Foar it EBLT diele wy dizze útnûging: EU-ferkiezingsjûn “Fryslân yn Europa - Europa yn Fryslân” Yn ’e oanrin nei de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint op tongersdei 6 juny organisearret it EBLT op tongersdeitejûn 23 maaie in iepen petear mei de trije meast kânsrike kandidaten út Fryslân. It giet om: • listlûker Anja Haga fan de ChristenUnie, • Raquel García Hermida-Van Der Walle fan D66 • Sjoerd Wijnsma fan it CDA. As Europeesk oriïntearre organisaasjes wolle it EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum elkenien graach de kâns biede om ynformeel mei dizze trije Fryske Europeanen yn petear te gean. Wat wolle sy foar Fryslân berikke yn de EU? Hoe wolle se de kontakten mei harren kiezers ûnderhâlde? Sjoernalist Onno Falkena sil de jûn liede. Foar it EBLT binne minderheidstalen, kultuer en ûnderwiis wichtich. Tema’s dy’t yn Europa krekt wat minder heech op de politike aginda steane. Wat kinne we op dizze terreinen fan de trije Fryske kandidaten ferwachtsje? De opset fan de jûn is sa dat it publyk folop de gelegenheid kriget om fragen te stellen oan de trije gadingmakkers. Dat kin ek gean oer foar Fryslân wichtige tema’s as de Lelyline, de melkfeehâlderij of de beskerming fan de Waadsee. It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik. • Tiid: tongersdei 23 maaie, 20:00 oere • Plak: Tresoar, Boterhoek 1, Ljouwert • Tagong: fergees. Graach opjaan by it eblt@fryske-akademy.nl