Ferslach yn de Ostfriesische Zeitung 5 july 2024


Ferslach door Teun de Jong/ Fryske Rie - Freed 5 july hat in delegaasje út namme fan de Fryske Rie op besite west yn East- Fryslân yn it ramt fan in Boeremoeting. It doel wie om op Ynter-Frysk nivo net allinnich wer kontakten te lizzen mei de lânbou en de mienskip yn de oare Fryslannen, mar ek te sjen nei de oerienkomsten fan útwurking fan Europeesk belied en situaasjes en de ferskate oplossings yn de neamde gebieten. 
Dêrta is der in besite brocht oan it melkfeebedriuw fan de famylje Borde yn Jemgum oan de Eems. Oanslutend ûntstiene oan ‘e keukentafel moaie petearen oer buorkjen yn de breedste sin fan it wurd yn beide regio’s en oerienkomsten en ferskillen yn regionale, lokale, lanlike en Eurpeeske regeljouwing ensfh. Nei it middeismiel hat de groep in besite brocht oan it kulturele erfguod fan it stien- en dakpannefabryk fan eartiids Cramer yn Midlum. Sûnt de 18e iuw waard der stien bakt fan klaai út ôftichele greiden oan de Eems. It fabryk wie yn 1962 noch modernisearre maar moast yn 1972 de doarren slute om't de skaalgrutte en dêrmei de konkurrinsjeposysje mei de konkurrinsje net mear fol te hâlden wie. Sûnt de sluting is de wurkgelegenheid ferdwûn en moatte de stiennen en dakpannen earne oars wei komme. Om't it fabryk noch wol werkenber is, is it sûnt 15 jier in yndustrieel monumint, beheard troch in stifting fan frijwilligers. Dêrmei is it ferhaal fan dy fabryk symptomatysk foar de yndustriële produksje yn de Fryslannen yn it algemien. In libbene kultuer bliuwt at der ek in sik brea mei fertsjinnne wurdt! 
Plannen binne makke om yn 2025 op ‘e nij in boeremoeting te organisearjen, en dan ek wer mei boeren út Noard-Fryslân derby.