Jierferslach 2011
It jierferslach 2011 is hjir te sjen!
"Wat moatte jim dochs mei dy Dútsers?" Fryske gearwurking oer de grinzen hinne Tongersdei 6 maart hâldt Stichting Fryske Rie jûns om 20.00 oere yn De Bres yn Ljouwert in temajûn. Ald-LC-sjoernalist Kerst Huisman behannelet it tema ‘Wat moatte jim dochs mei dy Dútsers', Fryske gearwurking oer de grinzen hinne. Ek al is de Twadde…
It 25ste kongres is fan 1 oant 3 juny yn Harns.
Dizze kongressen binne sûnt 1925 om de 3 jier yn ien fan de trije Fryslannen.
De ynformaasje stiet hjir. Lêste feroaring:
De gearkomste fan de Ynterfryske Rie op freed om 15 oere (krekt), dy't iepene wurdt troch boargemaster R. Sluiter, is net yn it stedhûs mar yn it Hannemahuis, Voorstraat 56. Dêr wurde earst de flagen hyst en dêrnei gean wy nei de seal, mei alle dielnimmers. Foar de net-dielnimmers oan de (besletten) gearkomste is der nei de iepening in rûnlieding yn it nijsggjirrige museum. Oant sjen!
Opjefte: sjoch hjirûnder by Trochlêze of sjoch it Haadmenu links ûnder.
Fierdere kommunikaasje giet dan mei de e-post of de telefoan.
Wol graach daliks it oanbelangjende bedrach betelje.
Njonken de provinsje Fryslân, de Boersma-Adema Stichting en de Douwe Kalma Stifting hat ek P.W. Janssen's Friesche Stichting in finansjele stipe jûn! Tige tank!
De oanmelding is sletten!
Jonge minsken tusken de 16 en 25 jier út West-, East- en Noard-Fryslân wurde útnoege om mei op simmerkamp te gean: in wike lang (fan 3 oant 9 augustus) op it East-Fryske eilân Spiekeroog! Yn in gesellige wike mei sinne, strân en see, wolle wy mei minsken út de trije Fryslannen ús mienskiplike Fryske identiteit ûntdekke….
Ferslach Ynterfryske bestjoerdersmoeting fan 15-18 maaie 2008 yn Leck (NF) Om de twa jier organisearret de Fryske Rie in moeting fan gemeentlike en regionale bestjoerders út de trije Fryslannen mei it doel ris byinoar yn de keuken te sjen en fan gedachten te wikselen. Fjouwer jier lyn wie de moeting yn de East Fryske grinsgemeenten…
Dielnimmers socht foar 48e boeremoeting/Bauerntreffen Ynterfryske Rie, 6-9 febrewaris 2008 Fan woansdei 6 oant sneon 9 febrewaris '08 organisearret in wurkgroep út namme fan de Friesenrat Sektion Nord in útwikseling tusken boeren út it Dútske Noard- en Eastfryslân en boeren út ‘ús' saneamde Westerlauwersk Fryslân. De moeting wurdt diz' kear yn it Dútske Bredstedt,…
BOEREMOETING |
BAUERNTREFFEN |