Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Ynterfrysk Kongres 2024 Programma bekend en opjaan kin al (op syn lêst oant 10 maaie 2024)

De Ynterfryske Rie organisearret fan 31 maaie oant en mei 2 juny 2024 in Ynterfrysk Kongres op it Noardfryske eilân Sylt (Söll). It programma is bekend, sjoch taheakke, en opjaan kin no al. Of by de Fryske Rie, sekretariaatfryskerie@gmail.com of streekrjocht by Frasche Rädj/Friesenrat Sektion Nord e.V.Foar wa’t him/har by de Fryske Rie oanmeldt, wurdt as dat nedich is sintraal it ferfier koördinearre.De Ynterfryske Rie (Interfriesischer Rat) is de oerkoepeljende organisaasje fan de Fryske Rie (Fryslân), de Frasche Radj (Noard-Fryslân Dútslân) en de Freeske Raad (East-Fryslân Dútslân). It foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie wikselet om de trije jier. It trijejierrich foarsitterskip fan de Ynterfryske Rie, dat fan healwei 2021 oant en mei healwei 2024 is, wurdt tradisjoneel ôfsletten mei in Ynterfrysk Kongres.De Fryske Rie is de Westerlauwerske ôfdieling fan Interfriesischer Rat (Ynterfryske Rie). De Fryske Rie hat as doel it ûntwikkeljen fan de Fryske kontakten yn de breedste sin fan it wurd (kultureel, bestjoerlik, ekonomysk, taalkundich) met help fan ynternasjonale Europeeske kontakten en troch it skeppen en ûntwikkeljen fan middels dy’t sokke kontakten tusken benammen dy fan de trije Fryslannen mooglik te meitsjen. It bestoer bestiet út in tal persoanen, dy’t ferskate  sektoaren fertsjintwurdigje (sjoch webstek, Stifting Fryske Rie). It is bysûnder, dat de stifting al frij koart nei de Twadde Wrâldkriich oprjochte waard en sûnt dy tiid útwikselings organisearre hat.Utnûging Ynterfrysk Kongres op Sylt ‘Goede freon kom deryn’31 maaie – 2 juny 2024                      Bêste minsken,De Ynterfryske Rie is in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, oftewol de trije seksjes yn West, East en Noard. De leden besteane út de leden fan de Fryske Rieden en it foarsitterskip wikselet om de trije jier. Seksje Noard is oant oant begjin juny foarsitter, dêrnei nimt seksje East it roer oer. Dêrmei wurdt trije jier ôfsletten mei in rige ynter-Fryske gearkomsten lykas it frouljustreffen, de Hilgelân (Helgoland)-reis, in bestjoersgearkomste, algemiene gearkomsten en in soad ideeën. Nettsjinsteande tsjinwurkjende omstannichheden sa as de koroanakrisis wolle wy sjen nei wat wy berikt hawwe en wêr 't wy hinne wolle.Dat wy biede alle Friezen gelegenheid om trije dagen mei-inoar te laitsjen, te diskusjearjen en gewoan dingen te dwaan dy’t it bêste beskriuwe dat wy byinoar hearre yn de prachtige natuer op it Noardsee-eilân Sylt. Elkenien is wolkom! Op Söl'ring, dat yn it Sylter Frysk betsjut:  ,goede freon kom deryn’.»Gur Frinj kum iin!«Me hartelk GröötnisenIlse Johanna ChristiansenFoarsitter Frasche Rädj / Friesenrat Sektion Nord en Interfriesischer RatTaheakke it programma en ynformaasje oer de kosten.Ut Westerlauwersk Fryslân wei wurdt opjaan, al as net mei-inoar reizgjen ensfh. koördinearre trochSeksje West: Stifting Fryske Rie, sekretariaatfryskerie@gmail.comwww.fryskerie.frl 
Mear lêze...

21 febrewaris 2024 Ynternasjonale Memmetaaldei Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde

Op 21 febrewaris is it wer Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes.Yn 2024 organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film de fertoaning fan de film Mittagsstunde, oftewol Middeisoere.Dy Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde fan regisseur Lars Jessen is om 19:30 oere yn Slieker Film, oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert.Elkenien is wolkom. Kaarten kinne fan no ôf besteld wurde fia it webstek fan Slieker www.sliekerfilm.nl Programma > Slieker (sliekerfilm.nl) foar € 11,50/stik (koarting mei biblioteekabonnement, COC-, vrienden- of CJP-tickets).De film fan 93 minuten is basearre op de bestseller mei deselde titel fan skriuwster Dörte Hansen. Der binne twa ferzjes fan de film makke: ien mei dialogen yn it Platdútsk, en ien mei dialogen yn it Heechdútsk. It EBLT presintearret de Platdútske ferzje, mei ûndertitels yn it Frysk.MittagsstundeMittagsstunde (“middeisoere”) folget universitêr dosint Ingwer (47) út Kiel, dy’t in sabbatical nimt omdat syn âldelju Sönke en Ella op it Noard-Fryske plattelân harren sels net mear rêde kinne. Heit is kwetsber, mar besiket achter de rollator stân te hâlden as kroechbaas en mem is it paad hieltiid mear bjuster. Ingwer komt der al gau achter dat net allinnich syn aldelju feroare binne, mar ek it doarp Brinkebüll. De skoalle en de winkel binne ticht en de kastanjebeammen yn de buorren moatte wike foar de grutte frachtauto’s en lânboumasines. Fan de mienskip is net folle mear oer...De wat mankelike film Mittagsstunde giet oer de bysûndere famyljeskiednis fan Ingwer en de – ek foar ús Fryslân – tige werkenbere feroarings op it plattelân en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelânsbewenners noch as alles ferdwynt?Nederlânske premjêreBoek én film hawwe yn heech tempo it Dútske taalgebiet ferovere. De film wie de bêst besochte filmhûsfilm fan Dútslân yn de winter fan 2022/2023. De Dútske media wiene loovjend en neamden de film ‘in Noarddútske pearel’ en de film waard priizge as humoristysk, weemoedich en gefoelich.Mittagsstunde wie net earder te sjen yn in Nederlânske bioskoop of filmhûs. EBLT, Mercator en Slieker bringe dêr feroaring yn en presintearje de film ûnder de Fryske titel Middeisoere. De premjêre wurdt in meartalige fertoaning. Yn de film wurdt neist it Dútsk benammen in soad Platdútsk sprutsen, in taal dy’t besibbe is oan i Nedersaksysk. De film is troch Geertrui Visser foarsjoen fan ûndertitels yn it Frysk.Ynternasjonale MemmetaaldeiIt is alwer de tsiende kear dat it EBLT mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje op ’e Ynternasjonale Memmetaaldei. It EBLT is in koepelorgaan dat de promoasje en beskerming fan de minderheidstalen yn Nederlân neistribbet. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, it Nedersaksysk, it Biltsk en it Papiamentu.
Mear lêze...

Delegaasje Fryske Rie nei Biike Empfang 2024

Biike empfangSnein 18 febrewaris organisearre de Frasche Rädj - Friesenrat Sektion Nord e.V. de jierlijkse Biike Empfang. In resepsje om it tradisjonele Biikebrennen hinne, yn de Koogshalle yn Reussenköge. Om’t de Friezen ferlet hiene fan in eigen netwurkbyienkomst waard tweintich jier lyn  de earste Biike Empfang organisearre. Diz’ kear wie der ek in delegaasje út namme fan de Fryske Rie oanwêzich: Froukje de Jong-Krap, Onno Falkena, Saapke Miedema en Teun de Jong. Foarsitter Ilse Johanna Christiansen spesjaal wolkom wie der foar Karin Prien, sûnt juny 2022 minister fan Ûnderwiis foar de dielsteat Sleeswijk-Holstein. It oare spesjale wolkom wie foar de delegaasje út Westerlauwersk Fryslân. Yn it Frysk troch Marlene Christiansen. Nei ynliedings oer it yn Noard-Fryslân te hâlden Europeesk fuotbaltoernoai foar minderheden spriek de minister oer ûnderwiis. Neffens har is it Frysk ûnderwiis oer de dip hinne, der is ekstra jild beskikber steld foar mear Frysk learmiddels. Se wol har der foar ynspanne dat it Frysk wer wat groeie kin. 
Mear lêze...