Biike empfang


Snein 18 febrewaris organisearre de Frasche Rädj - Friesenrat Sektion Nord e.V. de jierlijkse Biike Empfang. In resepsje om it tradisjonele Biikebrennen hinne, yn de Koogshalle yn Reussenköge. Om’t de Friezen ferlet hiene fan in eigen netwurkbyienkomst waard tweintich jier lyn  de earste Biike Empfang organisearre. Diz’ kear wie der ek in delegaasje út namme fan de Fryske Rie oanwêzich: Froukje de Jong-Krap, Onno Falkena, Saapke Miedema en Teun de Jong. 

Foarsitter Ilse Johanna Christiansen spesjaal wolkom wie der foar Karin Prien, sûnt juny 2022 minister fan Ûnderwiis foar de dielsteat Sleeswijk-Holstein. 

It oare spesjale wolkom wie foar de delegaasje út Westerlauwersk Fryslân. Yn it Frysk troch Marlene Christiansen. 


Nei ynliedings oer it yn Noard-Fryslân te hâlden Europeesk fuotbaltoernoai foar minderheden spriek de minister oer ûnderwiis. Neffens har is it Frysk ûnderwiis oer de dip hinne, der is ekstra jild beskikber steld foar mear Frysk learmiddels. Se wol har der foar ynspanne dat it Frysk wer wat groeie kin.