De Ynterfryske Rie organisearret in ynterfryske frouljusmoeting. Dy twajierlikse moeting is fan 10 oant en mei 13 septimber 2024 yn East-Fryslân, regio Ihlow, Aurich en Südbrookmerland.
It is in útwiksel fan froulju út de 3 Fryslannen en dielname stiet iepen foar alle froulju út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. De organisaasje is diz’ kear yn hannen fan Seksje East fan de Ynterfryske Rie en der binne 38 dielnimsters. De ynstek is om meielkoar yn ’e kunde te kommen én om yn ‘e kunde te kommen mei it “oare” Fryslân, benammen op it mêd fan kultuer, taal en indintiteit. Nei in ûntfangst op it stedhûs fan Ihlow, steane der besites op it programma û.o. oan it kleaster yn Ihlow, it konsintraasjemonumint Engerhafe en it Moormuseum yn Moordorf.
De frouljusmoeting wurdt mei mooglik makke troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân.
De frouljusmoeting is in aktiviteit fan de Ynterfryske Rie, in gearwurkingsferbân fan trije Fryslannen, resp. fan de trije seksjes dêrfan yn West, East en Noard.
De leden fan de Ynterfryske Rie binne de trije Fryske Rieden en it foarsitterskip dêrfan wikselet om de trije jier. De Seksje East hat op it stuit it foarsitterskip oant healwei 2027. Dêrnei nimt de Seksje West dat wer foar trije jier oer. Neffens in fêst skema wurdt der om de trije jier ek in Friezemoeting op Hilgelân (Helgoland) organisearre, dat sil wer yn 2025 plakfine.