Der binne wer sawat wer trije jier om en it tradisjonele trijejierlikse Friesendroapen sit der wer oan sit te kommen, en wol fan freed 20 oant en mei snein 22 maaie 2022.
De sintrale organisaasje is diz’ kear yn hannen fan Seksje Noard (Noard-Fryslân/Dútslân). Hjirby fynsto/fine jo de útnûging en it programma:
Download hjir de útnûging en it programma
Opjeften út Westerlauwersk Fryslân en Westfriesland wei rinne fia ús, de Fryske Rie, seksje West.De folsleine jeugdherberch is foar de Ynterfryske Rie ôfhierd, foarearst ha wy as Fryske Rie 1/3 fan alle sliepplakken! Nei 14 dagen wurdt alles frijjûn en hat dyjing dy’t earst yn ‘e roef komt, kâns fan plak. Opjeften fan dyjinge dy’t yn de jeugdherberch sliepe wolle, soe ek dan ek graach ûntfange.
Dyjinge, dy’t oar oernachtingsplak hawwe wolle, boeke dat sels. Op fersyk kinne wy in list fan mooglikheden stjoere. Elk regelet syn eigen reis- en annulearringsfersekering! Tink goed om de betingsten dy’t der jilde fanwege it koroanafirus.
Wa’t fragen hat, kin altyd maile sekretariaatfryskerie@gmail.com
Brochures bestellen – Helgoland
Wy ha der wer nocht oan en hoopje jo/dy ek wer te sjen!
Mei freonlike groetnis
Fryske Rie
Saapke Miedema, sekretaris
Hjirûnder de link nei de Dútske ferzje fan de útnûging.
Liiwe waane,
Anbei der Flyer online: http://www.friesenrat.de/ifr/2022/friesendroapen.pdf