Grut Frysk Kongres
Yn it Provinsjehûs yn Ljouwert krige Kommissaris fan ‘e Keninginne John Jorritsma moandei 15 desimber it earste eksimplaar fan it boek De Fryslannen út hannen fan dr.mr. Roel Kaastra, foarsitter fan de Fryske Rie. It boek De Fryslannen jout in oersjoch fan Fryske skiednis, taal en kultuer yn Fryslân en Ostfriesland en Noardfryslân yn Dútslân….
Sjoch hjir foar ynfo!
Ynformaasjejûn Hilgelân 2007
Tryater en Eddy Dykstra nei 16e Friesen-Droapen
Op freed 26 jannewaris hâldt Stichting Fryske Rie jûns om 20.00 oere yn De Bres yn Ljouwert in ynformaasjejûn oer it Friesen-Droapen 2007 op Hilgelân. Ald-LC-sjoernalist Kerst Huisman en histoarikus Jetze Dijkstra fertelle oer it Noardsee-eilân en syn skiednis. Sa sil Huisman mei oan ‘e hân fan dia’s fertelle oer de tiid foar 1890, fan de prehistoarje ôf, en Dijkstra sprekke oer de tiid nei 1890, doe't it eilân Dútsk waard.
De 56ste ynterfryske boeremoeting sil wêze fan 3 o/m 6 febrewaris 2016, diskear yn ús provinsje. Hjir stiet it programma: Boeremoeting 2016 – programma Ynljochtings en opjefte graach foar 15 jannewaris 2016 by ien fan ûndersteande minsken: – Sjoerd van der Schaar, telefoan 0517-412492 of e-post s.vd.schaar@planet.nl – Jan van der Weg, telefoan 0518-412369 of e-post wegvd000@planet.nl…
De Romereis wie fan 24 septimber oant 3 oktober 2013. In fotoferslach stiet hjir. Dy reis is ornearre foar alle Friezen dy’t benijd binne hoe’t yn de midsieuwen tûzenen Friezen út wat wy tsjintwurdich de trije Fryslannen neame, rinnend of mei in hynder of stikjes mei in skip in reis nei Rome makken. Sjoch lofts:…