije Fryslannen mei-inoar gear yn it ramt fan in soarte fan Noardseeferbân. Mar de mooglikheden fan de Ynterfryske Rie binne beheind. Dêrom is stipe fan polityk en oerheid op alle nivo’s en benammen op lokaal nivo needsaaklik.
It docht ús deugd dat de Kreis Nordfriesland en it Amt Mittleres Nordfriesland mei twa fertsjintwurdigers aktyf behelle binne by it programma fan de frouljusmoeting.
Mei it Kreislandfrauenverband, dat in pear dagen foar ús moeting syn 50-jierrich bestean fiert, binne wy bliid dat wy jo yn ‘Nordfriesland’ in wolkom taroppe meie.
Mei freonlike groetnisse,
Ilse Johanna Cristiansen,
foarsitter Frasche Rädj/Fryske Rie Seksje Noard