By de Fryske Rie en de Friesenrat besteane al in skoft plannen oer in toeristykse "Straße der Friesen", dy't alle midsiuwske Fryske plakken ferbine moat.
Fanâlds bestiet der wol in beskieden fariant fan die Straße, mar dy wurdt meast "Bahn" neamd. It is de treinferbining tusken Grins en Leer. Dy ferbining is sûnt 2015 ferbrutsen west, omdat de Iems-brêge by Weener oanfearn waard. Dy brêge hat de namme fan - hoe kin it ek oars? - Friesenbrücke.
Mar der is no goed nijs. Sûnt 5 oktober rydt de trein wer, op de saneamde Bahnstrecke Wunderline. Dat goede nijs wie al ferskate kearen oankundige troch Arriva, en hieltyd wer ynlutsen en útsteld. Oan beide kanten fan de steategrins is der in soad om gniisd. It sil wol klearkome as de keallen op it iis dûnsje. Mar no is it dan sa fier.
Tagelyk binne der ek twa nije treinstasjons iepene (of alteast: opknapt). Ien yn Bunde en ien yn Ihrhove.
En fan Ihrhove nei it Sealterlân is it in hoannestap nei it Sealterlân.
Fan Ljouwert nei Grins, fyts yn 'e trein mei. Dan fan Grins nei Ihrhove (oerstappe yn Nijskâns). En dan op 'e fyts fierder.
Sa komme jo fan terp nei Täärp, fan wei nei Wai en fan tsjerke nei Säärke.
(Ynfo: Omrop Fryslân, Oog tv, rtv Noord en Onno Falkena; foto Omrop Fryslân.)