Stifting Fryske Rie

Lêste nijs

Bestjoersleden nij buro Friesenrat Ost bekend

De 'Seksje East' fan de Ynterfryske Rie (Ostfriesland en omkriten) hat sûnt koart in sintraal bestjoersplak yn Aurich ta syn foldwaan, tanksij de stipe fan de oerheid yn Dútslân.De lieding fan it buro is no yn hannen fan Kirsten Mahnke. Maike Beekmann is har assistint.Op de foto sjogge wy: Arno Ulrichs, Maike Beekmann, Kirsten Mahnke, Matthias Stenger (Ostfriesische Landschaft) en Volker Landing (ponghâlder).Dit stikje wurdt ynkoarten oanfolle en bywurke.  
Mear lêze...

Wer twa filmkes oer Helgolân-reis fan 1968

Ben Wester fan it Westfries Genootschap hie earder yn dit jier in filmke fûn oer it Friesendroapen fan 1968 (sjoch dizze webside), de 'ternfahrt der Friesen'. Okkereis hat er twa nije filmfragminten útitselde jier oantroffen. Dy filmkes komme út it Fries Film- en Audio-archief. We sjogge, wer, de see, börteboote, folksdûnsersen taskôgers, de Lange Anna, de tsjerke en it hôf, de Fryske en de Europeeske flagge en de tax-free-shop. Makkers fan de filmkes binne Jan Jongsma en Keimpe Sikkema. https://www.friesfilm-audioarchief.nl/collectie/AV2663 https://www.friesfilm-audioarchief.nl/collectie/AV0972
Mear lêze...

Jierferslach 2025

Jierferslach 2025 Fryske Rie.docx
Mear lêze...