Op 20 novimber (2026) is de 'Geschäftsstelle' fan de seksje East fan de Ynterfryske Rie (Friesenrat) feestlik iepene.

Tenei wurde de kontakten tusken de 'seksjes' yn Fryslân, Noardfryslân en Ostfriesland-en-omkriten yn dit kantoar koördinearre. De 'nije' burobewenners Kirsten Mahnke und Maike Beekmann sile sawol de seksje East as de Ynterfryske Rie ûnderstypje. 

De ynrjochting fan it kantoar en de beminsking dêrfan binne mooglik makke troch in rynske stipe fan de Dútske ryksoerheid.

De Fryske Rie lokwinsket de 'Eastfriezen' fan herten mei dizze boppeslach.


Op de foto's (fan Klaas Pool en Gelkje Schotanus) is de iepening sels en in 'wolkomspraatsje' fan Jan Dykstra te sjen.