Frouljusmoeting 2016
Frouljusmoeting 21 o/m 24 septimber 2016
Woansdei : 16.00 – 16.30 Menaam: Ynrin fan gasten en gastfroulju en in wurd fan wolkom.
Tongersdei: 9.00 Sammelpunt: gemeentehûs Menaam, Dyksterbuorren 16
Oer de Aldebiltdyk nei Aldebiltsyl; hjir in frisse noas helje. Oer Holwert en Wierum nei Peazens/Moddergat; kofje drinke yn de âlde garnalenfabryk, fiskershúskes en it fiskersmonumint besjen. Fansels sjogge wy ek efkes oer de dyk.
12.45 Fryske kofjetafel yn de Posthoorn yn Dokkum, Diepswal 21.
14.00 Besite oan it museum Dokkum: it Admiraliteitshûs, Diepswal 27. Wij kinne in kar meitsje tusken in steds-kuier of mei in pream fan it wetter ôf de stêd te besjen. Wa’t klear is kin de stêd efkes yn.
17.00 Bij de auto’s op it parkearplak wêze. Yn de auto nei de Bonifatius boarne (kapel ?) oan de Bronlaan yn Dokkum. Dan mei de gastfrou werom nei hûs.
Freed: 10.00 Parkearje ûnder de Oldehove yn de parkeargaraazje Oldehove en sammelje ûnder de grutte muorre-beskildering fan Marijke Meu oan it begjin fan de Grutte Tsjerkestrjitte/Heer Ivostrjitte, op de sydmuorre fan De Brasserie
Nei in bakje kofje gean wij om 11 oere nei it Keramykmuseum “It Prinsessenhof”. Nei ôfrin kinne wij meielkoar in broadsje ite (eigen rekken). De rest fan de middei frij .
19.00 Gesellige jûn mei stampotbuffet yn it doarpshûs ”Op Healwei” yn Skingen, Slappeterpsterdyk 13.
Sneon: 9.30 Doarpshûs yn Skingen
Mei elkoar noch in bakje kofje drinke en ôfskied nimme.
Kosten:
Om en de bij 85 euro p.p. + drankjes feestjûn (eigen rekken). Wa’t sin hat om mei us mei te gean kin har( of him) opjaan by:
Jeltsje van der Mei, tel. 0518 451520 of jeltsje.menaaamapesturtsjegmail.com