De Fryske Rie siket in skriuwer (m/f)
De Fryske Rie is in aktive organisaasje dy’t as doel hat de kulturele kontakten mei de Friezen yn Ostfriesland en Nordfriesland te ûnderhâlden en te stypjen. De trije Fryslannen foarmje mei elkoar de Ynterfryske Rie (Interfriesische Rat). It bestjoer fan de Fryske Rie fertsjintwurdiget in brede achterban mei leden dy’t út allerhanne fermiddens fan it Fryske maatskiplike libben komme (ûnderwiis, wittenskip, media, tsjerken, boeren, ensfh.)
De Fryske Rie siket in skriuwer (sekretaris) foar trochstrings 4 oeren wyks.
* Ynhâld funksje:
- Notulen gearkomsten fersoargje en rûnstjoere.
- It meitsjen fan (jier-)ferslaggen.
- De webside byhâlde.
- Yn oerlis de korrespondinsje fersoargje.
- It stypjen fan it (deistich) bestjoer yn it ûnderhâlden fan de kontakten mei de seksjes Ost en Nord.
- It regeljen fan praktyske saken foar de bestjoersleden rûn gearkomsten en reizgjen nei Ynterfryske en oare gearkomsten.
* Dyn profyl:
- Do hast talint foar organisearjen.
- Do kinst goed oerwei mei in ferskaat oan minsken.
- Do hast in fleksibele ynstelling.
- Do behearskest it Dútsk (mûnling en skriftlik) en it Frysk goed.
- Do bist graach de spin yn it web by it stypjen fan it bestjoer.
* Wat wy biede:
- In soad selsstannigens yn in team mei entûsjaste minsken.
- Nijsgjirrige kontakten mei kollega’s yn Dútslân.
- In passende frijwilligersfergoeding.
Hast do ek in passy foar de Fryske taal en kultuer en wolst dit ek graach oerbringe yn ynternasjonaal ferbân? Dan hearre wy graach fan dy! Foar mear ynformaasje oer de funksje kinst kontakt opnimme mei Gelkje Schotanus (gelkjeschotanus@gmail.com). Yn de mail graach telefoannûmer fermelde.
Stjoer dyn sollisitaasje / belangstelling foar dizze funksje nei Jan Dijkstra (j.dijkstra@waadhoeke.nl).
Wy besykje fan 1 septimber 2024 ôf de petearen mei kandidaten te fieren.
De funksje is garandearre oant en mei 2025.