Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Programma Ynterfryske Frouljusmoeting 10 - 13 september 2024

Programma Ynterfryske Frouljusmoeting fan 10 oant en mei 13 septimber 2024Tiisdei 10 septimber15.00 oere     Moetingspunt: Alte Wieke 6, 26632 Ihlow                             Begroeting dielnimsters yn it Rathaus (gemeentehûs) Ihlow                             Untfangst troch boargemaster Arno Ulrichs17.00 oere     Moetingspunt: Kompanieweg 3A, 26632 Ihlow                             Keamerferdieling yn it Gästehaus am Ihler Meer18.00 oere     Jûnsiten yn Café am Ihler Meer19.30 oere     Noflik treffen mei-inoar yn it GästehausWoansdei 11 septimber8.30 oere      Moarnsbrochje yn Café am Ihler Meer10.00 oere    Moetingspunt: Kirchwyk 5, 26624  Südbrookmerland                            Georgswall 1 – 5, 26603 Aurich                            Rûnlieding yn it Konsintraasjekamp                            Herdinkingsplak Engerhafe12.30 oere    Moetingspunt: Friesenweg 2, 26624 Südbrookmerland                            Middeismiel by Herberts yn Moordorf14.00 oere    Moetingspunt: Victorburer Moor 7A, 26624 Südbrookmerland                            Besichtiging en oanslutend Teetafel                              (spesjale Ostfrysk teedrinke) yn                             it Moormuseum Morrdorf18.00 oere    Jûnsmiel mei bôle yn Gästehaus am Ihler Meer                            Jûnskuier en oanslutend noflike jûn mei-inoarTongersdei 12 septimber8.30 oere      Moarnsbrochje yn Café am Ihler Meer10.00 oere    Moetingspunt Georgswall 1–5 , 26603 Aurich                            Besite oan de Ostfriesische Landschaft                             mei tee en krintebôle12.00-14.00  Frije tiid yn Aurich14.30 oere    Moetingspunt: Zum Forsthaus 1, 26632 Ihlow                            Rûnlieding yn it Kleaster Ihlow                            mei oanslutend tee/kofjetafel18.00 oere    Breamiel yn Gästehaus am Ihler Meer                           Oanslutend noflike jûn mei-inoarFreed 13 septimber 8.30 oere      Moarnsbrochje yn Café am Ihler Meer10.00 oere    ÔfskiedYnformaasje en oanmeldingDe kosten foar it hiele pakket, eksklusyf reiskosten, binne € 200,00 de persoan.Fan de Fryske Rie kinne dielnimsters út Westerlauwersk Fryslân in temjittekommen oan dielnimsterskosten en/of reikosten temjitte sjen.Nei opjefte ûntfange de dielnimsters in rekken. De oanmelding is binend en definityf nei it beteljen fan de rekken. Wa’t allinnich oan ien of mear programmaûnderdielen meidwaan wol, betellet op de dei sels en op it plak de kosten dêrfoar. Dat wol graach oanjaan by it oanmelden.Opjaan en mear ynformaasje by Akkie Lindeboom-Jager fia e-mail: alindeboomjager@hetnet.nl of tillefoanysk: 06-20582709.
Mear lêze...

Opjaan Ynterfryske Frouljusmoeting

De Ynterfryske Rie organisearret in ynterfryske frouljusmoeting. Dy twajierlikse moeting is fan 10 oant en mei 13 septimber 2024 yn East-Fryslân, regio Ihlow, Aurich en Südbrookmerland.It is in útwiksel fan froulju út de 3 Fryslannen en dielname stiet iepen foar alle froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. De organisaasje is diz’ kear yn hannen fan Seksje East fan de Ynterfryske Rie. De ynstek is om meielkoar yn ’e kunde te kommen én om yn ‘e kunde te kommen mei it “oare” Fryslân.It hiele programma, de kosten en hoe op te jaan stiet op de webside fan Stifting Fryske Rie en op Facebook.com/FryskeRieYnformaasje oer it programma is te krijen by Akkie Lindeboom-Jager fia email: alindeboomjager@hetnet.nl of tillefoanysk: 0620582709.Opjefte foar froulju dy't belangstelling hawwe om diel te nimmen, stiet no iepen. Opjaan kin by de Fryske Rie, fia e-mailadres alindeboomjager@hetnet.nl Opjaan kin ek foar in part of parten fan it programma.Mear ynformaasje is te krijen fia neamd e-mailadres.Tink der om der is beheind plak, fol is fol.De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard.De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje Noard hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2024. Dêrnei nimt de Seksje East dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre, dat sil wer yn 2025 plakfine.
Mear lêze...

Hilgelân (Helgoland) 2025 - data bekend

Oan it begjin fan de sechstiger jierren ûntstiene de earste oerwagingen foar in ynter- Fryske gearkomste foar alle leeftiidsgroepen. Yn 1962 wie it earste treffen op Hilgelân, dat om ‘e trije jier East-, West- en Noard-Friezen yn de betide simmer foar trije dagen nei it offshore-eilân lûkt. 23–25 maaie 2025 is it wer safier. De organisaasje wikselet om ‘e trije jier fan seksje en takom jier is de organisaasje yn hannen fan de Fräiske Räid (Sektion East). Programma en opjaan wurdt begjin 2025 ferwachte.
Mear lêze...