Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

De Fryske Rie siket in skriuwer (m/f)

De Fryske Rie siket in skriuwer (m/f)De Fryske Rie is in aktive organisaasje dy’t as doel hat de kulturele kontakten mei de Friezen yn Ostfriesland en Nordfriesland te ûnderhâlden en te stypjen. De trije Fryslannen foarmje mei elkoar de Ynterfryske Rie (Interfriesische Rat). It bestjoer fan de Fryske Rie fertsjintwurdiget in brede achterban mei leden dy’t út allerhanne fermiddens fan it Fryske maatskiplike libben komme (ûnderwiis, wittenskip, media, tsjerken, boeren, ensfh.)De Fryske Rie siket in skriuwer (sekretaris) foar trochstrings 4 oeren wyks. * Ynhâld funksje:- Notulen gearkomsten fersoargje en rûnstjoere.- It meitsjen fan (jier-)ferslaggen.- De webside byhâlde.- Yn oerlis de korrespondinsje fersoargje.- It stypjen fan it (deistich) bestjoer yn it ûnderhâlden fan de kontakten mei de seksjes Ost en Nord.- It regeljen fan praktyske saken foar de bestjoersleden rûn gearkomsten en reizgjen nei Ynterfryske en oare gearkomsten.* Dyn profyl:- Do hast talint foar organisearjen.- Do kinst goed oerwei mei in ferskaat oan minsken.- Do hast in fleksibele ynstelling.- Do behearskest it Dútsk (mûnling en skriftlik) en it Frysk goed.- Do bist graach de spin yn it web by it stypjen fan it bestjoer.* Wat wy biede:- In soad selsstannigens yn in team mei entûsjaste minsken.- Nijsgjirrige kontakten mei kollega’s yn Dútslân.- In passende frijwilligersfergoeding.Hast do ek in passy foar de Fryske taal en kultuer en wolst dit ek graach oerbringe yn ynternasjonaal ferbân? Dan hearre wy graach fan dy! Foar mear ynformaasje oer de funksje kinst kontakt opnimme mei Gelkje Schotanus (gelkjeschotanus@gmail.com). Yn de mail graach telefoannûmer fermelde.Stjoer dyn sollisitaasje / belangstelling foar dizze funksje nei Jan Dijkstra (j.dijkstra@waadhoeke.nl).Wy besykje fan 1 septimber 2024 ôf de petearen mei kandidaten te fieren.De funksje is garandearre oant en mei 2025.
Mear lêze...

Boeremoeting 5 july 2024

Freed 5 july hat in delegaasje út namme fan de Fryske Rie op besite west yn East- Fryslân yn it ramt fan in Boeremoeting. It doel wie om op Ynter-Frysk nivo net allinnich wer kontakten te lizzen mei de lânbou en de mienskip yn de oare Fryslannen, mar ek te sjen nei de oerienkomsten fan útwurking fan Europeesk belied en situaasjes en de ferskate oplossings yn de neamde gebieten. Dêrta is der in besite brocht oan it melkfeebedriuw fan de famylje Borde yn Jemgum oan de Eems. Oanslutend ûntstiene oan ‘e keukentafel moaie petearen oer buorkjen yn de breedste sin fan it wurd yn beide regio’s en oerienkomsten en ferskillen yn regionale, lokale, lanlike en Eurpeeske regeljouwing ensfh. Nei it middeismiel hat de groep in besite brocht oan it kulturele erfguod fan it stien- en dakpannefabryk fan eartiids Cramer yn Midlum. Sûnt de 18e iuw waard der stien bakt fan klaai út ôftichele greiden oan de Eems. It fabryk wie yn 1962 noch modernisearre maar moast yn 1972 de doarren slute om't de skaalgrutte en dêrmei de konkurrinsjeposysje mei de konkurrinsje net mear fol te hâlden wie. Sûnt de sluting is de wurkgelegenheid ferdwûn en moatte de stiennen en dakpannen earne oars wei komme. Om't it fabryk noch wol werkenber is, is it sûnt 15 jier in yndustrieel monumint, beheard troch in stifting fan frijwilligers. Dêrmei is it ferhaal fan dy fabryk symptomatysk foar de yndustriële produksje yn de Fryslannen yn it algemien. In libbene kultuer bliuwt at der ek in sik brea mei fertsjinnne wurdt! Plannen binne makke om yn 2025 op ‘e nij in boeremoeting te organisearjen, en dan ek wer mei boeren út Noard-Fryslân derby.
Mear lêze...

Utnûging boeremoeting 2024

útnûging Boeremoeting 2.0 In nije foarm fan moetsjen fan boeren tusken de Fryslannen  Yn it ferline wiene der yn de wintermoannen jierliks moetings oer mearde dagen tusken boeren út de trije Fryslannen. Tsjintwurdich binne de bedriuwen grutter en it tal wurknimmers lytser, dat we wolle  graach yn ien dei op en del. Yn 2023 hat der in eksperimint west mei boeren út it Dútske East-Fryslân nei ús ta. Dat hat elk skoan foldien, want de problematiken oan beide kanten fan de grins binne gelyk, wylst de oplossings wolris ferskillend binne.In ferfolch sil plakfine op freed 5 july oankommend. Mei moarns 11:00 oere ûntfangst yn Ditzum op in feebedriuw, krekt oer de grins mei Nijskâns (Nieuweschans). Middeis sjogge wy dan by in tegelmakker en sille wy yn in noflike omjouwing de Europeeske lânboupolityk beprate en wat wy der mei-inoar oan feroarje kinne.Graach nûgje wy jo út om op 5 july mei te gean nei de Fryske boeren yn ‘Ostfriesland’.Wy reizgje mei eigen auto’s. De Fryske Rie stipet de boeremoeting mei subsydzje en der sil in net al te grut bedrach oan eigen bydrage frege wurde.Mear ynformaasje en opjaan kin by de fertsjintwurdiger foar de lânbou yn Stifting Fryske Rie,Teun de JongSint AnneTil: 06 53 65 67 95Mail: t.s.dejong@ziggo.nlDe boeremoeting wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de Provinsje Fryslân.Foto: groepsfoto fan de dielnimmers yn 2023
Mear lêze...