De Frasche Rädj, Seksje Noard fan de Ynterfryske Rie, dêr’t ek de Fryske Rie diel fan útmakket, organisearret yn ynter-Frysk ferbân fan freed 13 oant en mei snein 15 oktober 2023 in bestjoerdersmoeting (Kommunalpolitikertreffen). De moeting, ynklusyf oernachting, is yn yn de Nordsee Akademie yn Leck, Noard-Fryslân, Dútslân.


As haadtema is keazen foar waarmteopwekking op gemeentlik nivo.


Elk is wolkom! De bestjoerdersmoeting is benammen bedoeld foar bestjoerders, sa as boargemasters en wethâlders, beliedsamtners fan gemeenten en Provinsje Fryslân, bestjoerders fan Wetterskip Fryslân en organisaasjes en bedriuwen dy’t wat mei it tema hawwe.


Oangeande it programma hat de organisaasje kontakt mei it regionale distriktsbestjoer  en Florian Lorenzen, politikus fan de CDU en distriktsbestjoerder fan it distrikt Noard-Fryslân.


Ütnûgings mei it krekte programma folgje, mar it sjocht der yn haadlinen sa út:


Freed 13 oktober

Oanreisdei nei Leck ± 5 oeren riden, (nei winsk yndividueel of mei-inoar ride), jûns gelegenheid om mei-inoar yn ‘e kunde te kommen en alfêst ûnderfinings út te wikseljen


Sneon 14 oktober

Bestjoersmoeting


Snein 15 oktober


Nei it moarnsbrochje: weromreis


Kosten en uterste opjeftedatum: noch net bekend (Stifting Fryske Rie nimt ek in part fan de kosten op har)


De bestjoersmoeting wurdt perioadyk holden yn ien fan de trije Fryslannen (Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân).


20231013-15_IFR_Kompol_LECK.pdf